oer it skriuwersboun

  • It Skriuwersboun levert in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat troch kontakten te ûnderhâlden mei organisaasjes as Tresoar en de provinsje Fryslân. Dêrneist is it Boun ûnder mear fertsjintwurdige yn it EBLT (European Bureau for Lesser-Used Languages).
  • Leden dy’t winsken, ideeën of klachten ha, kinne kontakt opnimme mei it bestjoer.
  • Twa kear yn it jier is der in ledegearkomst, dêrneist wurde temagearkomsten, lêzingen en wurkwykeinen op priemmen set. Ek binne der ferskillende wurkgroepen lykas ‘Berneboekepraat’, it ‘Literêr Sirkwy’ en foar it skriuwerswykein.
  • Trije kear yn it jier ferskynt, ûnder redaksje fan Sytske de Boer en Simon Oosting, it digitale ledeblêd De Oesdrip. Leden dy’t gjin mail ha, krije it blêd oer de post tastjoerd. Dêrneist hâldt it bestjoer de leden op ’e hichte middels de webside.

headerwa kinne lid wurde?
Lid binne (oankommende) skriuwers, oersetters, wittenskippers, leararen, sjoernalisten, publisisten, kritisy, stipers fan ’e Fryske literatuer, ensfh. It ledejild is € 25,- it jier.

it bestjoer bestiet út:
Tryntsje van der Veer – Foarsitter
Johannes Beers – Skriuwer en PR
Anne Tjerk Popkema – Algemiene funksje / interim-ponghâlder

gegevens:
Postadres: It Skriuwersboun, Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert
Mailformulier
Bankrekkennûmer NL34 RABO 0154 8469 45
KvK-nûmer 40002781