Links

Sirkwy

Sirkwy is in database dêr’t jo ynformaasje fine oer skriuwers, har wurk, wichtige saken oer literêre prizen, de nijferskynde Frysktalige titels en nijs út de literêre wrâld. de side wurdt beheard troch Tresoar.

Berneboeke-ambassadeur

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) set him of har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Dichterskollektyf RIXT

Dichterskollektyf RIXT is in breed platfoarm fan Fryske dichters. Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuële saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.

Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten.

Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum

De stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) waard oprjochte yn 1959. Yn 2002 is it FLMD opgien yn Tresoar. De stifting beheart fûnsen om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe foar de Fryske literatuer, lykas oarspronklik Frysktalich wurk en de Skriuwersarke.

It FLMD beheart trije prizen: D.A. Tammingapriis foar it bêste debút (om en om proaza en poëzij); de jierlikse ferhale- en gedichtewedstriid de Rely Jorritsmapriis en de twajierlikse Rink fan de Veldepriis foar proaza.

It doel fan de stifting is om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe kinne foar de Fryske literatuer.

Facebooktwittermail