Wolkom by it Skriuwersbûn!
It Skriuwersbûn, of It Bûn (en ek noch It Boun fansels), is in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei. Wy sette ús yn foar it ferbetterjen fan de kondysjes fan de Fryske literatuer, ûnderhâlde kontakten mei Provinsje, útjouwers en maatskiplike organisaasjes, en organisearje ferskate aktiviteiten, serieus en ûntspannend.

Aktiviteiten Skriuwersbûn
Netwurkje
Elke lêste freed fan de moanne is elkenien wolkom by de FreMiBu, de freedtemiddeisbuorrel, fan 16.30 oere ôf yn Wouters.
Neist twa kear yn it jier in ledegearkomste organisearje wy ek oare aktiviteiten ta learing en ferdivedaasje fan ús leden en oaren.
Op freed 6 febrewaris binne wy it nije jier 2026 begûn mei in smûk Wintermiel. Nei it miel wie de ynfojûn oer de essaypriis.
Belangebehertiging
Wy hawwe regelmjittich oerlis mei de Provinsje, Boeken fan Fryslân, Tresoar en oare partners yn it fjild oer it literatuerbelied en de nijste ûnjouwings.
Leden wurde belutsen by it ûntwikkeljen fan nije ideeën fia wurkgroepen. Us plan “Mear skriuwe en dus mear lêze” is ús útgongspunt foar petearen mei de polityk oer in sûn en fruchtber literêr klimaat yn Fryslân.


Bliuw op de hichte
Der bart fan alles yn de Fryske literatuerwrâld. Wichtich nijs út ús eigen feriening en relevant nijs fan oaren diele wy op ús nijspagina.
Leden krije elke wike op freed in Dripke tastjoerd, met nijs út it literêre en kulturele fjild. Ien kear yn it fearnsjier (ûngefear) wurdt der in apart ledebulletin stjoerd, dy’t wat mear yn giet op it eigen nijs en gearkomsten.
As skriuwers, dichters, publisisten en oersetters jouwe ús leden fansels sa no en dan boeken en bondels út. Kom mear te witten oer alle boeken fan leden dy’t útkomme en de auteurs achter de boeken.


