Cookieferklearing

Op de webside fan It Skriuwersboun wurde saneamde “cookies” brûkt om de webside makkeliker brûke te kinnen. Derby wurde gegevens byhâlden, sa as trochferwiizjende weblinks, datum, tiid en oare parameters, dy’t brûkt wurde foar statistyske en oare doelen. Dizze gegevens binne net werom te lieden ta in kompjûter of persoan. Cookies slaan gjin ynformaasje op oer jo namme, leeftyd, geslacht of oare gegevens.

Wat binne cookies?

Cookies binne lytse gegevensbestannen dy’t op jo kompjûter of mobyl apparaat pleatst wurde as jo in webside besykje. Cookies wurde breed brûkt troch webside-eigners om har websiden effisjinter te meitsjen en rapportaazjes te meitsjen oer it gebrûk.

Cookies ynsteld troch de eigner fan ‘e webside (yn dit gefal It Skriuwersboun) wurde “cookies fan earste partij” neamd. Cookies ynsteld troch partijen oars dan de eigner fan ‘e webside wurde “cookies fan tredden” neamd. Cookies fan tredden kinne funksjes of funksjonaliteit fan tredden op of fia de webside leverje (bgl. reklame, ynteraktive ynhâld en analytics). De partijen dy’t dizze cookies fan tredden ynstelle, kinne jo komputer werkenne as jo de webside sels en bepaalde oare websiden besykje.

Wêrom brûke wy cookies?

Wy brûke cookies fan de earste partij en fan tredden om ferskate redenen. Guon cookies binne om technyske redenen ferplicht om ús websides te betsjinjen; dit binne “essensjele” cookies. Oare cookies stelle ús ek yn steat om ús brûkers te folgjen en de ûnderfining fan besikers fan ús webside te ferbetterjen. Cookies fan tredden tsjinje foar advertinsjes, analytics en oare doelen.

De spesifike soarten cookies fan de earste partij en fan tredden dy’t op ús webside brûkt wurde en de doelen dy’t se útfiere, wurde beskreaun yn ‘e tabel hjirûnder:

Essensjele cookies: Dizze cookies binne needsaaklik om jo tsjinsten te leverjen dy’t beskikber binne fia ús webside en guon funksjes brûke te kinnen, lykas tagong ta befeiligde dielen.
Cookies foar prestaasjes en funksjonaliteit: Dizze cookies wurde brûkt om de prestaasjes en funksjonaliteit fan ús websides te ferbetterjen, mar binne net essensjeel foar it gebrûk derfan. Sûnder dizze cookies kin bepaalde funksjonaliteit (lykas fideo’s) lykwols net beskikber wêze.
Analytics-cookies:  Dizze cookies sammelje ynformaasje dy’t yn aggregeare foarm brûkt wurdt om ús te helpen te begripen hoe’t ús webside brûkt en besocht wurdt of hoe effektyf marketingkampanjes binne, of om ús te helpen ús webside foar jo oan te passen.

Hoe kin ik cookies kontrolearje?

Jo hawwe it rjocht om te besluten as jo cookies wol of net akseptearje. Jo kinne jo foarkar foar cookies oanjaan troch yn it cookieberjocht te klikken op Ja of Nee.

Jo kinne ek yn jo webbrowser ynstelle oft jo cookies akseptearje wolle of net. As jo der foar kieze om cookies ôf te wizen, kinne jo ús webside noch wol besykje, mar kin dizze kwa funksjonaliteit beheind wêze. Sjoch yn it helpmenu fan jo browsers foar mear ynformaasje.

Hoe faak wurdt dizze cookieferklearring bywurke?

Wy kinne dizze cookieferklearring fan tiid ta tiid bywurkje omt der bygelyks wat wizige is yn de cookies dy’t wy brûke of om oare operasjonele, juridyske of regeljouwende redenen. Lês dizze cookieferklearring regelmjittich opnij troch om te sjen oft der wat feroare is.

De datum boppe oan dizze cookieferklearring jout oan wannear’t dy foar it lêst bywurke is.

Wêr kin ik mear ynformaasje krije?

As jo fragen hawwe oer ús gebrûk fan cookies of oare technology, stjoer dan in e-mail nei
bestjoer@skriuwersboun.nl

Facebooktwittermail