Ferslach Transpoesie yn Gent en Brussel 17-18 septimber 2026

13-16 septimber (hinnereis)

Dat ik nei it poëzyfestival Transpoesie yn Brussel mocht, hie ik drekst in ferlechje om dêr mei de fyts hinne te gean. Ik woe lykwols net allinnich mar fytse. Nei wat stinnen, betocht ik my dat ik in âlde typmasine op myn pakjedrager meinimme soe en ûnderweis minsken oansprekke mei de fraach wat taal foar harren betsjut. It idee wie om fan de antwurden úteinlik in gedicht te skriuwen.

Sa begûn myn aventoer fjouwer dagen foardat it festival úteinsette. Op snein 13 septimber fytste ik út Jorwert wei mei Dronten as einbestimming foar dy deis. In lytse hûndert kilometer moast ik alle dagen fytse om de woansdeis yn Brussel oan te kommen. Op in buike by Urk op de earste dei nei hie ik noflik neisimmerwaar mei in ridlik geunstich wyntsje. De waargoaden laken my ta.

Mar hoe siet dat mei de poëzygoaden? Ik moat earlik bekenne dat ik de earste dei der ynkomme moast. Ik wie te betiid op ’e Lemmer op in sneintemoarn om minsken oansprekke te kinnen. Ik woe op Urk op sneintemiddei mar net minsken oansprekke (of is dat in raar foaroardiel?). Doe’t ik almar tichter by einbestimming Dronten kaam, en ik de stâl rûke koe,  naam ik my foar om de oare deis pas echt de typmasine út de koffer te heljen.

En dat haw ik dien! Under de Dom yn Utert garre ik moed om de drompel oer, mar doe’t ik ienkear myn earste foarbygonger de fraach steld hie, wie ik oer myn bleuens hinne. Der waard ferrast en entûsjast reagearre, want sa’n fraach kriget men net alle dagen. De iene moast aardich prakkesearje om ta in antwurd te kommen, de oare hie fuort in antwurd ree. De minsken hienen der bot aardichheid oan om op in typmasine te skriuwen. Dy’t dan ek nochris efterop in fyts siet. Der wienen sels minsken dy’t hoholden om nei’t de iene úttypt wie ek wat type te meien. De deis derop haw ik yn in winkelstrjitte yn Breda stien.

De twadde dei hie ik in saneamde Warmshower-host yn Lopik. Warmshowers is sokssawat as Couchsurfing mar dan foar fytsers. Hy hie der wakker aardichheid oan, mei’t er in kear mei in maat in podcast op de fyts opnommen hat, dus hy wie wol yn foar sokke gekke projekten. Hy moanne syn trije bern oan om ek foaral wat te typen.

Sa hie ik nei fjouwer dagen mear as genôch antwurden om in gedicht skriuwe te kinnen en dan moast Transpoesie noch begjinne.

Tongersdei 17 septimber (earste dei)

De earste dei, de tongersdeis, hie net plak yn Brussel, mar yn Gent.

Wy krigen in rûnlieding troch de biblioteek De Krook dat folle mear is as in biblioteek, in plak foar moeting, ûndersyk, studearje en ferskate events. Wy soenen dêr dan ek de jûns mei ús allen optrede. Mar earst teagen wy nei Poëziecentrum dat minsken faaks kenne fan de Poëziekrant dy’t se útjouwe. Se sitte yn in prachtich âld gebou yn it sintrum fan Brussel dat foar in grut part troch de oerheid stipe wurdt. Se hawwe dêr benammen in argyffunksje. In koart praatsje en efkes om ús hinne sjoen en hup wer fierder. Troch reinerich Gent rûnen wy as wienen wy op in skoalreiske nei KANTL, dat stiet foar Koninklijke Academie voor Nederlandse Taal en Letterkunde. Dêr joech prof. dr. Jacques van Keymeulen in minykolleezje oer it gebou en wat de akademy fierders docht. In ymponearjend gebou  – en dat wie krekt de bedoeling, lake de emeritus-heechlearaar. Dêrnei wie it tiid foar kofje dêr’t ik doe ek o sa oan ta wie. As arbeiders yn ’e ûngetiid slobberen wy dat gau op om’t de diskusje begûn oer oersetten, want dat wie ûnderdiel fan it tema fan dit jier. ‘Translation is treason’, it feit dat der altiten wat ferlern giet yn in oersetting, datst nea hielendal fetsje kinst wat de dichter yn de orizjinele taal bedoelde yn in oare taal en oare tûkelteammen mei oersetten kamen op it aljemint. De diskusje kantele op in gegeven stuit dat oersettings in taal, benammen in lytse taal, just in hiel soad bringt. De doar wurdt sa iepensetten foar oare kultueren en oare stimmen dy’t in taal ferrykje. Dat Shakespeare oersetten wie yn de taal sprutsen op it eilân Guernsey ferhege de status fan de taal. Boppedat binne oersetters safolste mear as allinnich mar it platte oersetten fan in tekst út de iene nei de oare taal, mar binne krekt kreëarders. En doe kaam de Oekraïnske dichteresse Daria Lysenko oan it wurd dy’t in fjurrich pleit hold dat it sa wêze mei dat in oersetting syn tekoartkommings hawwe kin, mar dat it yn it gefal fan Oekraïne no krekt sa wichtich is dát der oersettingen komme yn oare talen. Dat harren ferhaal ferteld wurdt yn oare talen. Dichters binne sjoernalisten. Dat makke yndruk op net allinnich my mar op de hiele groep.

De dei einige yn De Krook foar trije oeren foardracht. De opset wie dat organisator en (reis)gids Philip Meersman en Vanessa Daniels as oaninoarpraters by wize fan yntroduksje elke dichter in fraach as twa stelden wêrnei’t dyselde dichter sa’n acht minuten de tiid krige om fersen foar te dragen. De setlist stie yn it foar al fêst, om’t der ek Ingelsktalige oersettings oanlevere wurde moasten. Dy oersettings en de orizjinelen hawwe se per dichter keurich yn in krante bondele. Sa koe it publyk as se dat woe meilêze. It wie in lange sit, mar it wie de muoite wurdich om al dy ferskillende lûden, talen, kultueren en perspektiven te hearren.

Yn de bus werom wie it gâns stiller as de hinnereis en ik leau ek dat – nettsjinsteande de oanmoediging fan de reisgidsen – net ien nei de tiid yn Brussel noch in kroech ynstapt is.

Freed 18 septimber (twadde dei)

Dat wierskynlik elk syn/har bêd opsocht hat de tongersdeitejûns hie der grif mei te krijen dat wy freedtemoarn krekt oer achten al ferwachte waarden op in middelbere skoalle. Wy soenen in workshop jaan mei twa of trije dichters yn twa ferskillende klassen. Ik hie my oanmelden foar de wurkwinkel yn it Nederlânsk. Frysk wie der nammentlik net by. Earlik sein wist ik net rjocht wat wy ferwachtsje koenen. Ik hie wol de typmasine meinommen as attribút, koe ik de learlingen altiten noch de opdracht jaan om om bar in regel te typen om sa ta in mienskiplik gedicht te kommen.

Mar dat attribút is yn de koffer bleaun, want wy hienen ús gids Philip Meersman by ús dy’t in soad ûnderfining hat mei it jaan fan workshops en in geweldige performer is. Hy is net allinnich fan fan dadaïstyske klankfersen mar docht dat sels ek hiel goed. En dat sloech goed oan by de bern dy’t wy yn de klasse hienen. Want dy hawwe fansels in klassyk idee fan in gedicht en ek al sei net ien dat (want Belgyske bern binne o sa hoflik) sille de measten wol tocht hawwe dat it saai wêze soe. Dêr kamen se yn alle gefallen op werom nei de ein fan de les. Ek ik haw in soad leard en in nustje ideeën foar workshops krigen mocht ik dat yn ’e takomst faker dwaan.

Lit my foar de aardichheid en de ôfwikseling in foarbyld jaan. Yn it begjin fan de les waard oan ferskate learlingen frege wat harren moaiste of krekt stomste wurd is. Dat waard op it boerd skreaun. Dêrnei krigen se de opdracht om in fers te skriuwen fan seis rigels lang, dêr’t ek twa ferskillende grientes yn foarkomme moast en in platte bân. De wurden dy’t se earder jûn hienen, mochten ek opknipt wurde. Sa wienen wurden as ‘melancholie’, ‘dino/dinosaurus’, ‘pizza met hesp’, ‘ik heb geen woord’ en ‘okay’ op it boerd kommen. Yn in kertier moast der in fers op papier komme. Der sieten pronkjes by, kin ik jimme sizze. Hjirby myntes:

ik heb geen woord voor pizza met hesp
noch voor okay, dino’s of melancholie
ze zijn mij vreemd ze zijn onvertaalbaar
net zoals sla, rodekool en een platte band
maar neem pizz, ok, din en cholie
sl, ool en teband en je hebt me

Ja, jim lêze it goed, ik haw in fers yn it Nederlânsk skreaun. Philip en Vanessa moasten my derop attindearje, oars hie ik it my net iens realisearre. De hiele omjouwing wie sa Nederlânsktalich dat ik der net iens oer prakkisearre haw om it yn it Frysk te skriuwen. Sa sjochst mar wer dat sels de grutste purist te beynfloedzjen is.

Nettsjinsteande haw ik wol yn it Frysk eigen wurk foarlêzen en it ien en oar ferteld oer de provinsje yn it noarden fan Nederlân. Yn it kofjeskoft waard ik yn de leararekeamer noch oansketten troch in learares dy’t myn boek (fan de weromstuit net iens frege hokker) in kear kocht hie om’t se fertelt oer it Frysk as Germaanske taal en dêrom dy taal ris neier besjen woe. Wat in tafal dat dan de dichter by it kofje-apparaat op jins skoalle stiet. En wa seit datst mei it Frysk net de grins oer kinst?

Nei it middeisskoft op nei de Royal Galleries dêr’t wy op oanfraach fan passanten gedichten skriuwe soenen. Wy sieten noflik op it terras en guon fan de organisaasje soenen dêrby minsken oansprekke om by ús sitten te gean. Ik woe dêr de typmasine by brûke, ik makke wakker yndruk op sawol myn kollega-dichters as passanten. Neat wêze en neat lykje is twa kear neat, no.

As ôfsluter waarden wy ferwachte by de Eastenrykse ambassade foar in neisit. In noflike gearsit mei in hapke en in drankje. Mar dichters binne dichters en guon woenen noch wol in drankje, dus wêr better om echt ôf te sluten as yn in Ierske pub mei de namme James Joyce.

It ferriket in minske sawisa om oare talen en kultueren te moetsjen, dêrby haw ik in soad ynspiraasje opdien en ek wurk ûntdutsen fan myn kollega-dichters om oer te setten. Sa’n poëzyfestival resonearret dêrmei noch lang nei ek al wie ik mei de fyts yn de trein de sneins gau thús.

Hjirûnder as ôfsluter it fers dêr’t ik mei selektearre wie om as Fryske ôffurdige nei Transpoesie ôf te reizgjen:

hjir op ’e klaai

de boaiem hjir op de klaai
klinkt oars as de earste stappen
dy’t ik sette op de sângrûn
fan de Dokkumer Wâlden
it is net dat myn stappen
grutter binne mar swierder
de grûn lûkt hjir oan de fuotten
it wol my op dit stee hâlde
my fertelle fan de striid
tsjin god, it geweld en de see
wylst de lichte sângrûn
it goed mei dy mient
mar ast ienkear fuort bist
dy net wer werom hawwe wol
it is no oan my om te aardzjen
hjir op ’e klaai
in hûs te bouwen en te harkjen
om te begripen hoe’t it it lân derhinne leit
dan kin ik stjerre
en klink ik itselde as de boaiem

Facebooktwittermail

Geart Tigchelaar mei typmasine op de fyts nei Brussel

Geart Tigchelaar (1987) stapt op 13 septimber op de fyts om ôf te reizgjen nei it Transpoesie Festival yn Brussel. Op syn pakjedrager hat er in âlde typmasine om foarbygongers te freegjen om op te skriuwen wat taal foar harren betsjut.

Dy fraach slút oan by it tema fan it poëzyfestival dit jier: ‘Where voices meet’. It festival stiet dêrmei yn teken fan taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.

Fan de antwurden dy’t minsken tikke op de masine wol Tigchelaar in gedicht skriuwe dat meiertiid publisearre wurdt.

Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. Der trede in lytse tweintich dichter út Europa op yn ferskate (minderheids)talen. It Skriuwersbûn selektearret alle jierren in Fryske dichter as fertsjintwurdiger.

De dielname fan Geart Tigchelaar oan Transpoesie 2026 wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, dichterskollektyf RIXT en it Jan Roelof Geertsmafûns.

Facebooktwittermail

Simmerkuier

Wurden yn beweging

Op sneon 12 septimber, as de neisimmer sêft oer de stêd leit, sille wy om 11.00 oere by Tresoar op paad foar in poëtyske kuier troch de binnenstêd fan Ljouwert. Under de lieding fan Jan Hendrik Woudstra litte wy ús liede troch gedichten dy’t tusken gevels, stiennen en grêften troch flústerje — in kuier dêr’t taal en stêd elkoar fine.

By foldwaande opjeften slute wy de kuier ôf mei in gesellige picknick yn ‘e Prinsetún.  Kinst of wolst net meirinne? Allinnich mei-ite kin ek! Kom dan om 13.00 oere nei de Prinsetún. By opjefte krijst te hearren wêr’tst ús fine kinst.

Folje it formulier hjir yn of mail ús op: ynfo@skriuwersbun.frl (dieetwinsken graach ek even trochjaan)

Gratis foar leden, net-leden betelje 5 euro foar de kuier en 5 euro foar de picknick.

Facebooktwittermail

Winners Essaypriis bekendmakke

Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol. De trije finalisten, Anna Bilker, Josephine Wernsen en Tamara Feddema, liezen dêrnei harren essays foar. Fan de trije essays, oer grammatika en ûnregelmjittige tiidwurden, it lûd fan mychhimmels en de rauwe needsaak fan it skriuwen sels, kaam úteinlik dat fan Tamara Feddema as winner út de bus. Sy wûn de 500 euro. De bekendmakking waard dien troch it presintearjen fan de nijste Ensafh., dêr’t Tamara foar op it omkaft stiet.

(foto: Sjieuwe Borger)

De winnende essays en it sjueryrapport binne nei te lêzen yn de nije Ensafh., dy’t te keap is fia de eigen website of yn de Afûk-winkel.

Facebooktwittermail

Utrikking Fryske Essaypriis

Op tongersdeitejûn 18 juny is yn De Bres de útrikking fan de Fryske Essaypriis. De top-3 sil harren essays foarlêze en nei it foarlêzen fan it sjueryrapport wurdt dan einlings de winner bekend. De jûn wurdt ekstra feestlik mei muzyk fan Bennie Huisman. De sjuery, besteande út Abe de Vries, Jelma Knol en Doeke Sijens, hat mei nocht de 20 ynstjoerings lêzen en dêrút in kar meitsje kinnen. De winnende essays wurde publisearre yn de nijste Ensafh.

De jûn is fergees tagonklik. Konsumpsjes binne foar eigen kosten (leafst pin/digitaal). Wa’t de essays rêstich lêze wol, moat alhiel de beurs/telefoan meinimme, want op de jûn is net allinnich de nijste Ensafh. mei de winnende essays te keap, mar ek hawwe wy yn de seal noch in tafel fol moaie essaybondels en ek oare boeken. De ynrin is fan 19.30 oere ôf. It programma sil begjinne om 20.00 oere en rint oant 22.00-22.30 oere.

Wy hoopje sa folle mooglik fan jimme te sjen!

De jûn wurdt mei mooglik makke troch Tresoar, it Cultuurfonds en it Fûns Fryslân.

Facebooktwittermail

20….

Hope, mar net ferwachte… Wat in moai resultaat! De sjuery hat kar út 20 essays en wy binne benijd nei harren oardiel.

Wy hâlde jimme op de hichte oer 18 juny!

Facebooktwittermail

IEPEN CALL – Wa wurdt de nije Fryske Transpoesie Dichter?!

Transpoesie is in ynternasjonaal evenemint yn Brussel, dêr’t ferskate dichters fan ferskate (minderheids)taalgebieten by inoar komme. It is in prachtich plak om dy as dichter te ûntwikkeljen, troch mei te dwaan oan skriuwsesjes, fan inoar te learen, te netwurkjen en mei inoar in fantastyske foardracht del te setten. En fansels it Frysk mear op de kaart te setten. Dyn gedicht sil te sjen wêze op de webside fan Transpoesie en sil dêr ek útstald wurde.

It tema dit jier is topofony fan in oersetber Europa. We freegje dy dus in gedicht te skriuwen mei dit tema. Ek freegje we ofst sels in Ingelske oersetting meitsje kinst, dêr’t de betsjutting fan dyn oarsponklike tekst bestean bliuwt. Fierder ûntfange we in motivaasje fan dy oer watst as dichter noch ûntwikkelje wolst en in biografy, dy’t ek yn it Ingelsk oerset is.

It Skriuwersbûn hat in fêst bedrach om dizze nije Fryske Tanspoesie Dichter yn ’e mjitte te kommen by de kosten fan it ferfier en ferbliuw. Dyn inskriuwing wurdt foar dy betelle. Mis dizze kâns dus net!

Oanmelde graach foar 30 maart mei in gedicht (fansels kinst ek mear ynformaasje opfreegje): ynfo@skriuwersbun.frl

Mear oer Transpoesie is te lêzen op www.transpoesie.eu

Update: it ûnderwerp is krekt wat feroare. Ek hawwe wy wat mear ynformaasje krigen as útlis. Dat is hjir te lêzen!

Facebooktwittermail

Lara wie nei… in boekpresintaasje

Geller – Gabriëlle Terpstra – 10 novimber 2025

It miezere wat en it wie roettsjuster doe’t ik parkearre by in grut sportkomplex. Myn TomTom sei dat it hjir wêze moast en hold dermei op. En no? Ik skille myn man, dy’t my op it hert drukte dat ik dochs echt dy ûnhuerige boskjes yn moast.

Unwis sette ik in stap. En noch ien en noch ien. Der wie neat te sjen, neat te hearren, neat dat wize koe op it rjochte paad. Op ien aaklike fytser nei, dy’t noch op my ta fytste ek! ”Mag ik wat vragen? Is dit de weg naar de schrijvers?” frege er my. Yn it felle ljocht fan syn fytslampe bliek it Jan Schotanus te wêzen! Ferromme rûnen we tegearre yn it Frysk fierder. It ûnwisse paad by del.

Lytse ljochtsjes wizen ús der úteinlik op dat we goed sieten. Teminste, dat tocht ik. Oant we by de yngong kamen. Ja, Gabriëlle stie der wol foar en ja, Arjan Hut wie der ek al, mar hjir koenen dochs mar fjouwer minsken yn? Ik frege me ôf oft dit no wol sa’n handich plak wie. Ik stapte de tinte yn. In mearke gelyk! As mocht ik yn in echte Harry Potter-tinte, sa’nien dy’t fan binnen folle grutter is, ast fan bûten sjen kinst! Net allinnich in handich plak, mar in plak dêr’t famkesdreamen nachts samar ûnferwachte útkomme koenen.

Op dizze joere hjerstjûne, yn ’e wigwam fan Asgaard, siet, sa as presintator Arjan Hut it sei, de top fan de Fryske literatuer by inoar. Nimmen minder as Elmar Kuiper droech in koart ferhaal foar. En Sipke de Schiffart, dy’t it boek yn it foar lêze mocht, wie der ek. Hille fan útjouwerij De Ryp fertelde oer de gearwurking en ek Bert de Vries, dy’t it earste eksimplaar krige, fertelde oer syn paad mei Gabriëlle en dit bysûndere boek, der’t hy de earste redaksje op loslitte mocht. Martsje de Jong wie de haadredakteur. No, dan witte je it wol! In boek fol grutte nammen, dêr’t de lytse Geller yn grut wurde mocht. En dat mei dit boek, grut wurde. Sa as meardere minsken dy jûn al seinen: it is in boek dat wy noch net hienen yn de Fryske literatuer. En dus is it in boek dat wy mist hawwe!

Op Instagram? Sjoch dan dit filmke fan de presintaasje. It boek is te keap yn ‘e serieuze boekhannel, mar ek online te bestellen.

Facebooktwittermail

Lara wie nei… De Fryske Wederopstanding Show

Us bestjoerslid Lara giet der graach op út. Om har ûnderfinings en mieningen te dielen, skriuwt se dêr in ferslachje fan. Dus, op ús nijspagina no ek regelmjittich berjochten fan ús Razende Reporter! We rinne in bytsje achter, mar dit is ek in leuke manier om werom te sjen op de literêre aktiviteiten fan it ôfrûne jier!

Nei de Deade Dichter Dagen wiene op 9 novimber einlings de Fryske deade dichteressen oan bar. Yn Podium Explore presintearren Jaimy Hendriks en Tialda Hoogeveen in bysûndere jûne. Fjouwer ‘literêre stimmen’ fertolken Tsjits Peanstra, Tiny Mulder, Aggie van der Meer en Baukje Wytsma. By alle dichteressen waard in koarte biografy jûn, mei de wichtichste tema’s en hoe’t dy yn de tiid logysk of krekt net wienen.

Kim Jelsma (fan Noordwoord) trape ôf mei gedichten fan Baukje Wytsma. Spitigernôch siet myn oant no ta leafste gedicht fan har der net by, mar dat wat der wol wie, wie ek tige de muoite wurdich! Sigrid Kingma hie Tiny Mulder ûnder de loep nommen. En Sigrid soe Sigrid net wêze as se dêr net in hiele stúdzje fan makke hie. Of faaks wist se it allegearre al. Dat soe ek samar kinne.

Nei it skoft wie Thom Boonstra oan bar, mei gedichten fan Tsjits Peanstra. En we sluten de jûn dûnserich ôf mei de prachtige foardrachtstimme fan Aggie Meijer, dy’t fansels nimmen oars kieze koe as har nammegenoat: Aggie van der Meer. By de neisit betochten we mei inoar hoefolle grutter we it ferfolch fan dit wichtige evenemint meitsje koenen. Dy literêre tongtút, dêr’t Explore the North sa moai oer skreau, smakke nei mear!

Ik wol dochs noch even it gedicht fan Baukje Wytsma diele…

Alde Leafde

Der wiene dagen dat de leafde
ús dwyl en oerémis makke,
ús hannen sykjend, ús mûlen waarm,
fjoer wie it, lôgjend fjoer.

Leafste, wit dat wy dat wiene.

Der wiene dagen dat ûnwennigens
ús bange hert ferstienne,
gjin wurden mear, iiskâld, allinne,
fertwifele, alhiel oerstjoer.

Leafste, wit dat wy dat wiene.

Der komme dagen dat de leafde,
dy’t wy net mear betinke kinne,
genôch wie foar in hiel bestean,
oant nei ús dea, it giet net oer.

Leafste, wit dat wy dit binne.

Facebooktwittermail