Wolkom by It Skriuwersbûn

Wolkom by it Skriuwersbûn!

It Skriuwersbûn, of It Bûn (en ek noch It Boun fansels), is in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei. Wy sette ús yn foar it ferbetterjen fan de kondysjes fan de Fryske literatuer, ûnderhâlde kontakten mei Provinsje, útjouwers en maatskiplike organisaasjes, en organisearje ferskate aktiviteiten, serieus en ûntspannend.

Aktiviteiten Skriuwersbûn

Netwurkje

Elke lêste freed fan de moanne is elkenien wolkom by de FreMiBu, de freedtemiddeisbuorrel, fan 16.30 oere ôf yn Wouters.

Neist twa kear yn it jier in ledegearkomste organisearje wy ek oare aktiviteiten ta learing en ferdivedaasje fan ús leden en oaren.

Ein 2023 waard wer in smûk Skriuwerswykein organisearre. Op 8-9 febrewaris 2025 stiet it folgjende wykein op it aljemint. Mear nijs oer it programma folget nei de simmer.

Belangebehartiging

Wy hawwe regelmjittich oerlis mei de Provinsje, Boeken fan Fryslân, Tresoar en oare partners yn it fjild oer it literatuerbelied en de nijste ûnjouwings.

Leden wurde belutsen by it ûntwikkeljen fan nije ideeën fia wurkgroepen. Sa waard yn 2022 in Plan oer honorearring en promoasje skreaun. It hjirop basearre nije plan “Mear skriuwe en dus mear lêze” is op 12 juny 2024 presintearre oan de polityk.

Ek binne der yn maaie 2024 wer oanrikkemandaasjes dien foar in Fryske winner fan de P.C. Hooftpriis foar proaza yn 2025.

Workshop spannende ferhalen skriuwe mei Erik Betten
Skriuwerswykein 2023 – workshop Spannende ferhalen skriuwe mei Erik Betten
Steatemerk maaie 2024 – prate oer de literatuer mei steateleden

Bliuw op de hichte

Der bart fan alles yn de Fryske literatuerwrâld. Wichtich nijs út ús eigen feriening en relevant nijs fan oaren diele wy op ús nijspagina.

Leden krije elke wike op freed in Dripke tastjoerd, met nijs út it literêre en kulturele fjild. Ien kear yn it fearnsjier (ûngefear) wurdt der in apart ledebulletin stjoerd, dy’t wat mear yn giet op it eigen nijs en gearkomsten.

As skriuwers, dichters, publisisten en oersetters jouwe ús leden fansels sa no en dan boeken en bondels út. Kom mear te witten oer alle boeken fan leden dy’t útkomme en de auteurs achter de boeken.

Sipke de Schiffart – ien fan de winners fan de Rely Jorritsmapriis 2022  
Facebooktwittermail