Oer it Bûn

 

It Skriuwersbûn is in feriening fan Fryske skriuwers, dichters, oersetters, publisisten en minsken dy’t de Fryske skriuwerij tagedien binne.

It Bûn leveret in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat en behertiget de belangen fan auteurs yn it Frysk troch kontakten te ûnderhâlden mei in ferskaat oan organisaasjes, sa as Tresoar, Boeken fan Fryslân, Fryske Akademy, útjouwers, de Rie fan de Fryske Beweging en de Provinsje Fryslân. 

It fyftichjierrich jubileumfeest fan it Bûn yn Hotel Oostergo te Grou yn 2019

Twa kear yn it jier is der in ledegearkomste, fierders wurde der temagearkomsten en oare aktiviteiten organisearre. Leden wurde belutsen by it ûntwikkeljen fan nije ideeën fia wurkgroepen.

Om lid te wurden, kinne jo in e-mail stjoere oan it bestjoer.

​Lid binne (oankommende) skriuwers, oersetters, wittenskippers, leararen, sjoernalisten, publisisten, kritisy, stipers fan ’e Fryske literatuer, ensfh. It ledejild is € 40,- it jier (leden mei in minimumynkommen betelje heal jild).

Mear ynformaasje oer en fan it Skriuwersboun – lykas brieven oan ynstânsjes, plannen, jierferslaggen en oare wichtige dokuminten – is hjir te finen.

Stipe
It Skriuwersbûn kin bestean tanksij de kontribúsje fan leden, subsydzje fan de Provinsje en bydragen fan stipers. Drage jo de Fryske literatuer in waarm hert ta? Stypje ús dan mei in jefte. Wy brûke jo bydrage foar it ûntwikkelen en útfieren fan ús projekten.

It Skriuwersboun
NL34RABO0154846945
Ljouwert

Jubileumboek

Nearnewâld – Ta eare fan it 50-jierrrich bestean fan it Skriuwersboun útbrocht

Kontakt
It bestjoer bestiet op ’t heden út:
Willem Verf – foarsitter
Jan Hendrik Woudstra – ponghâlder
Ammerins Moss-de Boer – sekretaris/skriuwer

Wy hawwe no dus twa fakatueres foar algemien bestjoerslid! 

Kom yn ‘e kunde mei it bestjoer!


Email:
bestjoer@skriuwersboun.nl

Papieren post kin nei:
Ingelumerdyk 20, 9045 RD Bitgummole

 

Wichtige dokuminten

 

Facebooktwittermail