In moanne foardat de provinsjale ferkiezings plakfine grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei fiif listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbelied dat krektlyn ferskynde, is de literatuer behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle wy de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.
Ommers, wat is de Fryske taal sûnder in bloeiende literatuer?
Op 14 febrewaris ferwolkomje wy jimme om 18:30 oere mei sop en bôle yn Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert) en om 19:30 oere set it program útein. Elkenien is wolkom en tagong is fergees. Mei it each op de ketering wol graach opjaan foar 7 febrewaris by bestjoer@skriuwersboun.nl
Programma
- Listlûkers Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks)
- Fragen en diskusje mei it publyk (petearlieder Willem Verf)
- Foardrachten fan Elske Kampen en Lida Dykstra
- Kollum fan Douwe Kootstra
- Muzyk fan Rob Faltin en Truus de Vries
- Neisit mei in hapke en in drankje