De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t meidertiid by Utjouwerij Hispel útjûn wurdt.
Aarhus wie yn 2017 kulturele haadstêd, lykas Ljouwert ferline jier. Om dy reden hat de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ôfrûne simmer in lytse wike yn Ljouwert taholden. Dy gearwurking wurdt trochsetten, trochdat de fjouwer dichters útnûge binne troch Aarhus Litteraturcenter om nei Denemarken te kommen. Teffens is der in optreden regele by Poesiens Hus yn Kopenhagen. Fierders sille de fjouwer Fryske dichters yn ’e wike dat se yn Denemarken binne wurk oersette fan fjouwer Deenske dichters.
De útwikseling yn maart kriget yn 2020 in ferfolch, mei’t dan de tredde edysje holden wurdt fan it Aarhusiaanske ynternasjonale literatuerfestival: LiteratureXchange. Dy kear steane lytse talen en minderheidstalen sintraal en sil de dichtbondel, dêr’t yn maart in begjin mei makke wurdt, presintearre wurde.