Bouquetreeks komt mei in Frysk diel

Yn gearwurking mei HarperCollins komt Utjouwerij Regaad fan ’t maitiid mei in Frysk diel yn de populêre Bouquetreeks: Leafde yn Ljouwert.
It ferhaal is spesjaal foar de gelegenheid skreaun troch Fleur van Ingen (pseudonym), de iennige Nederlânske Bouquet-auteur – dy’t yn Fryslân blykt te wenjen. It orizjineel is skreaun yn it Nederlânsk en dêrnei oerset troch Martsje de Jong, dy’t al earder oersettings foar Regaad makke hat. It is foar it earst dat in Bouquetreeks-diel yn it Frysk ferskynt.
Yn it ferhaal bedarret in meiwurkster fan Hotel Stadhouderlijk Hof hookstrooks yn in tumultueuze relaasje mei in tycoon op it mêd fan Fryske hynders, dy’t boppedat nochal wat spûken út it eigen ferline te ferjeien hat.
It boekje sil mids april op alle plakken te keap wêze dêr’t dielen fan de Bouquetreeks normaalwei te krijen binne, lykas supermerken, tankstasjons en boekhannels.
Utjouwerij Regaad wol mei eigensinnige en orizjinele oersetprojekten it lêzen fan it Frysk befoarderje.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *