Op 6 novimber 2020 organisearret de Fryske Akademy yn Ljouwert de 3e Dei fan ’e Fryske Letterkunde, diskear yn gearwurking mei Tresoar. Hja binne op ‘e syk nei nijsgjirrige sprekkers!
Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier lyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande organisearje Tresoar en de Fryske Akademy in kongres oer it tema Befrijing yn ‘e Fryske Literatuer. It kongres wurdt op freed 6 novimber 2020 holden by Tresoar yn Ljouwert, de stêd dy’t sûnt dit jier de titel UNESCO City of Literature hat. De fiertalen binne Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Ingelsk.
It leafst ûntfangt de organisaasje útstellen dy’t passe by it tema, mar oare nijsgjirrige útstellen binne ek wolkom.
Minsken wurde útnûge om foar 1 july in útstel foar in lêzing (heal A4, maksimaal 1A4) op te stjoeren nei:
Meindert Reitsma: Meindert.Reitsma@tresoar.nl
Eric Hoekstra: ehoekstra@fryske-akademy.nl