Byienkomste Oersetterswurkgroep
Dit jier wolle wy graach mei de oersetterswurkgroep sjen nei it proses fan oersettings nei en út it Frysk wei. Hoe sit it mei de subsydzjes, hoe kinst in (bûtenlânske) útjouwer fine foar in oersetting, ensfh. Wat binne de tûkelteammen en hoe soene wy dy oplosse kinne?
Om dit goed yn kaart te krijen, wolle wy graach in ferkennend petear organisearje op 23 maart om 20.00 oere. Wa’t graach meiprate wol, kin har opjaan by it bestjoer.
Skriuwerswykein
It Skriuwersboun sil op 14, 15 en 16 oktober in Skriuwerswykein organisearje. It sil holden wurde yn “Nieuw Allardsoog”, Jarig van der Wielenwei, Bakkefean. Dizze prachtige lokaasje leit op de grins fan bosk, heide en dunen! Yn de hjerst is it dêr op syn moaist!
It programma is noch net hielendal fêstlein mar sjocht der no sa út:
Freedtejûn 14-10
Gearkomst dêr’t Brian McGilloway út Noard-Ierlân gast is. Hy is in súkses-auteur yn it Angelsaksysk taalgebiet. Syn meast resinte boek, “The Last Crossing” is dan krekt ferskynd yn it Frysk. Prate oer syn wurk, syn bining mei Nothern Ireland, mei wat reden as er de ferwurking fan de ‘troubles’ yn syn skriuwen in plak jout, wêrom at er sa flot tastimming joech foar in Fryske oersetting, it foarlêzen fan pakkende passaazjes sawol yn it Ingelsk as yn it Frysk, fragen stelle oan Brian en oan de oersetster, hin en wer prate oer identiteit en skeinde identiteit, wêrom hechtet men oan jins regio ensafuorthinne…
Sneon 15-10
Moarns in gearkomst mei minsken fan de Provinsje en relevante organisaasjes en fûnsen, dy’t mei help fan power-points en hand-outs fertelle oer de mooglikheden foar skriuwers en útjouwers om finansjele stipe te krijen by it skriuwen, oersetten, útjaan en yn de merke setten fan Frysk literêr en oar skreaun wurk. Fragen stelle, meimekoar neitinke oer wat der goed is oan dizze mooglikheden, wat der oan ûntbrekt ensfh.
Nei de lunsj in kuiertocht mei in Boskwachter fan it Gea troch Bosk en iepen Fjild.
Dêrnei in gearkomst spesjaal oer de Fryske berneliteratuer (mei de klam op oarspronklik wurk), ûnderfinings fan Lida Dijkstra as berneboek ambassadeur, petear oer hoe’t wy soargje foar trochgeande produksje, útliening en ferkeap, yn oanwêzigens fan gasten út it Biblioteek-fermidden en fan de Afûk
De jûns is der in Skriuwersmiel mei aperityf, trije gongen en kofje; folge troch in Bûnte jûn!
Sneintemoarn 16-10
“Ik mei net oer gedonder, mar ik kin der ek net sonder…”
Lêzing mei ljochtbylden oer libben en wurk fan Trinus Riemersma, troch Doeke Sijens, kollega-skriuwer en foarsitter fan de stifting FLMD. Trinus hie in bysûnder en nijsgjirrich oeuvre en keas in unyk paad yn it Fryske literêre libben. Yn hoefier is ‘Trinus’ noch rolmodel en ynspirator foar Fryske skriuwers fan no?
Lunsj en ôfskie
Op Toer troch Feanwâlden
Ofrûne sneon 3 july hawwe wy ûnder lieding fan Douwe Kootstra in prachtige kuier makke troch Feanwâlden. Mei in dikke tsien kuierders krigen wy oan de foet fan de toer fan de Skierstins earst in koarte yntroduksje oer de stins sels en de histoarje fan it doarp. Dat makke al tige nijsgjirrich!
Nei in bakje kofje en in stikje oranjekoeke setten wy ôf. By ferskate adressen hâlde Douwe eefkes skoft foar in anekdoate oer of om in lyts stikje foar te lêzen út it wurk fan de skriuwer dy’t dêr wenne. Fansels wie der ek oan natuer en arsjitektuer ek genôch moais te sjen; fan it nije (fansels noch wat keale) Spoorpark, by it Foarpaad del oan’t Prysterikker achter it doarp – en fansels de prachtige tsjerke, Petit Sans Souci en it Hûs Patrimoanium.
Douwe hat in grut oantal skriuwers en pommeranten persoanlik kend, en dat smyt fansels aardige ferhalen op, oer Theun de Vries en de boekjes foar skoalle dy’t er ophelje moast út Amsterdam of oer Freark Dam en de ôfwask. Ûnderweis kamen wy sels in oantal fan de minsken tsjin wêr’t Douwe in moai ferhaal oer hie, en ta ús ferrassing kaam Sander Terphuis krekt oanrinnen doe’t wy werom by de Skierstins krekt ús sop en broadsjes op hienen. (Syn boek “De worstelaar” is waarm oanrekommandeare!)
It waar siet ús fansels tige mei! It wie yn elts gefal wat om nochris op in oar plak te dwaan, dus wa wit!
Skriuwersbûn Simmerkuier op sneon 3 july 2021
De wrâld giet eltse dei fierder iepen en dat betsjut dat wy ek, binnen de regels, wer wat mear tegearre dwaan kinne.
Wy wolle jimme graach útnoegje foar ús Simmerkuier op sneon 3 july. Under lieding fan ferhaleferteller Douwe Kootstra wolle wy in literêre omgong meitsje troch Feanwâlden.
Ynrin, mei kofje en wat lekkers, is by de Skierstins om healwei alven, en dan sette wy útein – om ien oere binnen wy werom by de Skierstins, wêr’t dan broadsjes en in bakje sop op ús wachtsje (ek fegetarysk).
Omdat wy ús wol oan de koroanaregels hâlde wolle, kinne der maks. 30 minsken mei. Oanhing fan leden binne ek wolkom.
De Skierstins is 5 minuten rinnen fan it stasjon, en hat in eigen parkearterrein.
Opjaan kin foar 1 july fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl
Jubileumboek + feest
Om it 50-jierrige bestean fan it Skriuwersboun te fieren ha we ús leden fregen om in ferhaal yn te stjoeren foar in jubileumboek. 43 fan ús leden ha in stikje ynstjoerd en dy ha wy omfoarme ta in machtich moai boek: Nearnewâld. De ferhalen binne ynspirearre op de tekening dy’t Laurens Bontes foar ús makke hat.
It boek is no hast klear, en dat moat fansels fierd wurde. Op 14 novimber sille wy it boek presintearje yn Hotel Restaurant Oostergoo te Grou (www.oostergoo.nl). De presintaasje sil om 20.00 oere begjinne mei ûnder oare in praatsje fan útjouwer Jitske Kingma. Dêrnei is de dûnsflier iepen.
Elkenien is wolkom te kommen en minsken mei te nimmen (the more, the merrier). Graach foar 3 novimber by ús opjaan (bestjoer@skriuwersboun.nl), sadat we in yndikaasje ha hoefolle minsken komme sille.
Tinktank oer Ljouwert UNESCO City of Literature op 10 maaie om 16:00 oere
Op 25 april wie de twadde gearkomste oangeande it sammeljen fan ideeën foar it kommen ta de oanfraach foar Ljouwert UNESCO City of Literature. Alle ynformaasje foar it bidbook moat 1 juny by inoar brocht wêze en op 30 juny sil it bidbook ynstjoerd wurde. By beide gearkomsten hawwe bestjoersleden fan It Skriuwersboun west. Wy binne troch de koördinator Ernst Bruinsma nûge mei te tinken oer twa konkrete fragen:
- It ynrjochtsjen fan in Skriuwersresidinsje (ek foar ynternasjonale skriuwers)
- Hoe kinne wy de literatuer letterlik mear sichtber meitsje
Wy wolle dat dwaan fia in Tinktank op freed 10 maaie fan 16-18 oere yn Tresoar (Gysbert Japicxseal) en tidigje op jimme komst!