Om it 50-jierrige bestean fan it Skriuwersboun te fieren ha we ús leden fregen om in ferhaal yn te stjoeren foar in jubileumboek. 43 fan ús leden ha in stikje ynstjoerd en dy ha wy omfoarme ta in machtich moai boek: Nearnewâld. De ferhalen binne ynspirearre op de tekening dy’t Laurens Bontes foar ús makke hat.
It boek is no hast klear, en dat moat fansels fierd wurde. Op 14 novimber sille wy it boek presintearje yn Hotel Restaurant Oostergoo te Grou (www.oostergoo.nl). De presintaasje sil om 20.00 oere begjinne mei ûnder oare in praatsje fan útjouwer Jitske Kingma. Dêrnei is de dûnsflier iepen.
Elkenien is wolkom te kommen en minsken mei te nimmen (the more, the merrier). Graach foar 3 novimber by ús opjaan (bestjoer@skriuwersboun.nl), sadat we in yndikaasje ha hoefolle minsken komme sille.
Op 25 april wie de twadde gearkomste oangeande it sammeljen fan ideeën foar it kommen ta de oanfraach foar Ljouwert UNESCO City of Literature. Alle ynformaasje foar it bidbook moat 1 juny by inoar brocht wêze en op 30 juny sil it bidbook ynstjoerd wurde. By beide gearkomsten hawwe bestjoersleden fan It Skriuwersboun west. Wy binne troch de koördinator Ernst Bruinsma nûge mei te tinken oer twa konkrete fragen:
It ynrjochtsjen fan in Skriuwersresidinsje (ek foar ynternasjonale skriuwers)
Hoe kinne wy de literatuer letterlik mear sichtber meitsje
Wy wolle dat dwaan fia in Tinktank op freed 10 maaie fan 16-18 oere yn Tresoar (Gysbert Japicxseal) en tidigje op jimme komst!
Wy wolle graach in ferfolch jaan oan de foarige Tintank Proaza fan 1 febrewaris 2019. It risseltaat fan dy Tinktank wie in lange list mei tema’s/oandachtspunten (sjoch ferslach Tintank Proaza dat earder omstjoerd is). Wy wolle no besykje út dy lange list in tal te behappen prioriteiten te heljen, leafst mei al sa konkreet mooglike stappen dêroan ferbûn. Dat om derfoar te soargjen dat de Wurkgroep Proaza earst oan de slach kin mei dy dingen dy’t we mei ús allen it wichtichst fine. It soe dan ek moai wêze as dy wurkgroep út mear as twa persoanen bestiet.
Graach sjogge wy jimme man- en froumachtich op 12 april yn Tresoar om 16:00 oere.
Mannich en frouwich dichter hawwe yn it kulturele haadjier op ’e planken stien. It Frysk proaza is lykwols oan ’e krapperein kommen, fine wy as bestjoer en dat hearre wy ek rûnom fan oaren. Dêr soenen wy graach wat oan dwaan wolle en om dy reden woenen wy it op de folgjende Tinktank-byienkomst oer proaza hawwe wolle en wat wy der mei ús allen oan dwaan kinne om Frysk proaza mear op ’e kaart te setten, skriuwers te ferbinen en in oantrún jaan te kinnen om te kommen ta nij wurk. Want it moat net sa wêze dat Frysk proaza sa yn ‘e nederklits rekket dat it oan ‘e prozac moat!
De middei is bedoeld om dêroer te breinstoarmjen, wy as bestjoer hawwe it idee om in Proazawurkgroep yn it libben te roppen, lykas de Oersetterswurkgroep en de Toanielwurkgroep. De fraach is earst oft der ferlet is fan sa’n Proazawurkgroep dêr’t in espeltsje minsken aktyf oan meidwaan wolle.
De Tinktank is op 1 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar (de Obe Postma-seal).
Op 8 desimber waard it jierlikse Skriuwersmiel holden yn de boppeseal fan Kafee Marktzicht yn Drachten.
Nei in wolkomstwurd, harken in lytse tweintich skriuwers, dichters en gasten nei Anne Graswinckel, earder ferbûn oan Tryater en no oan Lân fan Taal. Sy fertelde ús oer de ferbining fan Taal, Keunst en Kultuer en har missy de ôfrûne tiid yn ’e oanrin nei LF2018.
Har boadskip is dat eins it byldzjende ferdwûn is en dat wy yn it ûnderwiis en de ûntjouwing fan bern derfoar weitsje moatte dat dêr dochs plak foar is, mei’t it sa wichtich is.
De begjinrigel ‘Er was eens…’ is dreech foar bern en freget om in oare rûte. Sa as ‘Er was eens een idee’, om dêrnei te kommen ta in ferdjippingsslach, mei bygelyks kleur en dan pas in foarm te kiezen om der fierder mei te boartsjen. Sa siket elts ferhaal in eigen fertelwize. Sy hat skoallen besocht, mei direkteuren en bestjoeren praten om op dat mêd oan edukaasje te dwaan. Der kin yn it ûnderwiis yn Fryslân noch in soad ferbettere wurde. Sy toande twa boeken dy’t sy yn dit ferbân útbrocht.
Anne brocht har ferhaal fol oertsjûging ûnder in slinger Ferhalefjoerflachjes boppe it biljert. Dat soe dêrnei bedutsen wurde ûnder in hearlik Italjaansk buffet. Nee, dus net de grauwe earten sa as wy tochten.
Under it harkjen nei ferhalen en gedichten fan de oanwêzigen mimeren wy yn dit kafee dêr’t Rink earder geregeld tahold. It wie binnendoar smûk en bûten suterich, de sfear gesellich. Nei it ferhaal fan Lomme as útsmiter die Willem noch in oprop om te kommen ta in ferkiezingsgearkomste begjin 2019, om literatuer op ’e kaart te hâlden. Neier berjocht folget.
Ut it kafee wei stiigde ûnderwilens in stevige countrysound op en om in oere as tsien hawwe wy ús mingd yn dat selskip.
Wy sjogge werom op in slagge Skriuwersmiel. Takom jier wurdt it jubileummiel! Wy hawwe der no al sin oan!
Tekst: Tryntsje van der Veer Foto’s: Hinke Veenstra
Skriuwersmiel op 8 desimber 2018 yn Kafee Marktzicht te Drachten
Fansels binne ek dit kear gasten en aspirant-leden wolkom.
Ynrin 17:30 oere Ynlieding 18:00 oere mei dêrnei miel en eigen ynbring
Wy nûgje jo graach út foar it jierlikse Skriuwersmiel, dat ditkear op 8 desimber yn Kafee Marktzicht yn Drachten plakfine sil.
Anne Graswinckel is programmalieder KEK2/Lân fan taal, projektlieder edukaasje en wûndersiker. Hja sil foarôfgeand oan it miel sprekke mei as tema:
ferdwale yn ferhalen fan idee ta ferhaal
Wy freegje jo om dêrnei oangeande dat tema op syn heechst 5 minuten wat foar te dragen út eigen wurk. Fierders hoopje wy op in noflike en smûke jûn yn de eardere jachtweide fan Rink van der Velde.
Jou jo op foar 4 desimber yn ferbân mei de ketering. Doch troch in mail te stjoeren nei bestjoer@skriuwersboun.nl Jou dêr ek by oan oft jo eventuele dieetwinsken hawwe. It miel sil bestean út tradisjonele kost.
It adres fan kafee Marktzicht is Aldewei 14, 9203 AG Drachten.
Sprekster Anne Graswinckel
Anne Graswinckel is programmalieder KEK2/Lân fan Taal, projektlieder edukaasje en wûndersiker.
Mei in entûsjasmjearjende, ûndersykjende en optimistyske libbensaard bin ik altiten op syk nei de kreative cross-overs en gearwurkings om mysels en oaren út te daagjen iepen te sjen, mei te bûgen en te ferbinen. Kreativiteit op in praktyske manier kommunisearre!
Stribje soargeleas nei it ideale!
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.