Essay skriuwe dreech? Nee, just boartlik en nijsgjirrich!
Yn in essay joust dyn eigen kijk op in ûnderwerp en dat mei op in manier dy’t dy goed leit. It mei boartlik, it mei earnstich, it mei fernimstich en it mei literêr. In essay is net it ferslach fan in ûndersyk, mar it is it ûndersyk sels. It is in aktiviteit dy’t net allinnich goed is foar dyn eigen ûntjouwing – learst neitinken oer argumintaasje, opbou fan in tekst en noch safolle mear – it is ek in prachtige foarm om dyn miening te dielen mei oaren. Meist by it essay oer de grinzen fan keunsten en wittenskippen gean. As it mar in lêsber en boeiend betooch is!
Wy as bestjoer fan it Skriuwersbûn fine dat de Fryske literatuer mear essayisten fertsjinnet as no it gefal is. Dêrom nûgje we jimme allegearre út om mei te dwaan oan de wedstriid Essay Skriuwe, dy’t wy yn ‘e mande mei Tresoar yn 2026 opsette.
It essay moat gean oer: Ferhalen fertelle.
Foar de winners ha wy in moaie jildpriis en de moaiste essays sille publisearre wurde.
Op freedtejûn 9 jannewaris is der in ynformaasjejûn yn ’e boppeseal fan Proeflokaal Wouters yn Ljouwert. Fan 19.30 oere ôf binne jim wolkom. Doeke Sijens sil dan mear fertelle oer it skriuwen fan essays en ek wat tips diele. En fansels is dit in fantastysk momint om te sjen wa’t de konkurrinsje wurdt…
Kinst dyn essay ynstjoere nei ynfo@skriuwersbun.frl oant 2 april 2026. De útslach is op in spesjale jûn yn juny. De datum dêrfan meitsje wy noch bekend. De sjuery hoopje wy ek op 9 jannewaris al foarstelle te kinnen.
Nijsjirrich? Kom dan op 9 jannewaris! Der is dan ek alle gelegenheid om fragen te stellen!

