Skriuwe yn dyn memmetaal

Wa’t Frysk prate kin, kin de taal ek skriuwen leare. Dochs binne der in pear tûkelteammen: de twa- en trijelûden, it idioom, it ferskil tusken sprek- en skriuwtaal. Der slûpe hieltyd mear Nederlânske wurden yn de sprektaal. Foar de iene skriuwer leit de útdaging yn it brûken fan in libben en modern Frysk, mar sûnder al tefolle Hollannismen en sûnder de tiidwurden om te draaien, de oar hat in soad nocht oan it brûken fan wurden dy’st net alle dagen mear hearst. Foar de measte Friezen jildt dat sy it Frysk net op skoalle leard ha.

Dêrom, foar wa’t de taal net hielendal yn ’e macht hat, jouwe wy hjir wat ferwizings, ynformaasje en tips:

​* De online starterskursus fan de Rijksuniversiteit Groningen is in ynternasjonaal súkses.

* Online Frysk leare op ferskillende nivo’s: Edufrysk.com

* Foar kursussen op it mêd fan de taal sjoch de webside fan de Afûk

* Op youtube stean filmkes wêryn’t Henk Wolf in tal staveringskwestjes behannelet (sjoch hjirneist of op it YouTubekanaal fan de kampanje Skriuw mar Frysk).

​* De Fryske TaalHelp jout help by it skriuwen en redigearjen fan Fryske teksten. It produkt is in unike kombinaasje fan staveringskontrôle en wurdboekfunksjonaliteit en wurdt op ienfâldige en yntuïtive wize brûkt binnen Microsoft Word. Mei it Frysk Wurdboek fan J.W. Zantema as basis, kinne hast 60.000 wurden maklik op stavering en betsjutting neisjoen wurde.

​Boppendat wurdt in foarkarstavering oanjûn en kriget de brûker ynformaasje oer wurden dy’t gauris mei-inoar ferwiksele wurde, lykas ‘bokse’ en ‘piip’ of ‘loft’ en ‘lucht’. Foar € 12,50 te krijen by de Afûk.

Grammatika- en wurdboeken

  • Beknopte Friese vormleer – Teake Hoekema
  • Fries in je pocket – Tsjerk Veenstra
  • NIJ Frysk Hânwurdboek Frysk-Frysk Twa dielen ynclusief cd-rom (oanrieder!)
  • Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk – Zantema
  • Frysk Wurdboek Nederlânsk Frysk – Zantema
  • Prisma grammatica Fries – Jan Popkema
  • ​Stavering – Fedde B. Dijkstra
  • Tiidwurden – Dick Eisma