It oardelskonkje: in nije dichtfoarm yn krisistiid

Foto: Geart Tigchelaar

No’t reizgjen der foarearst net yn sit, binne wy allegearre reizgers op oardel skonk wurden, tocht Syds Wiersma fan Frysk Dichterskollektyf RIXT. Sa is de nije dichtfoarm ûntstien dy’t by in oardelmeter-mienskip past: it Oardelskonkje. Hjoed, 30 april is it publisearre by it dichterskollektyf.
 
As de koroanakrisis der net west hie, reizge Wiersma no troch Ierlân om in dichtbondel ôf te skriuwen. ‘Wy binne reizgers op oardel skonk wurden,’ neffens Wiersma. Lykwols hoecht men net fier te reizgjen: thús kin men ek nije ûnderfinings opdwaan, mei poëzij.
 
It Oardelskonkje is in krisisfariant fan de haikû. It Oardelskonkje telt 15 wurden ferdield oer twa strofen. De earste strofe hat tsien wurden en de twadde strofe fiif. Getalsmjittich en fisueel is it in oardel (1,5) skonk. De foarm is frij foar de dichter, al wurket neffens Wiersma in ‘chute’ (in feroaring fan rjochting) tusken de twa strofen tige goed. Oardelskonkjes kinne ek oaninoar reaun wurde, lykas haikûs

Foarbyld fan in Oardelskonkje:

ûntdekst fan alles yn karantêne
bygelyks dat útbloeide tulpen
mear

mei dy dogge
as bloeiende

 
© Syds Wiersma

RIXT nûget elk út om mei de nije foarm oan de slach en eigen Oardelskonkjes yn te stjoeren (redaksje@rixt.frl). De redaksje fan RIXT siket de moaiste Oardelskonkjes út foar publikaasje op 15 maaie, dat ta de gelegenheid útroppen is ta de Oardelskonkedei.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *