Skriuwster en oersetster Jetske Bilker hat foar dit jier it Boekewikegeskink, skreaun troch Jan Siebelink oerset yn it Frysk. Ferline jier hat sy it boekewikegeskink fan Griet op de Beeck Gezien de feiten oerset as Sa’t it lân derhinne leit. Dit jier hat sy de opdracht krige om Jas van belofte yn it Frysk oer te setten. It boek, yn it Frysk Jas fan belofte, is in oade oan in freonskip, oan in heit en oan it skriuwen.
Dy’t yn ‘e boekhannel foar € 12,50 oan boeken keapet, kin kieze foar de Nederlânske of de Fryske ferzje. Op snein 31 maart is it frij reizgjen op it Boekewikegeskink 2019.
Op sneon 30 maart komme Jan Siebelink, oersetster Jetske Bilker, Dichter des VaderlandsTsead Bruinja en Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga yn dûnsskoalle Saco Velt, Sacramentstrjitte 19 yn Ljouwert byinoar op in literêre jûn, presintearre troch Asing Walthaus. De jûn begjint om 20.00 oere.