Persoansgegevens dy’t ferwurke wurde
It Skriuwersboun kin persoansgegevens oer jo ferwurkje, om’t jo lid binne en/of om’t jo dy sels fia de webside oan ús trochjouwe. It Skriuwersboun kin de folgjende persoansgegevens ferwurkje:
– Jo foar- en achternamme
– Jo adres
– Jo tillefoannûmer
– Jo e-mailadres
– Jo bankrekkennûmer
Wêrom hat It Skriuwersboun gegevens nedich?
It Skriuwersboun ferwurket jo persoansgegevens om telefoanysk en/of fia e-mail kontakt mei jo opnimme te kinnen, om in fraach te beantwurdzjen of ynformaasje te stjoeren.
Hoe lang bewarret It Skriuwersboun dizze gegevens?
It Skriuwersboun bewarret jo persoansgegevens net langer as strikt nedich is om de doelen te realisearjen, dêr’t jo gegevens foar sammele wurde. Jo gegevens wurde net langer as in jier bewarre as der gjin oerienkomst mei jo is.
Gegevens diele mei oaren
It Skriuwersboun jout jo persoansgegevens inkeld oan tredden as dat nedich is foar de útfiering fan in oerienkomst mei jo, of om te foldwaan oan in wetlike ferplichting.
Gegevens ynsjen, oanpasse of ferwiderje
Jo hawwe it rjocht om jo persoansgegevens yn te sjen, te korrizjearjen of te ferwiderjen. Jo kinne in fersyk om ynsjen, korreksje of ferwidering stjoere nei de skriuwer fan It Skriuwersboun. De skriuwer sil sa gau mooglik, mar binnen fjouwer wiken, op jo fersyk reagearje.
Befeiliging fan gegevens
It Skriuwersboun nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en nimt passende maatregels om misbrûk, ferlies, ûnbefoege tagong, net winske iepenbiering en ferbeane wiziging tsjin te gean. De webside fan It Skriuwersboun makket gebrûk fan in betrouber SSL Sertifikaat om te boargjen dat jo persoansgegevens net yn ferkearde hannen falle. As jo de yndruk hawwe dat jo gegevens net goed befeilige binne of dat der oanwizingen binne fan misbrûk, of as jo mear ynformaasje wolle oer de befeiliging fan de sammele persoansgegevens, nim dan kontakt op mei It Skriuwersboun: bestjoer@skriuwersboun.nl