Ferslach Skriuwersmiel op 8 desimber 2018 yn Marktzicht

Op 8 desimber waard it jierlikse Skriuwersmiel holden yn de boppeseal fan Kafee Marktzicht yn Drachten.

Nei in wolkomstwurd, harken in lytse tweintich skriuwers, dichters en gasten nei Anne Graswinckel, earder ferbûn oan Tryater en no oan Lân fan Taal. Sy fertelde ús oer de ferbining fan Taal, Keunst en Kultuer en har missy de ôfrûne tiid yn ’e oanrin nei LF2018.

Har boadskip is dat eins it byldzjende ferdwûn is en dat wy yn it ûnderwiis en de ûntjouwing fan bern derfoar weitsje moatte dat dêr dochs plak foar is, mei’t it sa wichtich is.

De begjinrigel ‘Er was eens…’ is dreech foar bern en freget om in oare rûte. Sa as ‘Er was eens een idee’, om dêrnei te kommen ta in ferdjippingsslach, mei bygelyks kleur en dan pas in foarm te kiezen om der fierder mei te boartsjen. Sa siket elts ferhaal in eigen fertelwize. Sy hat skoallen besocht, mei direkteuren en bestjoeren praten om op dat mêd oan edukaasje te dwaan. Der kin yn it ûnderwiis yn Fryslân noch in soad ferbettere wurde. Sy toande twa boeken dy’t sy yn dit ferbân útbrocht.

Anne brocht har ferhaal fol oertsjûging ûnder in slinger Ferhalefjoerflachjes boppe it biljert. Dat soe dêrnei bedutsen wurde ûnder in hearlik Italjaansk buffet. Nee, dus net de grauwe earten sa as wy tochten.

Under it harkjen nei ferhalen en gedichten fan de oanwêzigen mimeren wy yn dit kafee dêr’t Rink earder geregeld tahold. It wie binnendoar smûk en bûten suterich, de sfear gesellich. Nei it ferhaal fan Lomme as útsmiter die Willem noch in oprop om te kommen ta in ferkiezingsgearkomste begjin 2019, om literatuer op ’e kaart te hâlden. Neier berjocht folget.

Ut it kafee wei stiigde ûnderwilens in stevige countrysound op en om in oere as tsien hawwe wy ús mingd yn dat selskip.

Wy sjogge werom op in slagge Skriuwersmiel. Takom jier wurdt it jubileummiel!
Wy hawwe der no al sin oan!

Tekst: Tryntsje van der Veer
Foto’s: Hinke Veenstra

  

Skriuwersmiel op 8 desimber 2018 yn Kafee Marktzicht te Drachten

Picture
Wy nûgje jo graach út foar it jierlikse Skriuwersmiel, dat ditkear op 8 desimber yn Kafee Marktzicht yn Drachten plakfine sil.

Anne Graswinckel is programmalieder KEK2/Lân fan taal, projektlieder edukaasje en wûndersiker. Hja sil foarôfgeand oan it miel sprekke mei as tema:

ferdwale yn ferhalen
fan idee ta ferhaal


Wy freegje jo om dêrnei oangeande dat tema op syn heechst 5 minuten wat foar te dragen út eigen wurk. Fierders hoopje wy op in noflike en smûke jûn yn de eardere jachtweide fan Rink van der Velde.

Fansels binne ek dit kear gasten en aspirant-leden wolkom.

Ynrin 17:30 oere
Ynlieding 18:00 oere mei dêrnei miel en eigen ynbring

Jou jo op foar 4 desimber yn ferbân mei de ketering. Doch troch in mail te stjoeren nei bestjoer@skriuwersboun.nl
Jou dêr ek by oan oft jo eventuele dieetwinsken hawwe. It miel sil bestean út tradisjonele kost.

It adres fan kafee Marktzicht is Aldewei 14, 9203 AG Drachten.

Sprekster Anne Graswinckel

Anne Graswinckel is programmalieder KEK2/Lân fan Taal, projektlieder edukaasje en wûndersiker.

Mei in entûsjasmjearjende, ûndersykjende en optimistyske libbensaard bin ik altiten op syk nei de kreative cross-overs en gearwurkings om mysels en oaren út te daagjen iepen te sjen, mei te bûgen en te ferbinen. Kreativiteit op in praktyske manier kommunisearre!

Stribje soargeleas nei it ideale!

    • Foto: Linus Harms
Tussenstuk
    • Tussenstuk
Facebooktwittermail