Tinktank oer Ljouwert UNESCO City of Literature op 10 maaie om 16:00 oere

Op 25 april wie de twadde gearkomste oangeande it sammeljen fan ideeën foar it kommen ta de oanfraach foar Ljouwert UNESCO City of Literature. Alle ynformaasje foar it bidbook moat 1 juny by inoar brocht wêze en op 30 juny sil it bidbook ynstjoerd wurde. By beide gearkomsten hawwe bestjoersleden fan It Skriuwersboun west. Wy binne troch de koördinator Ernst Bruinsma nûge mei te tinken oer twa konkrete fragen:

  1. It ynrjochtsjen fan in Skriuwersresidinsje (ek foar ynternasjonale skriuwers)
  2. Hoe kinne wy de literatuer letterlik mear sichtber meitsje

Wy wolle dat dwaan fia in Tinktank op freed 10 maaie fan 16-18 oere yn Tresoar (Gysbert Japicxseal) en tidigje op jimme komst!

Tinktank oer ferfolch Proaza op 12 april om 16:00 oere

Wy wolle graach in ferfolch jaan oan de foarige Tintank Proaza fan 1 febrewaris 2019. It risseltaat fan dy Tinktank wie in lange list mei tema’s/oandachtspunten (sjoch ferslach Tintank Proaza dat earder omstjoerd is). Wy wolle no besykje út dy lange list in tal te behappen prioriteiten te heljen, leafst mei al sa konkreet mooglike stappen dêroan ferbûn. Dat om derfoar te soargjen dat de Wurkgroep Proaza earst oan de slach kin mei dy dingen dy’t we mei ús allen it wichtichst fine. It soe dan ek moai wêze as dy wurkgroep út mear as twa persoanen bestiet.

Graach sjogge wy jimme man- en froumachtich op 12 april yn Tresoar om 16:00 oere.

Tinktank oer Proaza op 1 febrewaris om 16:00 oere

Sit Frysk proaza oan ’e prozac?

Mannich en frouwich dichter hawwe yn it kulturele haadjier op ’e planken stien. It Frysk proaza is lykwols oan ’e krapperein kommen, fine wy as bestjoer en dat hearre wy ek rûnom fan oaren. Dêr soenen wy graach wat oan dwaan wolle en om dy reden woenen wy it op de folgjende Tinktank-byienkomst oer proaza hawwe wolle en wat wy der mei ús allen oan dwaan kinne om Frysk proaza mear op ’e kaart te setten, skriuwers te ferbinen en in oantrún jaan te kinnen om te kommen ta nij wurk. Want it moat net sa wêze dat Frysk proaza sa yn ‘e nederklits rekket dat it oan ‘e prozac moat!

De middei is bedoeld om dêroer te breinstoarmjen, wy as bestjoer hawwe it idee om in Proazawurkgroep yn it libben te roppen, lykas de Oersetterswurkgroep en de Toanielwurkgroep. De fraach is earst oft der ferlet is fan sa’n Proazawurkgroep dêr’t in espeltsje minsken aktyf oan meidwaan wolle.

De Tinktank is op 1 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar (de Obe Postma-seal).

Facebooktwittermail