Bestjoerslid socht

Willem Verf hat mei yngong fan 1 july syn funksje as foarsitter en bestjoerslid fan it Skriuwersbûn dellein. Hy sjocht mei nocht werom op in perioade fan 4 jier wêryn it Skriuwersbûn organisatoarysk in nije start meitsje koe en mear respekt en ynfloed yn de Fryske kulturele rûnten wûn hat. Hy hie graach syn termyn as foarsitter fol meitsje wollen, mar syn sûnens liet dat net mear ta.

Dat betsjut dat wy wol fersterking nedich hawwe yn it bestjoer. Foarearst nimt Ammerins de taken as foarsitter oer, mar dat kin fansels net ek mei it wurk as sekretaris/skriuwer. De taken fan foarsitter en sekretaris moatte dus ferdield wurde.

It giet om frijwilligerswurk, mei in ridlike fergoeding foar it wurk en de reis- en oare onkosten.

Wêrom soest bestjoerslid wurde wolle?

  • Kinst fan betsjutting wêze foar de Fryske skriuwerij
  • Wurdst diel fan in entûsjast team mei motivearre kollega’s
  • Komst yn ’e kunde mei tal fan persoanen en organisaasjes dy’t aktyf binne op literêr mêd
  • Kinst dyn kultureel-literêre netwurk fierder ûntwikkelje en optimaal brûke

Wat binne de spesifike taken?

Foarsitter

  • Kontakten ûnderhâlde mei Tresoar, Boeken fan Fryslan, City of Literature ensafh., witte wat dêr ûndernaam wurdt, de ferantwurdlike minsken kenne, soargje dat sy dy en it Skriuwersbûn kenne, op dy wize betingsten skeppe dat ús leden optimaal meidwaan kinne yn de aktiviteiten fan dizze organisaasjes
  • Alles watst op dy nimst yn de bestjoersgearkomsten, wêrûnder it Bûn ekstern fertsjinwurdigje by ferskate gelegenheden

Sekretaris

  • Ferslaggen skriuwe fan de gearkomsten, foarsitter helpe by de tarieding
  • Mailbox beheare
  • Dripke (wyklikse nijsbrief)
  • Sosjal media (wêr fan tapassing) en de website byhâlde

Wat moatst kinne?

  • Maklik kontakten lizze, belangstelling hawwe foar aktiviteiten fan oaren, entûsjast fertelle kinne oer de aktiviteiten fan it Bûn, oprjuchte ferbining ta stân bringe
  • Kritysk wêze, yn kombinaasje mei in koöperative ynstelling
  • Loyaal teamwurk leverje
  • Goed Frysk skriuwe en lêze, fan de taal en har literatuer hâlde
  • (en fansels lid wêze of wurde fan it Skriuwersbûn)

Hoefolle tiid kostet it?

  • It bestjoer komt 11 kear yn it jier gear, der binne jierliks twa ledegearkomsten, mei foar- en neiwurk kostet dat al gau sa’n 8 oeren yn ’e moanne
  • De ‘eksterne kontakten’, ôfspraken mei ynstânsjes/organisaasjes en ek de sosjale gearkomsten, fergje, mei tarieding en rapportaazje, nei ferwachting sa’n 40 oeren yn it jier
  • Bysûndere aktiviteiten, lykas in Skriuwerswykein/Skriuwersmiel/ekskurzjes, freegje wat ekstra tiid

Fragen? Dan kin dat fansels telefoanysk of fia de mail! (ynfo@skriuwersbun.frl – Ammerins: 06-12730063)

Facebooktwittermail