Waailân: Dichters op it eilân

Foto: Geart Tigchelaar

Fan 11 oant en mei 13 septimber organisearret Dichterskollektyf RIXT har earste skriuwerswykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân, Skylge. Yn dat wykein komme dichters fan RIXT en fan it eilân by-inoar foar in útwikseling om mei-inoar te wurkjen oan nije fersen dy’t hja op it poadium bringe mei in einoptreden.

Dichterskollektyf RIXT bestiet sûnt 2018 en hjoed-de-dei binne der mear as fyftich dielnimmende dichters oansletten mei elk harren eigen lûd en styl, in unikum foar Fryslân en de Fryske literatuer. It skriuwerswykein is nei oanlieding fan de winsk by de dichters fan it kollektyf om de ferbining te sykjen, harren yn de poëzy te ferdjipjen en om mei-inoar poëzy te skriuwen en op te treden.

Krektlyn hat it dichterskollektyf ek al mei-inoar oan poëzy skreaun, mei de goed ûntfongen ‘Rigel fan Rink’. In wike lang hawwe op ’e Skriuwersarke RIXT-dichters wurke oan it trochjougedicht, ‘De bui’. Allyksa sille de njoggen RIXT-dielnimmers en seis eilândichters by Waailân mei-inoar poëzy kreëarje. Dat dogge sy troch ynspiraasje fan inoar en fan de omjouwing. Edwin de Groot, foarsitter fan it kollektyf, sil it barren yn goede banen liede.

De dichters sille harren resultaten fan Waailân foardrage ûnder in mienskiplik optreden op sneontejûn, 12 septimber. Dat optreden sil plakhawwe op de Folkshegeskoalle en om 20:30 oere begjinne. Tagong is fergees, mar fanwegen de feiligheidsmaatregels moat der rekken holden wurde mei beheind plak. Nei ôfrin sille de gedichten en in fideo fan it optreden publisearre wurde op de webside fan RIXT, www.rixt.frl, sadat de poëzy fan Waailân teffens digitaal tagonklik is.

It Skriuwerswykein ‘Waailân: dichters op it eilân’ wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân, Tresoar en de Folkshegeskoalle Skylgeralân.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *