It Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje mei de minister oer de stân fan saken oangeande it Frysk ferskood sil plakfine op woansdei 26 juny. De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis hoopje de 26ste juny mei in busfol striders nei De Haach te gean om de lanlike politisy dêr dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn ferplichtings oangeande it Frysk neikomme moat.
Minsken kinne fergees mei de bus hjir nei ta. Busferfierder Dalstra jout dit foarearst de folgjende tiden oan:
05.10 oere Surhústerfean, by it stek fan Dalstra Reizen – Molenweg
05.25/30 oere Drachten, Transfearium East – Zonnedauw 2
06.00 oere De Jouwer, Mc. Donalds
06.15/20 oere De Lemmer, Mc. Donalds
07.30 oere Parkearterrein de Hackelaar – Rijksweg 1, Muiden
Wa’t mei wol graach sa gau mooglik opjaan, yn alle gefallen foar 19 juny by sistsiis@hotmail.com, mei namme, wenplak, telefoannûmer en opstapplak.
Foar fragen kinne jim maile nei sistsiis@hotmail.com of belje nei 06-13963855 (Piter Dykstra)
Tink derom: de kontrôle yn de Twadde Keamer is strang. Identiteitsbewiis meinimme.