Kadoboek Rosmos ‘útferkocht’

It kadoboek Rosmos, in spesjale útjefte foar de Moanne fan it Fryske Boek, is útferkocht. ‘Utferkocht is miskien wat in nuvere oantsjutting yn dit gefal omdat it om in kadootsje giet’, sa leit Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân út. ‘It bestjut feitlik dat wy net mear nije foarried oan de boekhannels leverje kinne, se binne skjin op. Guon boekhannels hawwe lykwols noch wat winkelfoarried dus wa’t noch in eksimplaar hawwe wol, moat der by wêze want op is dus ek echt op.’
 
Rosmos, op fersyk fan Boeken fan Fryslân skreaun troch Willem Schoorstra foar de Moanne fan it Fryske boek, ferskynde by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal yn in oplage fan 1000 eksimplaren. Ernst Bruinsma: ‘Sa’n oplage klinkt foar guon minsken miskien net as in soad, mar foar de Fryske merk is it in grutte oplage en as dy dan ek noch yn in moanne fuort is, dan kin ik net oars as sizze dat it in suksesfolle aksje west hat’. It kadoboek wie de hiele moanne maart fergees te krijen by oankeap fan € 12,50 oan boeken.

Oer Rosmos
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.
 
Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Sjoch ek www.boekenfanfryslan.frl.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *