Robert Frost yn it Frysk

ALDSYL – Yn Aldsyl City of Literature is moandei 18 maart ferskynd de blomlêzing In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries.

In rûgel wyt wurdt oanbean as frij del te laten e-book en befettet 32 Fryske oersettingen fan gedichten fan de Amerikaanske dichter Robert Frost (1874-1963). Frost, in tiidgenoat fan Obe Postma, wie de ferneamdste Amerikaanske dichter fan de earste helte fan de tweintichste iuw; hy krige fjouwer kear de Pulitzer Prize takend. Net earder is der in blomlêzing yn it Frysk út syn wurk publisearre.

Om reden fan copyright befettet de bondel net de Ingelsktalige orizjinelen. In rûgel wyt is del te laden fia it weblog fan de oersetter (www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com) of fia syn Facebookside.
Earder al brocht De Vries syn njoggende dichtbondel, Mienskar, op dizze demokratyske wize út. Mei de twa e-bookútjeften komme hast santich Frysktalige gedichten foar in breed publyk fergees beskikber.

Abe de Vries (1965, Winaam) hat ûnder mear njoggen dichtbondels publisearre. Yn 2005 waard him de Gysbert Japikspriis takend foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004).

Fia dizze keppeling is In rûgel wyt te lêzen.

De bondel Mienskar is fia keppeling link te lêzen.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *