De bekende skriuwster en filosofe Joke Hermsen hâldt op snein 9 desimber yn de ‘Dorpskerk’ fan Beetstersweach in lêzing oer ‘de leechte’. Sy sprekt yn it kader fan de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa yn de Projectruimte, Hoofdstsraat 17 yn Beetstersweach, dêr’t mear as 30 dichters en keunstners stil stean by it tema ‘leechte’. Joke Hermsen skriuwt fiksje, mar is foaral ek bekend fan har essays oer stilte, rêst, ‘onthaasting’: ‘Stil de tijd, pleidooi voor een langzame toekomst’, ‘Windstilte van de ziel’ en ‘Melancholie van de onrust’. Yn Beestersweach slút sy oan by it tema fan de útstalling mei har lêzing ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’. Nei ôfrin fan de lêzing is der gelegenheid de útstalling te besjen en jout Bert Looper in koarte taljochting en rûnlieding.