Oesdrip nûmer 2, juny 2018

De maitiid
 
Ja it is maitiid en wat foar in ien. In tiid foar nij libben en ynspiraasje. Rûnom binne der aktiviteiten yn it ramt fan LF2018, mei in aksint op it Lân fan Taal en it paviljoen MeM yn ’e Prinsetún.  Sa no en dan strykt it bestjoer dêr ek del, yn in noflike omjouwing ûnder de rokken.

Yn dizze Oesdrip prate wy jimme by. As bestjoer sprutsen wy mei fêste partners sa as Tresoar, mei Goffe Jensma oer de bining mei de RuG, mei de direksje fan Tryater en mei Ernst Bruinsma oer Boeken fan Fryslân.

De Tinktank, as boarne om mei leden oer aktuele ûnderwerpen te praten, foldocht ús poerbêst. Koartlyn mei Bert Looper oer it literatuerbelied, dat nei oanlieding fan ús skriuwen en petear mei Tresoar, dêr’t It Skriuwersboun har soarch yn útspruts oangeande it fuortfallen van de posysje fan in fêste kontaktpersoan op dat mêd. Wy binne nûge mei te tinken.
 
De Temajûn oer de ferbining tussen it skriuwen yn de Fryske taal en de toanielwrâld op 19 april by Tresoar joech daliks as rispinge de berte fan in wurkgroep op dat mêd. Ek dêrfan is alwer in earste gearkomste west yn De Bres en dy sil fuortset wurde mei in Masterclass troch Bouke Oldenhof. Fansels hoopje wy op in protte ynskriuwings.
 
Ein maaie wenne ik út namme fan it EBLT, der’t ik út It Skriuwersboun wei yn it DB sit, de konferinsje en ledegearkomste by fan de koepelorganisaasje NPLD, the Network to Promote Linguistic Diversity (www.npld.eu) yn Valencia.
Us deputearre Sietske Poepjes is op dit stuit foarsitter en sy die dat mei enerzgy, dêrby bystien troch Alex Riemersma út namme fan de Provinsje en ek Cor van der Meer fan de Fryske Akademy/Mercator wie oanwêzich. Ik ha my posityf fernuvere oer it ferskaat oan lannen, mar ek oer de grutte fariaasje fan it plak fan de memmetaal yn basisstruktueren yn dy lannen. My foel de oergong yn it praten op fan bi- en multilingualism nei translingualism. Ek dat by de konferinsje ús lân as iennige de ynfloed oanstipte fan de talen fan migranten.

Ik neam in pear oandachtspunten optekene by de lêzing fan dhr. Williams (Cardiff): de opmars fan it Ingelsk en it ôfnimmen fan de ynfloed fan klassike talen. Dat der komselden sjoen wurdt nei de opbringst fan allegear taleprogramma’s. Dat der ferlet is fan ‘evidence based policy’, mar it lestich bliuwt dêrfan de lange termyneffekten te mjitten. It gong oer ‘the economic added value of the target language’ en dat groei fan in taalgebiet net daliks betsjut dat de taal automatysk brûkt wurdt. Koartsein, in rein oan ekonomyske begrippen. It gong amper oer literatuer, lit stean oer poëzij.
Ik waard al bliid dat yn in lân dêr’t de memmetaal hast weirekke wie earst in radio- en no in tillefyzjestasjon opstarten waard. Lef ha dy trochsettters! Mar ik naam wis ek mei dat promoasje fan in taal ymplementaasje én regulaasje omfettet, ynklusyf de rol fan IT, media en kommunikaasje.
Ek it belang fan de rol fan nije sprekkers yn in taal en foaral dat doelen helje en ‘output’ net itselde is as feroaring fan gedrag en ‘outcome’.

Dan bin ik wiis en bliid mei It Skriuwersboun en mei jimme as leden, dy’t har oppenearje. Dy’t yn it beslettene fan de eigen wrâld it nedige oan it papier en de pc tabetrouwe. Dy’t opstean en Rixt mei foarmjouwe. Mei allegear oare inisjatieven, yn it ferline en nei’t wy hoopje ek yn de takomst.
Om’t it nedich is, om’t wy grutsk binne op ús taal.
It Skriuwersboun hopet mei jimme stipe op koers te bliuwen. Ek dizze simmer.

It bestjoer hat de gong deryn. Wy sille de kontakten fuortsette, de plannen by de Provinsje kenber meitsje, ek yn produkttermen, it is net oars, mar dêroan foegje wy fansels al wat nijs ta. Sjoch de bydrage fan André.
Fansels ek tank foar elts dy’t de kontribusje foldien hat.
En wa wit meie wy gau in nije kollega yn it bestjoer begroetsje. Geart daget jimme dêrta ekstra út.

Ik winskje jimme lange en soele jûnen, noflik selskip en fansels in rispinge oan nij wurk.

Op nei midsimmer!

Tryntsje van der Veer
Foarsitter en waarnimmend ponghâlder

*

Fierder mei Frysk toaniel en Fryske literatuer

Yn de Oesdrip fan ôfrûne febrewaris stie in stik oer de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Op 19 april ha wy in temagearkomste hân by Tresoar, dêr’t wy te praat west ha oer it skriuwen fan teksten foar amateur- en (semi-)profesjoneel toaniel yn Fryslân. Tjerk Kooistra (regisseur en tekstskriuwer/-bewurker, fan û.o. iepenloftspul Jorwert) en Anja Steegstra (tekstskriuwer foar amateurtoanielselskippen) hawwe ferteld oer harren ûnderfinings mei dat métier. Skriuwen foar toaniel is útsoarte tsjinstber oan de toanielútfiering, it is tiimwurk, en foar in slagge stik moatte de tekstskriuwer en de regisseur net deselde wêze, – neffens de sprekkers. Nei de ynliedings ha wy mei ús allegearre in moaie groepsdiskusje hân oer de praktyk fan it skriuwen en bewurkjen foar toaniel, oer de hjoeddeistige situaasje fan it Frysktalige toaniel, en oer de ideeën fan ús leden om toaniel te skriuwen. De oanwêzigen hiene nei ôfrin wol niget oan in wurkgroep toaniel en ferfolchgearkomsten oer dit ûnderwerp.

Nei oanlieding fan de temagearkomste ha wy op 10 maaie in petear hân mei Jojanneke Braam (saaklik en artistyk koördinator) en Ira Judkovskaja (artistyk lieder) fan Tryater. Om nije skriuwers fan orizjineel Frysktalich toaniel op te lieden, binne se by Tryater begûn mei in yntern opliedingstrajekt: op dit stuit sitte dêr fiif jonge toanielskriuwers yn, dy’t dêr troch de artistike lieding fan Tryater foar útkeazen binne (it giet om minsken dy’t al by Tryater belutsen wiene) en dy’t de ambysje ha om op nasjonaal of Europeesk nivo teater te meitsjen.  (Oer dit opliedingstrajekt kinne jo ek lêze yn it Beliedsplan Tryater 2017-2020, side 8.) Leden fan it Skriuwersboun dy’t yn toanielskriuwen ynteressearre binne, binne bgl. fan herte wolkom om (besletten) lêzingen fan work-in-progress fan dizze groep by te wenjen. Tryater en it Skriuwersboun hâlde inoarren op ’e hichte.

Us twadde gearkomste mei leden oer toanielskriuwen wie op 17 maaie, yn teater De Bres yn Ljouwert, mei in wat lytsere opkomst as de temagearkomste. Op dizze jûn wie ek Douwe Dijkstra oanwêzich, muzikant (û.o. Heksenhamer), toanielmakker en ien fan de toanielskriuwers yn it ynterne opliedingstrajekt fan Tryater. In praktyske útkomst wie dat der behoefte is oan in soarte fan kursusjûn.

De folgjende gearkomste wurdt in masterclass oer toanielskriuwen troch Bouke Oldenhof. Dy sil plakfine op tongersdei 21 juny, yn Kafee de Rolbrêge op ’e Tynje (Bouke syn thúsbasis), oanfang 20.00 oere. Bouke sil dêr te praat mei as útgongspunt trije punten wêryn’t toaniel ôfwykt fan oare literêre sjenres:

1. Toaniel as teamsport
2. Toaniel as eksponint fan dualistysk tinken en dialektyk
3. Yntinsiteit fersus tiid as basisprinsipe fan de dramaturgy

Bouke sil útlizze hoe’t it der yn syn beropspraktyk as toanielskriuwer (en toanielskriuwdosint) oan ta giet, foarbylden jaan, en in kearmannich de oanwêzigen útnûgje ien en oar ta te passen op har praktyk as (net-toaniel)skriuwer.

Dielnimmen oan de masterclass fan Bouke Oldenhof is foar Skriuwersboun-leden fergees. Opjaan kin noch fia: bestjoer@skriuwersboun.nl
Wa’t gjin ferfier hat nei de Tynje, kin him melde by it bestjoer. Wy helpe dan om te regeljen dat jo mei ien meiride kinne. De masterclass sels duorret fan 20.00 oant 22.00 oere, folge troch in ynformele neisit op it terras, op de ljochte jûn fan de langste dei.

André Looijenga
Algemien bestjoerslid


Lokaasje fan de masterclass troch Bouke Oldenhof:
Kafee de Rolbrêge
Rolbrêgedyk 59
8406 AP De Tynje
till. 0513-571289

*

RIXT
 
Op it punt dat ik dit stikje foar de Oesdrip skriuw sit ik by Jochum Rypma op ’e Swetteblom yn Bears. De wyn rûzet troch de hege beammen wylst de hintsjes om de Kip stappe. Ik haw my werris weromlutsen om oan myn roman te wurkjen. Underfining hat útwiisd dat skriuwen yn in kerreven foar my altiten in soad fertuten docht.

Skriuwen is wat dat oangiet in iensum berop. Men moat jin foar in langere tiid konsintrearje en tefolle ôflieding is dêrby net winsklik. Dêr kinne jimme oer meiprate. Is sa it ferlet te ferklearjen om jin oan te sluten by in dichterskollektyf? Aardich wat SKB-leden sitte nammentlik ek by RIXT. Of is de reden dat in lytse tsjinbeweging is tsjin it yndividualisme dat tsjintwurdich hearsket? Is it in behoefte om earne by te hearren? Is it de oanstriid om op poëtyske wize te reagearjen op maatskiplike ûnjouwings en problemen? Der is fansels in soad geande yn ’e wrâld dêr’t wy tsjin rebellearje kinne en moatte. It kollektyf is dêrby in konkreet middel om op in kreative manier in stim te jaan oan de dichter syn of har wearzge, fernuvering of lilkens. Op sa’n wize hat men in poadium om engazjearre te wêzen. Wat de reden is foar elke yndividuele dichter is it moai dat der wilens harren al 40 minsken by oansletten hawwe. En dat yn in tiid dat ferienings it dreech hawwe om leden te behâlden.
 
Dat konkrete en it feit dat je it idee hawwe om wat feroarje te kinnen, spile grif ek in rol mei dat der sa’n grutte opkomst wie by de middei oer it praten fan it literêre belied fan Tresoar, dêr’t André yn dizze Oesdrip al mear oer sein hat. Sokke konkrete Tinktanks wolle wy mear hawwe de kommende tiid. Sa hoopje wy allinnich mar mear yn it ferlet fan de skriuwer te operearjen. En dêrby soe it moai wêze as ien fan jimme syn relative iensumens ris trochbrekke wol om as nij bestjoerslid by ús trijen oan te skowen.
 
Geart Tigchelaar
Skriuwer

*
 
Tinktank oer Literatuerbefoardering Tresoar: Advys fan leden Skriuwersboun op kommendeweis
 
Op 24 maaie 2018 organisearre it Skriuwersboun in ‘Tinktank’ foar syn leden om yn petear oer de tastân en de takomst fan de ‘literatuerbefoardering’ binnen Tresoar. Wy binne der wiis mei dat 13 fan ús leden dy middeis meipraat hawwe.
Earst hat Bert Looper (direkteur fan Tresoar) in ynlieding jûn oer syn fizy op de takomst fan de literatuerbefoardering, dêrnei hawwe wy as leden mei-inoar diskusjearre oer dy kwestje. Op basis fan de útkomsten fan dy diskusje hat in bestjoer in gearfetsjend oersjoch fan de ynbrochte punten makke. De punten dy’t út de diskusje nei foarren kamen en de oanfollings dêrop fan ús leden sille wy as in driuwend en kritysk advys fan it Skriuwersboun oan de direksje fan Tresoar takomme litte. Sadree’t de definitive ferzy klear is, wurdt dit stik ek publisearre op de webside fan it Skriuwersboun.
Yn in ôfsûnderlike mail hawwe jo as Skriuwersboun-lid ús foarriedige stik tastjoerd krigen. Oan jo de fraach oft jo noch opmerkings en oanfollings hawwe. Fansels ek as jo net by de ‘Tinktank’ oanwêzich wienen. Graach foar 20 juny in berjocht dêroer oan: bestjoer@skriuwersboun.nl
 
De ynlieding fan Bert Looper kinne jo û.o. hjir weromlêze: http://www.ensafh.nl/?p=51904 
 
Hjirûnder de foarriedige ynlieding fan it stik mei ús befiningen oer de situaasje fan literatuerbefoardering by Tresoar no yn 2018 en yn de takomst:
 
Tresoar is ien fan de sintrale ynstitúsjes yn it fjild fan de Fryske literatuer- en taalbefoardering. Neist, en faak oparbeidzjend mei, de Afûk, is Tresoar in tige wichtige útfierder fan provinsjaal belied op it mêd fan Frysk literatuer- en taalbelied.
Tresoar is ûntstien út in fúzje fan û.o. it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Dy oarsprong is noch te sjen oan de ‘ûndertitel’ fan Tresoar: Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
As leden fan it Skriuwersboun kinne wy lykwols net oars as konstatearje dat Tresoar yn de rin fan de jierren it oanpart fan letterkunde (literatuerbefoardering, literatuerskiednis) struktureel oan it ôfbouwen is. Nei bûten ta presintearret Tresoar him graach mei de nijbou fan it talepaviljoen OBE en mei multimediale keunstprojekten, mar efter de skermen is der in hieltyd lytser tal fte’s beskikber foar de letterkundige taken fan Tresoar en is der gjin bliuwende nije oanwaaks fan op Frysk-literêr terrein saakkundige meiwurkers.  
(…)
 
Mear lêze jo yn it bestân sa’t it jo oer de mail tastjoerd is. Wy stelle it tige op priis om jo oanfollings op it stik te fernimmen!
 
*
 

Data

Moarntemiddei wurdt op ’e Feanhoop de Rink van der Veldepriis oan winner Willem Schoorstra tekend foar syn boek De nacht fan Mare. Tagelyk wurde ek de skriuwers dy’t yn it arkje ferbliuwe sille oan it publyk foarsteld. Dy middei begjint om 15:30 oere by it Skriuwersarkje, Feanhoop, Drachtster Heawei 19.

Yn it ferlingde dêrfan wurdt op 19 juny de jûns yn Drachten in Rinkjûn holden. Alle trije nominearren, dat binne njonken Willem Schoorstra ek Nyk de Vries (foar syn boek Renger) en Geart Tigchelaar (foar Bêste jonge), komme dêr te praten oer harren wurk en dat fan Rink van der Velde. It begjint om 19:30 oere yn de byb fan Drachten, Museumplein 1.

Op 26 juny is der in promoasje op it mêd fan ’e literatuer. Jelle Krol hat de eare mei syn ûndersyk nei Douwe Kalma: Combative Minority Literature Writers in the Aftermath of the Great War: Douwe Kalma, Saunders Lewis, Hugh MacDiarmid and Roparz Hemon.

Yn septimber is de literêre kuiertocht De Wuttelhaven del, dy’t organisearre wurdt troch Sigrid Kingma. Kaartsjes binne no al te krijen, dat dan hawwe jo wat om nei út te sjen foar nei de simmer.

En ferjit net dat elke lêste freed fan ’e moanne de fremibu is. Dat is de freedtemiddeibuorrel foar skriuwers en oare ynteressearren. It is yn kafee Wouters (tsjin it Ljouwerter stasjon oer) om healwei fiven. Dus de earstfolgjende is 29 juny.

*

Redaksje

Hawwe jo nijs foar de Oesdrip? Stjoer in berjocht nei bestjoer@skriuwersboun.nl


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *