Sneon 24 novimber binne yn de Doarpstsjerke en yn de Projektrûmte 17 te Beetstersweach dichters en keunstners oanwêzich dy’t bydroegen ha oan de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa. Yn dizze útstalling yn in prachtich histoarysk hûs, ferwurdzje en ferbyldzje sy harren hâlding foar de leechte oer.
Wat betsjut leechte, hoe meitsje sy leechte, begjint alles wer op ’en nij? It resultaat is in rike útstalling mei teksten, bylden en lûden dy’t ús as taskôgers meinimme nei de yndividuele keunstner, mar ús ek konfrontearje mei de eksistinsjele fraach as alles mei in skjinne laai begjinne kin.
De dichters Hein Jaap Hilarides, Edwin de Groot, Marije Roorda, Jetze de Vries en Syds Wiersma drage yn de Doarpstsjerke harren wurk foar en jouwe in taljochting. Ek it oargel sil besykje de leechte yn klanken te fangen. Yn ’e Projektrûmte jout Bert Looper in rûnlieding en taljochting op de útstalling.