De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 sil op sneontejûn 6 maart live útstjoerd wurde op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert. Dit jier binne te gast: de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma en de skriuwster fan it nasjonale boekewikegeskink Hanna Bervoets. De útstjoering foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes. De Boekewike fynt plak fan 6 oant en mei 14 maart.
Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrige skriuwersjubileum en is frege om it Fryske kadoboek foar de Boekewike te skriuwen, dat fergees te krijen is by de oankeap fan in boek. Yn gearwurking mei it CPNB wurdt ek it nasjonale boekewikegeskink, dit jier skreaun troch Hanna Bervoets, útjûn yn it Frysk. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting.
De útstjoering begjint om 20:00 oere.
Mei de live-útstjoering wol de organisaasje omtinken freegje foar it Fryske boek, om sa lêzers en boekhannels yn Fryslân yn ’e mjitte te kommen. De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en kultureel moetingsplak De Westerkerk yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies. Yn ferbân mei de koroanamaatregels binne der dit jier gjin kaarten te krijen foar de ôftraap fan de Fryske Boekewike.