D. A. Tammingapriis foar Paul van Dijk

Us lid Paul van Dijk hat de D. A. Tammingapriis wûn foar syn bondel ‘Famke fan snie’.  De D .A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút. Hy wurdt om bar takend foar proaza en poëzy. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas ‘Famke fan snie’ út de tolve poëzydebuten dy’t tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.

‘Famke fan snie’ hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur. Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit de dichter de lêzer mei te nimmen. Wat de bondel neffens de sjuery ek bysûnder makket is dat de dichter troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst syn wurk ferknopet mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters en sa wat fan har geast yn syn tekst bringt. Paul van Dijk (1981) is learaar Ingelsk en wûn earder twa kear in Rely Jorritsmapriis foar in fers. De D. A. Tammingapriis wurdt op 10 juny útrikt ynTresoar.

Paul van Dijk
Foto: Marcel Hectors

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *