Sytse Jansma – Kafee ‘Goupil Le Fol’

Yn septimber wie Sytse Jansma ien fan de dichters dy’t optrede mocht op it Transpoesie-festival. It ynspirearre him ta in ferhaal oer de moeting dy’t er hie mei de oare dichters fan syn ‘blok’.

Sytse Jansma mei de paraplu fan it festival

Boppe de doar stiet yn hout gravearre ‘Goupil Le Fol’. ‘Dit moat it wêze,’ seit Faeroër. We rinne nei binnen; Spanje, Roemenië, Faeröer, Litouwen en ik. It is in brún kafee mei Perzyske kleden oer in houten flier. De barman groetet ús efter de taap wei yn it Frânsk. It is frij tsjuster. It iennichste ljocht komt fan de kearsen dy’t op de tafels stean. Oan it plafond hingje âlde LP’s fan Frânske sjansjonsjonger. We jouwe ús del by de tafel yn de hoeke. Sûnder te freegjen wat we hawwe wolle rint Litouwen al nei de bar ta en komt letter mei fjouwer grutte Belgyske pints oansetten. Yn fiif talen roppe we ‘tsjoch’.

We hawwe krekt in optreden hân yn de tún fan it Europeesk Parlemint, oftewol Citizens Garden. Der wienen mear lannen dy’t meidienen, mar dy heaken ûnderweis hjir nei ta ôf.

De ‘banners’ dy’t op ferskate plakken yn Brussel hongen om it festival ûnder de oandacht te bringen. Ien fan de gedichten fan Sytse stiet dêr yn trije talen op: yn it Frysk, Nederlânsk en Frânsk

Nei de earste swolch smyt Litouwen de dichtbondel dêr’t se fan ’e jûns út foarlêzen hat op tafel. It kaft is wyt, mei in wat nuvere reade deadskop derop. De tekstuer fan de kop is in bytsje glêd plastic-eftich. ‘Dat hat dyn útjouwer moai dien,’ sis ik. ‘Wat is de titel?’ ‘Read gliderich paleis,’ seit se.

Se hie fan ’e jûns in fers foarlêzen oer de skjintme fan in rotsjend lyk. Ik wie wat ferbjustere. Ik hie it net fan har ferwachte. Se wie nammentlik wat skruten, har foardracht ynbannich. It fers gong oer hoe’t wjirms en krobben hearlik yn in deadsholle omwrotte en omspatten yn waarm lyksop.

‘Ik skriuw oer de dea,’ seit se. ‘Ha jim de bondel ‘Kraai’ fan Ted Hughes ek lêzen?’ We knikje allegear en komme der efter dat we allegear yn ús eigen taal dy bondel lêzen hawwe. ‘Ik bin gek op apokalyptyske poëzy,’ seit Litouwen. Faeröer knikt. ‘Metal-poëzy is it,’ follet se oan. ‘Soks skriuw ik ek. Ik kombinearje it allinnich mei gospelferskes. Dat komt noch hurder oan fyn ik.’ Litouwen gniist der om en is dan earnstich: ‘Ik kin net oars as dêr oer skriuwe. Myn hûs is in pear kilometer fan de grins mei Wyt Ruslân. Soms hear ik de kolonne Russyske tanks oefenjen. Yn myn poëzy bin ik in wolf,’ seit se. ‘Myn poëzy binne jankfersen yn ‘e nacht, om de fijân mar bûten te hâlden.’

Dan smyt Roemenië har bondel op tafel. ‘Dan bin ik in wolvinne,’ seit se. Se fertelt dat se sûnt de kulturele revolúsje yn har lân de earste froulike dichter is dy’t hjir nei ta stjoerd is. ‘Ien grut mannebolwurk dêr,’ seit se. ‘Dat ik hjir optrede mei, hat hiel wat opskuor feroarsake yn myn lân.’

De dichters fan de sesje yn de Citizens Garden. Lemuël de Graav (NL), Anastasia Gavrilovici (RO), Abraham Guerrero Tenorio (ES), Sytse Jansma (It Skriuwersboun), Zuzanna Bartoszek (PO), Dania O. Tausen (FAER)

Ik hie har earder al opsocht op Instagram en Facebook. Se hie in essay fan har dield oer feministyske poëzy. Der wienen in soad boaze reaksjes op kommen. It wie my ek opfallen dat sy mei immen fan de Roemeenske ambassade nei it optreden kommen wie. Se wie ek de iennichste waans fersen net oerset wienen. Se woe der tidens har optreden net in soad oer kwyt. ‘Spitich, mar ik bin it wend,’ hie se nei ôfrin suchte.

‘Bysûnder, dochs fyn ik aktivistyske, foaral feministyske poëzy mar neat,’ seit Faeröer ‘It is sa optwingerich.’ We binne los. Spanje giet rjochtop sitten. ‘Wannear is poëzy aktivistysk?’ freget er. En dêrnei: ‘Giet de poëtyske kwaliteit net ferlern as alles mar eksplisyt neame moatst? Is poëzy dan net fan de direkt emoasje?’ De fragen rôlje toarstich oer de tafel.

Faeröer fielt dat sy oan bar is en siket yn har stoffen taske. Se skoot har debútbondel op tafel. ‘Myn bondel giet oer in oare striid. Der is krekt ek in dokumintêre oer my útkommen. It giet oer my en de konservatyf kristlike omjouwing dêr’t ik fia de poëzy oan ûntkomme wol. Ik krij faak krityk fan minsken dat se my te soft fine. Se fine dat ik it folle fûler opskriuwe moat, mar dat is net de poëzy dy’t ik skriuwe wol. Ik hâld mear fan ferskûle boadskippen tusken de rigels troch.’

It petear nei it foarlêzen fan de gedichten

It wie my opfallen dat sy in soad publyk mei hie. Benammen minsken fan de Deenske ambassade, kaam ik letter efter. Se wie de iennichste dichter dy’t har poëzy song mei gitaar. Ut de oersettingen koe ik neat fan striid of aktivisme ûntdekke. Ik fûn it earlik sein mar weake teksten.

‘Moarn ha ik wer in optreden,’ fertelt se. ‘Earst op de Deenske ambassade en dêrnei yn de Deenske tsjerke yn Brussel.’

Spanje nimt in goeie swolch fan syn bier en smyt dêrnei syn sinnegiele bondel op de ûnderwilens al wat wiet griemde bierfiltsjes.

Spanje wie dit festival oan my keppele. Wy moasten nei elkoar optrede en sieten tegearre yn de Q&A. We krigen wat klisjee-fragen oer de ynfloeden fan oare keunstfoarmen yn ús poëzy. Ik hie nammentlik in pear kear referearre nei in klassyk muzykstik en Spanje hie foardroegen as wie it spoken word, of slam. De moderator hie it koarte fraachpetear ôfsluten mei de opmerking dat it ferskaat fan de poëzy har sa’n Europeesk gefoel joech. Ik hie doe wat dom knikt, mar Spanje waard doe ynienen fûl en rôp noch: ‘Ik fiel my oars totaal gjin Europeaan! Ik kom fan Cadiz. Ik bin in Andalusiër. Spanje is foar my grut genôch!’

‘Moaie fleurige bondel hin?’ freget Spanje. ‘It kaft wol,’ antwurdzje ik wat stikeljend. Hy pakt syn mobyl derby en lit in filmke sjen fan in optreden fan himsels doe’t er noch in pear jier jonger wie. Mei grutte eagen sjogge we hoe’t er as rapper fol enerzjy op in poadium stiet en in kloft minsken hielendal gek makket mei syn teksten oer anty kapitalisme en anty-fassisme. ‘Dat wie in pear jier lyn,’ seit er. ‘No bin ik dichter. Ik wol it sûnder de muzyk dwaan, sûnder argewaasje. Dizze bondel is foar my in nij begjin.’

Fjouwer pear eagen sjogge my no oan. Ik pak myn lêste bondel en lis ‘m op alle oare bondels del. Yn myn holle komme de oare ûnderwerpen noch even werom: oarloch, aktivisme, anty kapitalisme. Ik fielt wat sjenant om myn ferhaal te dwaan, mar it bier set my der oer hinne.

‘Dizze bondel is twatalich. Frysk en Nederlânsk,’ begjin ik foarsichtich. ‘Ik bin hjir troch it Fryske Skriuwersbûn nei ta stjoerd om it Frysk op de kaart te setten, mar ik sjoch mysels net graach as in taalambassadeur. Dochs kin ik der net hielendal ûnder út. It heart der wat by ast yn in minderheidstaal skriuwst.’

Faeröer en Spanje sjogge my ferheard oan. Ik nim in swolch en gean fierder.

‘Krijst altyd fragen wat dyn foarkar is, of yn hokker taal ast tinkst. Ik fernim dat in definsive hâlding tsjinoer it Frysk net de kreativiteit stimulearret. Mar it tsjinoerstelde likemin. Ik hâld fan meartalichheid. Dêr giet dizze bondel ek oer. Oer hoe’t taal myn tinken stjoert. It leafst sykje ik myn eigen idioom op de grins tusken beide talen yn. Ik fernim dat ast soad switcht tusken beide talen, datst dy der dan mear bewust fan wurdst wat de beheining en de mooglikheden fan dy talen binne. It driuwt my ek. As ik bygelyks tink dat it Frysk lyrysker is, dan wol ik it yn it Nederlânsk bewize dat it net sa is.’

It is even stil. ‘Tsjoch,’ sizze Roemenië en Litouwen dan tagelyk. ‘Op meartalichheid!’ Spanje laket en slacht my op it skouder. Faeröer lit noch even yn har omgean. Nei in pear tellen seit se: ‘Klinkt ek wol aktivistysk.’

Facebooktwittermail