Janneke Spoelstra nei Transpoesie yn Brussel

Foto: Gatske Kraak

Foar de achtste kear wurdt yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Foar it earst is der ek in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Janneke Spoelstra. Hja mei op 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is tusken 24 oare talen út Europa. De Brusselske organisaasje woe hiel graach in Fryske dichter meidwaan litte no’t Fryslân en Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is. Dêrta is in fersyk rjochte oan de NPLD (= Network to Promote Linguistic Diversity) dy’t daliks kontakt opnommen hat mei de eigen organisaasje yn Fryslân it EBLT (= Europeesk Buro foar Lytse Talen) en mei It Skriuwersboun om mei in foardracht te kommen. It Boun hat dat aktyf útsetten en in sjuery besteande út Alex Riemersma (NPLD), Cor van der Meer (Mercator / Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út fiif opjeften de dichteresse Janneke Spoelstra keazen  mei har gedicht ‘Altyd alve’. Har ynstjoering waard troch de sjuery typearre as tagonklik (ek yn oare talen), ta de ferbylding sprekkend en mei romte foar identifikaasje. 
De yn 1962 berne dichteresse debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út, Langst fan ’e dagen. Yn 2008 ferskynde har ferhalebondel In Jikse-libben. Se treedt op rûnom yn Fryslân, en yn Malta en Ierlân. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan ’e Moanne is. Fersen fan har binne oersetten yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk.  

www.transpoesie.eu

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *