Tsead Bruinja is Frysk dichter en beneamd ta Dichter des Vaderlands foar de jierren 2019 en 2020. Hy sil yn dy twa jier fersen skriuwe by nasjonale barrens en optrede as ambassadeur fan ‘e poëzije. Bruinja is in dichter dy’t yn earlike, ienfâldige wurden sawol gefoelich as skerp wêze kin, dy’t in ynfal of anekdoate ta gedicht ferheffe kin en rauwens en lyryk ôfwikselet.
Hy debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de Frysktalige bondel De wizers yn it read en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde. Bruinja stelt blomlêzings gear, besprekt, presintearret, hâldt fraachpetearen en treedt op yn it binnen- en bûtenlân.
Op snein 8 maart is er te gast by it Skriuwerskafee dat om 16:00 oere holden wurdt yn De Harmonie (Accent-seal) te Ljouwert. Kosten binne € 12,50.
It fraachpetear mei Tsead Bruinja sil fersoarge wurde troch Inki de Jonge.