Lêsber Fryslân on tour yn Frjentsjer op 25 maart

Theo Kuipers en Doeke Sijens fersoargje dan in ‘publykskolleezje’ yn de (krekt fernijde en weriepene Botniastins) foar de ‘Academie van Franeker’.
Achttiende eeuwse bijnamen van Franekers door Paulus Liger. Waarheid of verzinsel? – Theo Kuipers (Nl)
Wa wie Paulus Liger en wêrtroch is hy bekend bleaun? Wat is de wearde fan syn geskrift mei bynammen fan syn Frjentsjerter mei-boargers? In de koarte bydrage wol Kuipers sjen litte dat bynammen it byld fan it ferline libbener meitsje kinne. Se jouwe kleur en fleur oan it deistich libben, mar jouwe ek ynformaasje oer omgongsfoarmen, wurksumheden en gesachsferhâldings. Foar wa’t der gefoelich foar is, wurde drûge, toarre persoansgegevens transfoarmearre ta kleurrike en libbensechte persoanen.

Doeke Sijens fertelt oer Trinus Riemersma en Frjentsjer (Frysk)
De Fryske skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) hat in soad skreaun, syn debút Fabryk (1964) en De Reade Bwarre (1984) binne beide bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.
Riemersma hat mear as fjirtich jier yn Frjentsjer tahâlden. Hat de stêd ynfloed op syn wurk hân?
Is syn wenadres, de Godsacker, werom te finen yn syn boeken of hie er like goed yn Dokkum wenje kinnen?
Doeke Sijens, dwaande mei in boek oer Riemersma, sil yn syn kolleezje oandacht jaan oan it literêre wurk fan Riemersma en dêrby benammen each ha foar de ynfloed fan in stêd op syn figueren. Spesjaal komme de kollums fan Riemersma op it aljemint, dêr’t er him yn presintearret as in stêdman. Wa’t foarút lêze wol, soe De mon sûnder gesicht út 1973 (nochris) lêze kinne.
Boppedat sil Sijens wat fertelle oer de Lêsber Fryslânkaart dy’t ein ferline jier by Tresoar presintearre is. De kaart bestiet út literêre sitaten dy’t in relaasje hawwe mei in geografysk plak, lykas it sitaat ‘os de sinne skynt yn Frjentsjer / fielt elk him yn ‘e wrôd útfonhûûs’ fan Trinus Riemersma út de bondel Roazen ferwylje (1972). De kaart is ek te keap op dizze jûn.

Adres: Botniastins, Breedeplaats 1, 8801 LZ Frjentsjer.

De jûn begjint om 20:30. Oanmelde kin fia de Akademy fan Frjentsjer en de kosten binne 7 euro.

Foto: Geart Tigchelaar
Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *