Skriuwster fan it Aksjeboek Hanneke de Jong:
‘It Aksjeboek foar bern komt der oan! Op 29 septimber, middeis om trije oere, is de presintaasje yn MeM, it Talepaviljoen yn de Prinsetún te Ljouwert. Linda de Haan, dy’t de prachtige, fleurige yllustraasjes makke, en ik sille derfoar soargje dat jim jim net ferfele. Heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes, masters, juffen en fansels bern, binne fan herte wolkom!’
Joery en Nine Bonsma binne krekt ferhuze. Fan de stêd nei in doarp. No wenje se mei heit en mem nêst pake en beppe. Allegearre Bonsterkes op ’e terp! Foar de bern is it earst wol wennen. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery wol ek sa graach in boartersmaat ha. Soe dat slagje mei syn nije avensearskuon?
Freegje heit, mem, pake of beppe mar gau om foar te lêzen. Of miskien kinst it sels!
It boek De Bonsterkes op ’e terp is yllustrearre troch Linda de Haan en útjûn by Bornmeer.