Margo Holtrop-Kientz wint Stedsfryske oersetkriich

Ofrûne maaie organisearren de Ljouwerter Krante en Taalburo Popkema mienskiplik in Stedsfryske oersetkriich. It Grimm-mearke De Bremer stedsmuzikanten moast dêrby yn ien fan de sân Stedsfryske farianten oerset wurde.
Under de ynstjoerings kaam neffens de sjuery de ‘Ljouwerter’ oersetting fan frou Margo Holtrop-Kientz út Driebergen as bêste út de bus. “De oersetting fan Holtrop-Kientz docht oan ’e iene kant rjocht oan de frivoale toan fan it orizjineel, mar nimt der tagelyk ek wat ôfstân fan. Dêrtroch wurdt har oersetting nearne koarkdrûch, in gefaar dat normaalsprutsen by oersettings gau op ’e loer leit. De frijheid dy’t se naam, pakt goed út. De oersetting is eins in werfertelling. Sa nimt de ferzje in natuerlik plak yn de mûnlinge ferteltradysje yn dêr’t mearkes by hearre”, sei sjuerylid Anne Popkema.

De winnende oersetting wurdt opnaam yn it boek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys, dêr’t fyftich mearkes yn de sân Stedsfryske talen yn oerset binne. It earste eksimplaar fan dat boek wurdt op sneontemiddei 3 novimber oanbean oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok, op de earste ‘Dach fan ut Stadsfrys’, dy’t dan holden wurdt yn de Frentsjerter Martinitsjerke, tusken 14 en 17 oere. Dêrby wurdt ek de priiswinner huldige.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *