Ferslach Transpoesie yn Gent en Brussel 17-18 septimber 2026

13-16 septimber (hinnereis)

Dat ik nei it poëzyfestival Transpoesie yn Brussel mocht, hie ik drekst in ferlechje om dêr mei de fyts hinne te gean. Ik woe lykwols net allinnich mar fytse. Nei wat stinnen, betocht ik my dat ik in âlde typmasine op myn pakjedrager meinimme soe en ûnderweis minsken oansprekke mei de fraach wat taal foar harren betsjut. It idee wie om fan de antwurden úteinlik in gedicht te skriuwen.

Sa begûn myn aventoer fjouwer dagen foardat it festival úteinsette. Op snein 13 septimber fytste ik út Jorwert wei mei Dronten as einbestimming foar dy deis. In lytse hûndert kilometer moast ik alle dagen fytse om de woansdeis yn Brussel oan te kommen. Op in buike by Urk op de earste dei nei hie ik noflik neisimmerwaar mei in ridlik geunstich wyntsje. De waargoaden laken my ta.

Mar hoe siet dat mei de poëzygoaden? Ik moat earlik bekenne dat ik de earste dei der ynkomme moast. Ik wie te betiid op ’e Lemmer op in sneintemoarn om minsken oansprekke te kinnen. Ik woe op Urk op sneintemiddei mar net minsken oansprekke (of is dat in raar foaroardiel?). Doe’t ik almar tichter by einbestimming Dronten kaam, en ik de stâl rûke koe,  naam ik my foar om de oare deis pas echt de typmasine út de koffer te heljen.

En dat haw ik dien! Under de Dom yn Utert garre ik moed om de drompel oer, mar doe’t ik ienkear myn earste foarbygonger de fraach steld hie, wie ik oer myn bleuens hinne. Der waard ferrast en entûsjast reagearre, want sa’n fraach kriget men net alle dagen. De iene moast aardich prakkesearje om ta in antwurd te kommen, de oare hie fuort in antwurd ree. De minsken hienen der bot aardichheid oan om op in typmasine te skriuwen. Dy’t dan ek nochris efterop in fyts siet. Der wienen sels minsken dy’t hoholden om nei’t de iene úttypt wie ek wat type te meien. De deis derop haw ik yn in winkelstrjitte yn Breda stien.

De twadde dei hie ik in saneamde Warmshower-host yn Lopik. Warmshowers is sokssawat as Couchsurfing mar dan foar fytsers. Hy hie der wakker aardichheid oan, mei’t er in kear mei in maat in podcast op de fyts opnommen hat, dus hy wie wol yn foar sokke gekke projekten. Hy moanne syn trije bern oan om ek foaral wat te typen.

Sa hie ik nei fjouwer dagen mear as genôch antwurden om in gedicht skriuwe te kinnen en dan moast Transpoesie noch begjinne.

Tongersdei 17 septimber (earste dei)

De earste dei, de tongersdeis, hie net plak yn Brussel, mar yn Gent.

Wy krigen in rûnlieding troch de biblioteek De Krook dat folle mear is as in biblioteek, in plak foar moeting, ûndersyk, studearje en ferskate events. Wy soenen dêr dan ek de jûns mei ús allen optrede. Mar earst teagen wy nei Poëziecentrum dat minsken faaks kenne fan de Poëziekrant dy’t se útjouwe. Se sitte yn in prachtich âld gebou yn it sintrum fan Brussel dat foar in grut part troch de oerheid stipe wurdt. Se hawwe dêr benammen in argyffunksje. In koart praatsje en efkes om ús hinne sjoen en hup wer fierder. Troch reinerich Gent rûnen wy as wienen wy op in skoalreiske nei KANTL, dat stiet foar Koninklijke Academie voor Nederlandse Taal en Letterkunde. Dêr joech prof. dr. Jacques van Keymeulen in minykolleezje oer it gebou en wat de akademy fierders docht. In ymponearjend gebou  – en dat wie krekt de bedoeling, lake de emeritus-heechlearaar. Dêrnei wie it tiid foar kofje dêr’t ik doe ek o sa oan ta wie. As arbeiders yn ’e ûngetiid slobberen wy dat gau op om’t de diskusje begûn oer oersetten, want dat wie ûnderdiel fan it tema fan dit jier. ‘Translation is treason’, it feit dat der altiten wat ferlern giet yn in oersetting, datst nea hielendal fetsje kinst wat de dichter yn de orizjinele taal bedoelde yn in oare taal en oare tûkelteammen mei oersetten kamen op it aljemint. De diskusje kantele op in gegeven stuit dat oersettings in taal, benammen in lytse taal, just in hiel soad bringt. De doar wurdt sa iepensetten foar oare kultueren en oare stimmen dy’t in taal ferrykje. Dat Shakespeare oersetten wie yn de taal sprutsen op it eilân Guernsey ferhege de status fan de taal. Boppedat binne oersetters safolste mear as allinnich mar it platte oersetten fan in tekst út de iene nei de oare taal, mar binne krekt kreëarders. En doe kaam de Oekraïnske dichteresse Daria Lysenko oan it wurd dy’t in fjurrich pleit hold dat it sa wêze mei dat in oersetting syn tekoartkommings hawwe kin, mar dat it yn it gefal fan Oekraïne no krekt sa wichtich is dát der oersettingen komme yn oare talen. Dat harren ferhaal ferteld wurdt yn oare talen. Dichters binne sjoernalisten. Dat makke yndruk op net allinnich my mar op de hiele groep.

De dei einige yn De Krook foar trije oeren foardracht. De opset wie dat organisator en (reis)gids Philip Meersman en Vanessa Daniels as oaninoarpraters by wize fan yntroduksje elke dichter in fraach as twa stelden wêrnei’t dyselde dichter sa’n acht minuten de tiid krige om fersen foar te dragen. De setlist stie yn it foar al fêst, om’t der ek Ingelsktalige oersettings oanlevere wurde moasten. Dy oersettings en de orizjinelen hawwe se per dichter keurich yn in krante bondele. Sa koe it publyk as se dat woe meilêze. It wie in lange sit, mar it wie de muoite wurdich om al dy ferskillende lûden, talen, kultueren en perspektiven te hearren.

Yn de bus werom wie it gâns stiller as de hinnereis en ik leau ek dat – nettsjinsteande de oanmoediging fan de reisgidsen – net ien nei de tiid yn Brussel noch in kroech ynstapt is.

Freed 18 septimber (twadde dei)

Dat wierskynlik elk syn/har bêd opsocht hat de tongersdeitejûns hie der grif mei te krijen dat wy freedtemoarn krekt oer achten al ferwachte waarden op in middelbere skoalle. Wy soenen in workshop jaan mei twa of trije dichters yn twa ferskillende klassen. Ik hie my oanmelden foar de wurkwinkel yn it Nederlânsk. Frysk wie der nammentlik net by. Earlik sein wist ik net rjocht wat wy ferwachtsje koenen. Ik hie wol de typmasine meinommen as attribút, koe ik de learlingen altiten noch de opdracht jaan om om bar in regel te typen om sa ta in mienskiplik gedicht te kommen.

Mar dat attribút is yn de koffer bleaun, want wy hienen ús gids Philip Meersman by ús dy’t in soad ûnderfining hat mei it jaan fan workshops en in geweldige performer is. Hy is net allinnich fan fan dadaïstyske klankfersen mar docht dat sels ek hiel goed. En dat sloech goed oan by de bern dy’t wy yn de klasse hienen. Want dy hawwe fansels in klassyk idee fan in gedicht en ek al sei net ien dat (want Belgyske bern binne o sa hoflik) sille de measten wol tocht hawwe dat it saai wêze soe. Dêr kamen se yn alle gefallen op werom nei de ein fan de les. Ek ik haw in soad leard en in nustje ideeën foar workshops krigen mocht ik dat yn ’e takomst faker dwaan.

Lit my foar de aardichheid en de ôfwikseling in foarbyld jaan. Yn it begjin fan de les waard oan ferskate learlingen frege wat harren moaiste of krekt stomste wurd is. Dat waard op it boerd skreaun. Dêrnei krigen se de opdracht om in fers te skriuwen fan seis rigels lang, dêr’t ek twa ferskillende grientes yn foarkomme moast en in platte bân. De wurden dy’t se earder jûn hienen, mochten ek opknipt wurde. Sa wienen wurden as ‘melancholie’, ‘dino/dinosaurus’, ‘pizza met hesp’, ‘ik heb geen woord’ en ‘okay’ op it boerd kommen. Yn in kertier moast der in fers op papier komme. Der sieten pronkjes by, kin ik jimme sizze. Hjirby myntes:

ik heb geen woord voor pizza met hesp
noch voor okay, dino’s of melancholie
ze zijn mij vreemd ze zijn onvertaalbaar
net zoals sla, rodekool en een platte band
maar neem pizz, ok, din en cholie
sl, ool en teband en je hebt me

Ja, jim lêze it goed, ik haw in fers yn it Nederlânsk skreaun. Philip en Vanessa moasten my derop attindearje, oars hie ik it my net iens realisearre. De hiele omjouwing wie sa Nederlânsktalich dat ik der net iens oer prakkisearre haw om it yn it Frysk te skriuwen. Sa sjochst mar wer dat sels de grutste purist te beynfloedzjen is.

Nettsjinsteande haw ik wol yn it Frysk eigen wurk foarlêzen en it ien en oar ferteld oer de provinsje yn it noarden fan Nederlân. Yn it kofjeskoft waard ik yn de leararekeamer noch oansketten troch in learares dy’t myn boek (fan de weromstuit net iens frege hokker) in kear kocht hie om’t se fertelt oer it Frysk as Germaanske taal en dêrom dy taal ris neier besjen woe. Wat in tafal dat dan de dichter by it kofje-apparaat op jins skoalle stiet. En wa seit datst mei it Frysk net de grins oer kinst?

Nei it middeisskoft op nei de Royal Galleries dêr’t wy op oanfraach fan passanten gedichten skriuwe soenen. Wy sieten noflik op it terras en guon fan de organisaasje soenen dêrby minsken oansprekke om by ús sitten te gean. Ik woe dêr de typmasine by brûke, ik makke wakker yndruk op sawol myn kollega-dichters as passanten. Neat wêze en neat lykje is twa kear neat, no.

As ôfsluter waarden wy ferwachte by de Eastenrykse ambassade foar in neisit. In noflike gearsit mei in hapke en in drankje. Mar dichters binne dichters en guon woenen noch wol in drankje, dus wêr better om echt ôf te sluten as yn in Ierske pub mei de namme James Joyce.

It ferriket in minske sawisa om oare talen en kultueren te moetsjen, dêrby haw ik in soad ynspiraasje opdien en ek wurk ûntdutsen fan myn kollega-dichters om oer te setten. Sa’n poëzyfestival resonearret dêrmei noch lang nei ek al wie ik mei de fyts yn de trein de sneins gau thús.

Hjirûnder as ôfsluter it fers dêr’t ik mei selektearre wie om as Fryske ôffurdige nei Transpoesie ôf te reizgjen:

hjir op ’e klaai

de boaiem hjir op de klaai
klinkt oars as de earste stappen
dy’t ik sette op de sângrûn
fan de Dokkumer Wâlden
it is net dat myn stappen
grutter binne mar swierder
de grûn lûkt hjir oan de fuotten
it wol my op dit stee hâlde
my fertelle fan de striid
tsjin god, it geweld en de see
wylst de lichte sângrûn
it goed mei dy mient
mar ast ienkear fuort bist
dy net wer werom hawwe wol
it is no oan my om te aardzjen
hjir op ’e klaai
in hûs te bouwen en te harkjen
om te begripen hoe’t it it lân derhinne leit
dan kin ik stjerre
en klink ik itselde as de boaiem

Facebooktwittermail