Boekewike en Gielegou

De Fryske Boekewike is begûn! Oant 8 novimber ta is by oankeap fan teminsten € 15,- oan Fryske boeken in moai kadoboek te krijen: ‘Seis Ses Zesse Ses’, mei ferrassende ferhalen fan skriuwers dy’t de lêzer meinimme yn harren eigen taal: it Frysk, Stellingwarfs, Snekers en it Bildts. Fjouwer talen, seis stimmen en wrâlden dy’t fertroud lykje, mar hieltyd in ferrassende draai nimme. Humor, tragyk en beskôging wikselje inoar ôf.

Ferline jier bruts de ferkeap fan Fryske boeken yn de Boekewike in rekôr; noch net earder wie der sa’n grutte fraach nei it Kadoboek. It Kadoboek fan dit jier wurdt útjûn yn gearwurking mei Utjouwerij Louise út Grou. 

Yn de Fryske Boekewike trede de skriuwers fan it Kadoboek rûnom op yn de provinsje. Sjoch foar alle optredens, datums en lokaasjes op www.fryskeboekewike.frl.

Gielegou

De winners fan de Gielegourige binne bekend makke op de Fryske boekejûn yn Tresoar op 30 oktober. Lykas earder al oer berjochte is, krije se in beurs en begelieding!  It binne: Jilt Jorritsma, Tryntsje van der Steege, Bart Timmer, Suzanne Ruis, Myrthe Marije Veenbaas en Eelke Veltman.

Hertlik lokwinske allegearre! 

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *