Besunigings op taal en kultuer? Nee! Tekenje de petysje!

Ofrûne woansdei wiene Willem, Sjieuwe en Ammerins te gast yn it Provinsjehûs, om oan de fraksjes fan de BBB, FNP, GrienLinks/PvdA, CU, SP, CDA en it lid Margreet Kuper ús plan “Mear lêze en dus mear skriuwe” te presintearjen. Der wie in soad ynteresse, we krigen in tal fragen en it earste foarstel foar in moasje siet al yn de mailboks om te besjen en wêr nedich wat oan te passen. Want, kommende woansdei, 19 juny wurde sawol it Kultuerbelied 2025-2028 as de Taalnota 2025-2028 besprutsen yn de Steaten.

Allinnich, tagelyk mei de nije taalnota, mei moaie plannen dy’t it Frysk foarút helpe kinne, steane der ek besunigings op it programma. Dêrtroch steane de ambysjes faai. Tekenje en ferspried dêrom de petysje fan de Rie foar de Fryske Beweging en lit jo lûd hearre. Provinsje, kear dit op!

Kearn fan it nije taalbelied is, dat de taalfitaliteit stipe wurde moat. Mar it taalkado en tydskrift ‘Heit & mem’ reitsje in grut part fan de subsydzje kwyt. Beide binne bedoeld om âlden oan te moedigjen de Fryske taal oan harren bern troch te jaan. Mercator, dy’t de provinsje helpt om Europeesk ûndersyksjild nei de provinsje te heljen foar taalûndersyk, ferliest sels de folsleine strukturele subsydzje. De Stellingwarver Schrieversronte wurdt flink koarten op de subsydzje, en sawol de Fryske Rie as de Rie foar de Fryske Beweging rikke al harren jild kwyt. Ek oare besunigingen binne net te rymjen mei de ambysjes foar taalfitaliteit.

De provinsje hat ferskate finansjele tafallers hân, mar hâldt no ynienen de hân op de ponge. Yn 2026 is der wer jild. Dêrom freegje wy:

  • Provinsjale Steaten soene beslute moatte om no net te besunigjen, mar de tafallers te brûken.
  • Praat earst mei de belutsen organisaasjes om te sjen, hoe’t se mei de provinsje ta in oplossing komme kinne. Want dat is oant no ta noch net bard!

Lit jo lûd heare en tekenje de petysje: https://www.petities.com/besunigings_op_it_frysk_fan_tafel

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *