Ferskode falbile foar tige koarte ferhalen foar Ensafh

Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt.
De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten net alles, dat thús sitte en skriuwe is de bêste wize om de tiid om te krijen.
 
De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.
 
De sjuery bestiet út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân).

Foto: Geart Tigchelaar

It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 july 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer.
 
De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. Jo krije útslach nei 1 augustus, oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Facebooktwittermail

Fergees e-boek Koos Tiemersma

Tsien jier ferlyn skeakele Koos Tiemersma, bekend fan romans as De ljedder en Einum (Gysbert Japicxpriis 2015) oer op it publisearen fan syn wurk as e-boek. Om it berikken fan dy mylpeal te fieren, stelt er no syn ferhalebondel Ik bedoel mar! / Ik bedoel maar!, troch de Ljouwerter Krante útroppen ta it bêste Fryske boek fan dat jier, fergees yn sawol in Fryske as Nederlânske edysje beskikber as e-boek.

It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfronteard wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.

Om dit boek te besetten is it genôch om kontakt mei de skriuwer op te nimmen fia syn webside koostiemersma.nl. It e-boek, te lêzen op kompjûter, laptop, tablet, ipad of telefoan, wurdt jo dan mei kearende post koroanafrij oer de mail tastjoerd.

Facebooktwittermail

Trije winners skriuwwedstryd StUFT

De winners fan de skriuwwedstryd fan StUFT, Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, binne hjoed bekendmakke. De winners soenen bekend makke wurde op it jubileumfeest, mar dat koe net trochgean fanwegen de koroanamaatregels.
 
Der binne winners yn trije kategoryen. It stik Warschau is sa’n moaie stêd fan skriuwer Sietse de Vries is it bêste stik yn de kategory ‘bêste jûnfoljende stik’. André Beeksma wûn mei Pake wol wer heit wêze yn de kategory ‘bêste ienakter’ en Aly Cnossen skreau it bêste bernestik mei har bydrage Drakebloed. Alle winnende stikken sille útjûn wurde troch StuFT. Fierder krije de winners in jildbedrach takend. De priisfraach waard útset nei oanlieding fan it 50-jierrich bestean fan StUFT.

Facebooktwittermail

Oardelskonkedei

Foto: Geart Tigchelaar

It Oardelskonkje is in nije dichtfoarm, dy’t koartlyn yn it libben roppen is troch dichter Syds Wiersma fan Dichterskollektyf RIXT. Hy makke de ferliking dat wy hjoed-de-dei reizgers op oardel skonk wurden binne. It fers hat dêrom “oardel skonk” mei twa strofen, dêr’t de earste tsien wurden hat en de twadde fiif. Fierders is it frij oan de dichter ynfolling te jaan oan it Oardelskonkje.

Ein april nûge RIXT elkenien út om mei de foarm te wurkjen, te boartsjen en te dichtsjen. Dat hawwe minsken ek dien – en it resultaat is juster 15 maaie op de webside fan it dichterskollektyf presintearre. Dêrmei hat it kollektyf daliks 15 maaie as Oardelskonkedei útroppen. Tolve Oardelskonkjes fan de dichters Elmar Kuiper, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Yva Hokwerda, Elly de Leeuw, Inne Bilker, Simen de Jong, Henk Veenstra, Ytsje Hettinga, Dirk Geerdink, Anne Heegstra en Ypie Bakker binne op rixt.frl te lêzen.

Facebooktwittermail

Hanneke de Jong – Sis my wa’t ik bin

It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.

Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It begjint yn 1944, as it oarloch is. Foar Loek begjint de syktocht nei wa oft hy no eins is.

Troch hiel Europa lizze stroffelstiennen (struikelstenen of, de oarspronklike namme, Stolpersteine). Al dy stiennen meiinoar binne ien grut monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch: de Joaden, Roma en Sinti, homo’s, handikapten en Jehova’s tsjûgen. Dy stiennen lizze foar de huzen fan minsken dy’t yn “e oarloch út harren huzen helle binne, nei kampen brocht en fermoarde. Foar de âlden fan Louis lizze twa stiennen foar it hûs dêr’t se eartiids wennen en dêr’t se weihelle waarden.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

Elske Schotanus – De raven – Facebookroman

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint
 
Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.
 
Lêzersreaksjes:
It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.
 
As ik in pear dagen yn it achter wie, gong ik earst werom nei wêr’t ik bleaun wie.
 
Ondanks dat ik Facebook vooral open op momenten dat ik even oppervlakkig wil scannen en scrollen, las ik regelmatig door als de eerste zinnen mijn aandacht trokken.
 
Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Dichters op ôfstân yn programma ‘Cultuur aan huis’

Justermiddei hat dichter André Looijenga yn de kulturele sjoo Cultuur aan huis it gedicht ‘ús / doarp / wrâld’ foarlêzen en waard er troch Arno van der Heyden ûnderfrege oer syn literêre wurk.

Looijenga hat ‘ús / doarp / wrâld’ skreaun foar in keunstútstalling yn Oentsjerk dy’t fanwegen de koroana net trochgiet. It is in fers oer yntimiteit en jin skûlhâlden yn in grutte, wide wrâld.

Earder hawwe de dichters Tsead Bruinja en Geart Tigchelaar yn ‘e útstjoering west. Der sille de kommende tiid mear Fryske dichters yn it programma oer harren wurk fertelle en in fers foardrage.

Klik hjir om de útstjoerings werom te sjen.

Facebooktwittermail

Wa skriuwt in essee oer feroarjende tiden?

Yn it maaienûmer fan it tydskrift De Nije wurde lêzers en oaren frege om yn de foarm fan in wedstriid mei te dwaan oan it skriuwen fan in essay mei as tema ‘Nei 75 jier/feroarjende tiden’. De befrijing is 75 jier lyn. It is net om ’e nocht dat der rom omtinken oan jûn wurdt. Minsken dy’t gading meitsje hawwe foar sa’n essay in soad mooglikheden. Ferskillende ynstânsjes besteane bygelyks 75 jier. It essay moat skreaun wurde yn it Frysk of ien fan de streektalen.

De redaksje skriuwt: Jo binne frij yn jo ûnderwerp. Jo moatte yn it essay ferbining lizze mei de skiednis, ek in foarútsjoch is wolkom. Besykje yn jo bydrage de fleur der yn te hâlden. Dat hawwe we wol nedich yn dizze tiid. It essay hat maksimaal 2000 wurden. It winnende essay wurdt publisearre yn it kommende julynûmer fan De Nije en op ItNijs.frl. Dat essay wurdt beleanne mei 400 euro. Foar de twadde en tredde priis binne bedraggen fan 200 en 100 euro beskikber. Dy bydragen wurde publisearre yn De Nije en/of op ItNijs.frl. De essays wurde anonym skôge troch in saakkundige sjuery.
 
Jo ha de tiid oant en mei 30 juny 2020.  Dat is net hiel lang, mar wol in oantrún om daliks te begjinnen. Dwaan! De redaksje leit de essays yn july anonym foar oan in saakkundige sjuery.
Ynstjoere (mei namme, mailadres, adres en telefoannûmer) nei: redaksje.denije@gmail.com.
 
Sjoch ek: De Nije, jiergong 2, nûmer 2 (side 53).

Facebooktwittermail