Untdek hjir it lêste boekenijs fan de leden fan it Skriuwersboun. Wolst hjir ek graach dyn boekenijs stean ha? Stjoer dan in mailtsje nei bestjoer@skriuwersboun.nl.
Wurdt ek lid fan It Skriuwersboun

Ferslach Transpoesie yn Gent en Brussel 17-18 septimber 2026
13-16 septimber (hinnereis)
Dat ik nei it poëzyfestival Transpoesie yn Brussel mocht, hie ik drekst in ferlechje om dêr mei de fyts hinne te gean. Ik woe lykwols net allinnich mar fytse. Nei wat stinnen, betocht ik my dat ik in âlde typmasine op myn pakjedrager meinimme soe en ûnderweis minsken oansprekke mei de fraach wat taal foar harren betsjut. It idee wie om fan de antwurden úteinlik in gedicht te skriuwen.

Sa begûn myn aventoer fjouwer dagen foardat it festival úteinsette. Op snein 13 septimber fytste ik út Jorwert wei mei Dronten as einbestimming foar dy deis. In lytse hûndert kilometer moast ik alle dagen fytse om de woansdeis yn Brussel oan te kommen. Op in buike by Urk op de earste dei nei hie ik noflik neisimmerwaar mei in ridlik geunstich wyntsje. De waargoaden laken my ta.

Mar hoe siet dat mei de poëzygoaden? Ik moat earlik bekenne dat ik de earste dei der ynkomme moast. Ik wie te betiid op ’e Lemmer op in sneintemoarn om minsken oansprekke te kinnen. Ik woe op Urk op sneintemiddei mar net minsken oansprekke (of is dat in raar foaroardiel?). Doe’t ik almar tichter by einbestimming Dronten kaam, en ik de stâl rûke koe, naam ik my foar om de oare deis pas echt de typmasine út de koffer te heljen.
En dat haw ik dien! Under de Dom yn Utert garre ik moed om de drompel oer, mar doe’t ik ienkear myn earste foarbygonger de fraach steld hie, wie ik oer myn bleuens hinne. Der waard ferrast en entûsjast reagearre, want sa’n fraach kriget men net alle dagen. De iene moast aardich prakkesearje om ta in antwurd te kommen, de oare hie fuort in antwurd ree. De minsken hienen der bot aardichheid oan om op in typmasine te skriuwen. Dy’t dan ek nochris efterop in fyts siet. Der wienen sels minsken dy’t hoholden om nei’t de iene úttypt wie ek wat type te meien. De deis derop haw ik yn in winkelstrjitte yn Breda stien.

De twadde dei hie ik in saneamde Warmshower-host yn Lopik. Warmshowers is sokssawat as Couchsurfing mar dan foar fytsers. Hy hie der wakker aardichheid oan, mei’t er in kear mei in maat in podcast op de fyts opnommen hat, dus hy wie wol yn foar sokke gekke projekten. Hy moanne syn trije bern oan om ek foaral wat te typen.
Sa hie ik nei fjouwer dagen mear as genôch antwurden om in gedicht skriuwe te kinnen en dan moast Transpoesie noch begjinne.
Tongersdei 17 septimber (earste dei)
De earste dei, de tongersdeis, hie net plak yn Brussel, mar yn Gent.

Wy krigen in rûnlieding troch de biblioteek De Krook dat folle mear is as in biblioteek, in plak foar moeting, ûndersyk, studearje en ferskate events. Wy soenen dêr dan ek de jûns mei ús allen optrede. Mar earst teagen wy nei Poëziecentrum dat minsken faaks kenne fan de Poëziekrant dy’t se útjouwe. Se sitte yn in prachtich âld gebou yn it sintrum fan Brussel dat foar in grut part troch de oerheid stipe wurdt. Se hawwe dêr benammen in argyffunksje. In koart praatsje en efkes om ús hinne sjoen en hup wer fierder. Troch reinerich Gent rûnen wy as wienen wy op in skoalreiske nei KANTL, dat stiet foar Koninklijke Academie voor Nederlandse Taal en Letterkunde. Dêr joech prof. dr. Jacques van Keymeulen in minykolleezje oer it gebou en wat de akademy fierders docht. In ymponearjend gebou – en dat wie krekt de bedoeling, lake de emeritus-heechlearaar. Dêrnei wie it tiid foar kofje dêr’t ik doe ek o sa oan ta wie. As arbeiders yn ’e ûngetiid slobberen wy dat gau op om’t de diskusje begûn oer oersetten, want dat wie ûnderdiel fan it tema fan dit jier. ‘Translation is treason’, it feit dat der altiten wat ferlern giet yn in oersetting, datst nea hielendal fetsje kinst wat de dichter yn de orizjinele taal bedoelde yn in oare taal en oare tûkelteammen mei oersetten kamen op it aljemint. De diskusje kantele op in gegeven stuit dat oersettings in taal, benammen in lytse taal, just in hiel soad bringt. De doar wurdt sa iepensetten foar oare kultueren en oare stimmen dy’t in taal ferrykje. Dat Shakespeare oersetten wie yn de taal sprutsen op it eilân Guernsey ferhege de status fan de taal. Boppedat binne oersetters safolste mear as allinnich mar it platte oersetten fan in tekst út de iene nei de oare taal, mar binne krekt kreëarders. En doe kaam de Oekraïnske dichteresse Daria Lysenko oan it wurd dy’t in fjurrich pleit hold dat it sa wêze mei dat in oersetting syn tekoartkommings hawwe kin, mar dat it yn it gefal fan Oekraïne no krekt sa wichtich is dát der oersettingen komme yn oare talen. Dat harren ferhaal ferteld wurdt yn oare talen. Dichters binne sjoernalisten. Dat makke yndruk op net allinnich my mar op de hiele groep.



De dei einige yn De Krook foar trije oeren foardracht. De opset wie dat organisator en (reis)gids Philip Meersman en Vanessa Daniels as oaninoarpraters by wize fan yntroduksje elke dichter in fraach as twa stelden wêrnei’t dyselde dichter sa’n acht minuten de tiid krige om fersen foar te dragen. De setlist stie yn it foar al fêst, om’t der ek Ingelsktalige oersettings oanlevere wurde moasten. Dy oersettings en de orizjinelen hawwe se per dichter keurich yn in krante bondele. Sa koe it publyk as se dat woe meilêze. It wie in lange sit, mar it wie de muoite wurdich om al dy ferskillende lûden, talen, kultueren en perspektiven te hearren.

Yn de bus werom wie it gâns stiller as de hinnereis en ik leau ek dat – nettsjinsteande de oanmoediging fan de reisgidsen – net ien nei de tiid yn Brussel noch in kroech ynstapt is.
Freed 18 septimber (twadde dei)
Dat wierskynlik elk syn/har bêd opsocht hat de tongersdeitejûns hie der grif mei te krijen dat wy freedtemoarn krekt oer achten al ferwachte waarden op in middelbere skoalle. Wy soenen in workshop jaan mei twa of trije dichters yn twa ferskillende klassen. Ik hie my oanmelden foar de wurkwinkel yn it Nederlânsk. Frysk wie der nammentlik net by. Earlik sein wist ik net rjocht wat wy ferwachtsje koenen. Ik hie wol de typmasine meinommen as attribút, koe ik de learlingen altiten noch de opdracht jaan om om bar in regel te typen om sa ta in mienskiplik gedicht te kommen.
Mar dat attribút is yn de koffer bleaun, want wy hienen ús gids Philip Meersman by ús dy’t in soad ûnderfining hat mei it jaan fan workshops en in geweldige performer is. Hy is net allinnich fan fan dadaïstyske klankfersen mar docht dat sels ek hiel goed. En dat sloech goed oan by de bern dy’t wy yn de klasse hienen. Want dy hawwe fansels in klassyk idee fan in gedicht en ek al sei net ien dat (want Belgyske bern binne o sa hoflik) sille de measten wol tocht hawwe dat it saai wêze soe. Dêr kamen se yn alle gefallen op werom nei de ein fan de les. Ek ik haw in soad leard en in nustje ideeën foar workshops krigen mocht ik dat yn ’e takomst faker dwaan.

Lit my foar de aardichheid en de ôfwikseling in foarbyld jaan. Yn it begjin fan de les waard oan ferskate learlingen frege wat harren moaiste of krekt stomste wurd is. Dat waard op it boerd skreaun. Dêrnei krigen se de opdracht om in fers te skriuwen fan seis rigels lang, dêr’t ek twa ferskillende grientes yn foarkomme moast en in platte bân. De wurden dy’t se earder jûn hienen, mochten ek opknipt wurde. Sa wienen wurden as ‘melancholie’, ‘dino/dinosaurus’, ‘pizza met hesp’, ‘ik heb geen woord’ en ‘okay’ op it boerd kommen. Yn in kertier moast der in fers op papier komme. Der sieten pronkjes by, kin ik jimme sizze. Hjirby myntes:
ik heb geen woord voor pizza met hesp
noch voor okay, dino’s of melancholie
ze zijn mij vreemd ze zijn onvertaalbaar
net zoals sla, rodekool en een platte band
maar neem pizz, ok, din en cholie
sl, ool en teband en je hebt me
Ja, jim lêze it goed, ik haw in fers yn it Nederlânsk skreaun. Philip en Vanessa moasten my derop attindearje, oars hie ik it my net iens realisearre. De hiele omjouwing wie sa Nederlânsktalich dat ik der net iens oer prakkisearre haw om it yn it Frysk te skriuwen. Sa sjochst mar wer dat sels de grutste purist te beynfloedzjen is.
Nettsjinsteande haw ik wol yn it Frysk eigen wurk foarlêzen en it ien en oar ferteld oer de provinsje yn it noarden fan Nederlân. Yn it kofjeskoft waard ik yn de leararekeamer noch oansketten troch in learares dy’t myn boek (fan de weromstuit net iens frege hokker) in kear kocht hie om’t se fertelt oer it Frysk as Germaanske taal en dêrom dy taal ris neier besjen woe. Wat in tafal dat dan de dichter by it kofje-apparaat op jins skoalle stiet. En wa seit datst mei it Frysk net de grins oer kinst?
Nei it middeisskoft op nei de Royal Galleries dêr’t wy op oanfraach fan passanten gedichten skriuwe soenen. Wy sieten noflik op it terras en guon fan de organisaasje soenen dêrby minsken oansprekke om by ús sitten te gean. Ik woe dêr de typmasine by brûke, ik makke wakker yndruk op sawol myn kollega-dichters as passanten. Neat wêze en neat lykje is twa kear neat, no.

As ôfsluter waarden wy ferwachte by de Eastenrykse ambassade foar in neisit. In noflike gearsit mei in hapke en in drankje. Mar dichters binne dichters en guon woenen noch wol in drankje, dus wêr better om echt ôf te sluten as yn in Ierske pub mei de namme James Joyce.

It ferriket in minske sawisa om oare talen en kultueren te moetsjen, dêrby haw ik in soad ynspiraasje opdien en ek wurk ûntdutsen fan myn kollega-dichters om oer te setten. Sa’n poëzyfestival resonearret dêrmei noch lang nei ek al wie ik mei de fyts yn de trein de sneins gau thús.
Hjirûnder as ôfsluter it fers dêr’t ik mei selektearre wie om as Fryske ôffurdige nei Transpoesie ôf te reizgjen:
hjir op ’e klaai
de boaiem hjir op de klaai
klinkt oars as de earste stappen
dy’t ik sette op de sângrûn
fan de Dokkumer Wâlden
it is net dat myn stappen
grutter binne mar swierder
de grûn lûkt hjir oan de fuotten
it wol my op dit stee hâlde
my fertelle fan de striid
tsjin god, it geweld en de see
wylst de lichte sângrûn
it goed mei dy mient
mar ast ienkear fuort bist
dy net wer werom hawwe wol
it is no oan my om te aardzjen
hjir op ’e klaai
in hûs te bouwen en te harkjen
om te begripen hoe’t it it lân derhinne leit
dan kin ik stjerre
en klink ik itselde as de boaiem
Rispinge hjerst 2026
De pompoenen lizze by de doar, de sinneblomsiedsjes ferdwine yn de mûltsjes fan ‘e fûgels en de slakke krûpe al wer oer it fytspaad… Dus it is tiid foar in nije rispinge! Mar gean foaral ek gewoan nei de boekhannel. Dêr leit noch mear moais om te lêzen!

Libbe – Marga Claus
Dit boek is net nij, mar wol de winner fan de Rink van der Velde-priis, dus dêrom in earfolle fermelding!
Gryte bewûnderet de fysike en mentale sûnens fan har heit, de opwekte en dissiplinearre njoggentich-plusser Libbe Jongstra: hy sport, hat in breed sosjaal netwurk, is aktyf dwaande mei sinjouwing en hat de toutsjes sels yn hannen. De geuzenamme Kracht, dy’t er as skoaljonge fan syn maten krige, wie grif in foarteken.
It moat wenne dat se net mear yn itselde doarp wenje, foaral as op in winterske dei de telefoan giet en de buorfrou fan Libbe meldt dat hy de foardoar net iependocht…
Oan ‘e ein fan de oere – Anne-Goaitske Breler
Oan ’e ein fan De Oere fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat. It troch Breteler optekene famyljeferhaal bringt de lêzer ticht by in bysûnder gesin dat nettsjinsteande grutte feroaringen trou bleau oan it leauwen, oan elkoar en oan it âlde hiem. Oan ’e ein fan De Oere jout in unyk ynsjoch yn in wrâld dy’t net wer weromkomt. It is in portret fan ferlies en fassinaasje – mar ek fan de fraach: wat betsjut it as in famylje, en harren erfgoed, ynhelle wurdt troch de tiid en driget wei te wurden?


Moard yn’ e stoarm – Meindert Bylsma
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, nimme it der even fan as se allinne papierwurk om hannen ha. De stoarm giselet om strânkafee Oan it Waad, dêr’t se delstrutsen binne, as der ynienen in melding komt: moard. It slachtoffer is de âld-direkteur fan dropfabryk Draaisma, Hindrik Gosliga. Bekkema en Roosjen komme der al rillegau efter dat Gosliga in tal fijannen hat. En wêrom hie er in pistoal? Dan docht bliken dat er noch mear geheimen hie.
Dit is it fyfde diel yn de spannende misdiedsearje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes.
De Biltske Wassenaars. In famyljeskiednis. Diel 1 – Hein Jaap Hilarides
Generaasjes lang ha de Biltske Wassenaars har stimpel drukt op it Fryske lânskip. Yn dizze famyljekronyk komme leafdesferhalen, oarloggen, revolúsjes en politike opstannen byelkoar yn in portret fan in boerefamylje dy’t libbet mei de seizoenen en de tiid trochstiet. Fan de earste kolonisten op de seeklaai oant lettere generaasjes folgje wy harren striid om frijheid, besit en weardichheid. Mei histoaryske djipgong en each foar it lytse minsklike detail bringt dit boek de skiednis fan It Bilt ta libben.


Yeeha! 28 ferhalen – Martsje de Jong (redaksje)
Wat bart der ast in groep skriuwers, fregest in kroechbestindich koart ferhaal te skriuwen? Dan krigest in bûnt en skerp portret fan de Fryske literatuer. Fan humor oant horror, fan tragyk oant absurdisme: de ferhalen fiere dy lâns in ûnhuer American Ribhouse nei in badkeamer dêr’t wat dript, bringe dy yn ‘e kunde mei in moardlustige Fryske skriuwster en de moderne Jezus dy’t poater rekket. De iene kear giet it need, de oare kear wurdt krekt mei subtile streken in libbensecht personaazje delset.
It ferskaat oan stimmen – ek yn de streektalen – lit sjen hoe ryk en breed it Fryske ferhaal is. Mei skerpe observaasjes, selsspot en ferbyldingskrêft ferkenne de skriuwers it libben fan no, mei al syn nuânses en tsjinstellingen.
Twa skinken – Elske Schotanus
Elske Schotanus makke namme as suksesfol skriuwster fan Frysktalich proaza en de libbensbeskriuwingen fan keunstners as Pier Feddema. In pear jier ferlyn ûntduts sy it digitale tekenjen op de iPad, wat resultearre yn de lytse byldnovelle (graphic novel) Kyra, in skiednis dy’t spilet yn it jier fan de rôt (2022). ‘In wûndermoai ferhaal’, skreau de Leeuwarder Courant en yn it Friesch Dagblad waard it boek ‘in bysûndere útjefte’ neamd.
Twa skinken is de bewurking fan in âld folksferhaal. Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn ’e jierren ’70 en ’80 een skat oan Fryske folksferhalen, op bân opnaam en publisearre yn sân tsjokke boeken. Ien fan dy ferhalen is de sêge ‘Twa skinken’ út De held en de draak. De ferteller wie Roel Piters de Jong fan Ouwsterhaule, en de sêge spilet him ôf yn de omkriten fan Gersleat-polder en De Gerdyk. Wat belibbet haadpersoan Ids as syn mem him op in winterske dei nei De Gerdyk stjoert om in boadskip te dwaan? Mei de ferskining fan Twa skinken hat in âld, oarspronklik mûnling oerlevere folkserhaal in bysûnder en nijsgjirrich nij jaske krigen.


Onder de huid – Jan Hendrik Woudstra
Dit is de njoggende dichtbondel dy’t fan Jan Hendrik Woudstra ferskynt. Yn Onder de huid streamt it libben sa’t it faak docht: op it each deagewoan, batseljend, hast ûnopfallend. Mar wa’t goed sjocht – of better noch, wa’t him reitsje lit – ûntdekt dat krekt yn dat deistige de fersen har wurk dogge. Se slûpe stil yn ‘e hûs, nestelje har ûnder de hûd en bliuwe dêr sitten, soms sêft, soms skrinend, soms ûnferwachts treastend.
Onder de huid is in útnûging om stil te stean by it gewoane, dat nea sa gewoan blykt te wêzen. In bondel dy’tst net samar útlêst, mar dy’tst stadichoan yn dy wenje litst.
Geart yn de media – op wei nei Brussel
Wat leuk, RTVNOF is Geart achternei riden en hat even mei him praat!
Geart Tigchelaar mei typmasine op de fyts nei Brussel
Geart Tigchelaar (1987) stapt op 13 septimber op de fyts om ôf te reizgjen nei it Transpoesie Festival yn Brussel. Op syn pakjedrager hat er in âlde typmasine om foarbygongers te freegjen om op te skriuwen wat taal foar harren betsjut.
Dy fraach slút oan by it tema fan it poëzyfestival dit jier: ‘Where voices meet’. It festival stiet dêrmei yn teken fan taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.
Fan de antwurden dy’t minsken tikke op de masine wol Tigchelaar in gedicht skriuwe dat meiertiid publisearre wurdt.
Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. Der trede in lytse tweintich dichter út Europa op yn ferskate (minderheids)talen. It Skriuwersbûn selektearret alle jierren in Fryske dichter as fertsjintwurdiger.
De dielname fan Geart Tigchelaar oan Transpoesie 2026 wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, dichterskollektyf RIXT en it Jan Roelof Geertsmafûns.

Simmerkuier
Wurden yn beweging
Op sneon 12 septimber, as de neisimmer sêft oer de stêd leit, sille wy om 11.00 oere by Tresoar op paad foar in poëtyske kuier troch de binnenstêd fan Ljouwert. Under de lieding fan Jan Hendrik Woudstra litte wy ús liede troch gedichten dy’t tusken gevels, stiennen en grêften troch flústerje — in kuier dêr’t taal en stêd elkoar fine.
By foldwaande opjeften slute wy de kuier ôf mei in gesellige picknick yn ‘e Prinsetún. Kinst of wolst net meirinne? Allinnich mei-ite kin ek! Kom dan om 13.00 oere nei de Prinsetún. By opjefte krijst te hearren wêr’tst ús fine kinst.
Folje it formulier hjir yn of mail ús op: ynfo@skriuwersbun.frl (dieetwinsken graach ek even trochjaan)
Gratis foar leden, net-leden betelje 5 euro foar de kuier en 5 euro foar de picknick.

Winners Essaypriis bekendmakke
Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol. De trije finalisten, Anna Bilker, Josephine Wernsen en Tamara Feddema, liezen dêrnei harren essays foar. Fan de trije essays, oer grammatika en ûnregelmjittige tiidwurden, it lûd fan mychhimmels en de rauwe needsaak fan it skriuwen sels, kaam úteinlik dat fan Tamara Feddema as winner út de bus. Sy wûn de 500 euro. De bekendmakking waard dien troch it presintearjen fan de nijste Ensafh., dêr’t Tamara foar op it omkaft stiet.

(foto: Sjieuwe Borger)
De winnende essays en it sjueryrapport binne nei te lêzen yn de nije Ensafh., dy’t te keap is fia de eigen website of yn de Afûk-winkel.
Utrikking Fryske Essaypriis
Op tongersdeitejûn 18 juny is yn De Bres de útrikking fan de Fryske Essaypriis. De top-3 sil harren essays foarlêze en nei it foarlêzen fan it sjueryrapport wurdt dan einlings de winner bekend. De jûn wurdt ekstra feestlik mei muzyk fan Bennie Huisman. De sjuery, besteande út Abe de Vries, Jelma Knol en Doeke Sijens, hat mei nocht de 20 ynstjoerings lêzen en dêrút in kar meitsje kinnen. De winnende essays wurde publisearre yn de nijste Ensafh.
De jûn is fergees tagonklik. Konsumpsjes binne foar eigen kosten (leafst pin/digitaal). Wa’t de essays rêstich lêze wol, moat alhiel de beurs/telefoan meinimme, want op de jûn is net allinnich de nijste Ensafh. mei de winnende essays te keap, mar ek hawwe wy yn de seal noch in tafel fol moaie essaybondels en ek oare boeken. De ynrin is fan 19.30 oere ôf. It programma sil begjinne om 20.00 oere en rint oant 22.00-22.30 oere.
Wy hoopje sa folle mooglik fan jimme te sjen!
De jûn wurdt mei mooglik makke troch Tresoar, it Cultuurfonds en it Fûns Fryslân.



In keninklike rispinge
Ofrûne moandei wie it Keningsdei, en ik doar hast wol te wedzjen dat minsken op de rommelmerk stapels mei (âlde) boeken kocht hawwe. Mar foar wa’t nocht hat oan nije útjeften, dy binne der fansels ek west de ôfrûne tiid.
Us leden hawwe hiel wat ôfskreaun, en der komt de kommende wiken allinnich mar mear by, want der steane wat presintaasjes op de aginda!
In lyts oersjoch…
Elmar Kuiper – Wytbekroek (Hispel)
Sintraal tema yn Wytbekroek is de dea. Dizze fûgel (roek) jout mei syn stim en eigen aksint, boadskippen oan ’e dichter en lêzer troch. Elmar Kuiper tekenet lyrysk en ritmysk, bonkich en liiflik op wat de fûgel sa al skrast en bekrast. Hy praat mei syn heit en mem, wikselet kaaimominten út syn jeugd, koart en krekt beskreaun, ôf mei mominten út it hjir en no. Guon fersen ferwize nei oare dichters. Yn oare fersen lit er de noed oer de wrâld en de leafde foar syn bern trochklinke. Wytbekroek is Kuiper syn achtste Frysktalige bondel.

Paul van Dijk – Tys & Teske (Afûk – Ljouwert)
Yn stee fan mei Tomke, kinne bern no Frysk leare mei Tys en Teske. De ferhalen fan Tys en Teske steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harsels yn de aventoeren en reagearje op wat se sjogge en hearre. It earste boekje is skreaun troch Paul van Dijk. It boekje is fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske.

Jan-Hendrik Woudstra – Fryske Flarden (De Pinne)
Fryske Flarden is in yntinse, persoanlike samling fan wurden dy’t ûntstien binne út stilte, leafde en it libben sels. Jan Hendrik Woudstra lit yn dizze bondel sjen hoe’t tinzen, oantinkens en gefoelens har foarm fine yn it Frysk. Te keap fia de boekhannel of op de eigen website.
Martinus Jellema – Nederlands is Fries met een Frans(ch)e tongval (Aspekt)
Net yn it Frysk, mar wol oer it Frysk! In boek oer wurden, betsjutting, relaasjes en de oarsprong fan… alles dêrtuskenyn. Oeral te keap, mar fansels it leafst gewoan by de lokale boekhannel of op de website fan Martinus sels.

20….

Hope, mar net ferwachte… Wat in moai resultaat! De sjuery hat kar út 20 essays en wy binne benijd nei harren oardiel.
Wy hâlde jimme op de hichte oer 18 juny!
IEPEN CALL – Wa wurdt de nije Fryske Transpoesie Dichter?!
Transpoesie is in ynternasjonaal evenemint yn Brussel, dêr’t ferskate dichters fan ferskate (minderheids)taalgebieten by inoar komme. It is in prachtich plak om dy as dichter te ûntwikkeljen, troch mei te dwaan oan skriuwsesjes, fan inoar te learen, te netwurkjen en mei inoar in fantastyske foardracht del te setten. En fansels it Frysk mear op de kaart te setten. Dyn gedicht sil te sjen wêze op de webside fan Transpoesie en sil dêr ek útstald wurde.
It tema dit jier is topofony fan in oersetber Europa. We freegje dy dus in gedicht te skriuwen mei dit tema. Ek freegje we ofst sels in Ingelske oersetting meitsje kinst, dêr’t de betsjutting fan dyn oarsponklike tekst bestean bliuwt. Fierder ûntfange we in motivaasje fan dy oer watst as dichter noch ûntwikkelje wolst en in biografy, dy’t ek yn it Ingelsk oerset is.
It Skriuwersbûn hat in fêst bedrach om dizze nije Fryske Tanspoesie Dichter yn ’e mjitte te kommen by de kosten fan it ferfier en ferbliuw. Dyn inskriuwing wurdt foar dy betelle. Mis dizze kâns dus net!
Oanmelde graach foar 30 maart mei in gedicht (fansels kinst ek mear ynformaasje opfreegje): ynfo@skriuwersbun.frl
Mear oer Transpoesie is te lêzen op www.transpoesie.eu
Update: it ûnderwerp is krekt wat feroare. Ek hawwe wy wat mear ynformaasje krigen as útlis. Dat is hjir te lêzen!

