Wenje yn in skilderij – Lida Dijkstra

Laurence is de dochter fan de skilder Lawrence Alma-Tadema (1836 – 1912).

Sy wennet mei har âlden, suske Anna, juf, it personiel en de hûn Brio yn in grut en bysûnder Hûs yn Londen en fertelt yn dit boek hoe’t it is om de dochter fan in ferneamde keunstner te wêzen.

​Bestelle fia: Utjouwerij Wijdemeer

Facebooktwittermail

Einum – Froon Akker

Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in famke dat de leafde ûntdekt, in demintearjende frou.

​Utjûn yn eigen behear fia FroonAkker.nl

Bekroand mei de Gysbert Japicxpriis 2015

Facebooktwittermail

De Achttjien – Aggie van der Meer

boek-kaft De achttjin

“Alhoewol’t er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy’t my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy’t my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen”

​Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail