Algemiene Ledegearkomste op 19 april 2023

Op woansdei 19 april is prof. dr. Arjen Versloot te gast op de ledegearkomste fan it Skriuwersbûn. Yn de oanrin nei syn beneaming by de RUG wie der in protte publisiteit oer de ferfolling fan de fakatuere. Der drige in perioade sûnder heechlearaar te ûntstean. Ek it Skriuwersbûn hat ivere foar de oanstelling fan in belutsen en saakkundich nij boechbyld foar de Frisistyk. De aksjes hienen súkses. Der is wer in heechlearaar yn Grins. Wat is dat foar man, dy nij-beneamde Versloot?
In pear sitaten út de LC fan 9 febrewaris:
“…Ik hâld fan myn fak en ik hâld fan de Fryske taal Ik fiel my beropsmjittich ferantwurdlik om dit gat (-by de RUG-) op te foljen”
“Wat ik sjoch is wûnderbaarlike libbenskrêft fan it Frysk”
“It bestean fan it Frysk draacht by oan it mienskipsgefoel en it wolwêzen fan de ynwenners
fan de provinsje. Lit ús dat fêsthâlde en koesterje”…

Tusken 19.00 en 19.30 oere starte wy mei in fraachpetear dat yngiet op boppesteande
statements. En fansels sille wy it hawwe oer de kânsen fan it Frysk as kultuertaal en de rol
fan skriuw(st)ers, dichteressen, dichters, oersetters en Frysk skriuwende publisisten hjirby.
Ús stelling is ommers dat wy by útstek de minsken binne dy’t dy kultuertaal oerein hâlde.
Wat is de betsjutting fan de Frisistyk foar de bodders dy’t har, gruttendiels as leafdewurk,
ynsette foar it skreaune Frysk? Neigeraden it fraachpetear foarderet komt der alle romte
foar de oanwêzigen om mei Versloot fan gedachten te wikseljen.

De ynrin is om 18 oere, mei broadsjes, kofje, tee en oar drinken; dan begjinne we dernei mei it húshâldlik part. De gearkomste fynt plak yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert, yn de Gysbert Japixc-seal.

De stikken foar de gearkomste wurde dizze wike rûnstjoerd nei de leden en binne dernei ek hjir te finen op de reachside.

Facebooktwittermail

Nijjierssit

Op 28 jannewaris is der foar leden en stipers fan It Skriuwersbûn in nijjierssit yn Café de Gouden Leeuw yn Tresoar (Ljouwert). Elkenien is wolkom fan 15.30 oere ôf. Drankjes en flaubyt wurdt foar soage. Komst ek proaste op in smûk begjin fan it nije jier mei in soad moaie boeken en dichtbondels? Wês wolkom!
Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, sil ek noch in koarte presintaasje hâlde oer gearwurking tusken skriuwers en nije eveneminten.

Boarne: callmetak op Freepik
Facebooktwittermail

Dichtersjûn 16 novimber yn Neushoorn

Op woansdei 16 novimber is der yn Neushoorn yn Ljouwert in spesjale dichtersjûn, mei jonge dichters en beatdichters. Der sille optredens wêze fan:

  • Joel Hut
  • Gabrielle Terpstra
  • Alwin van der Toorn
  • Bert de Vries
  • Jens de Vries
  • Line Hut
  • Christa Niklewicz
  • Sipke de Schiffart

De presintaasje is yn hannen fan Arjan Hut.
It programma begjint om 20.00 oere.

Facebooktwittermail

Aktiviteiten yn novimber

De kommende wiken bart der wer in soad yn de Fryske (boeke)wrâld. Hjir even in koart oersjoch fan eveneminten dy’t op de aginda steane. By de measten is in oanmelding wol nedich of winsklik, dus besjoch de reachsiden foar mear ynformaasje!

3-6 novimber: Slappe Douwe, Theater De Bres (www.theaterdebres.nl)

5 novimber: Dingtiidlêzing, 10.00 oere, Koperen Tún (www.dingtiid.frl)

5 novimber: Boekpresentaasje Abe en de Aardichman, 11.00 oere, Afûk (www.afuk.frl)

6 novimber: De oarloch fan Jan Snip, Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra, 15.30-18.00 oere, Podium Gorter, Balk

11 novimber: Fryske Freed

18 novimber: Ferhalejûn, oeral yn de provinsje (www.verhalenavond.nl)

19 novimber: Fedde Schurerlêzing, 15.00 oere, Tresoar (www.tresoar.nl)

22 novimber: Mercator Meartaligenslêzing, 16.00 oere, Zoom (sjoch op www.eblt.nl)

24 novimber: ALG, 19.30 oere, Tresoar (www.skriuwersboun.nl) – stikken en ynformaasje oer it programma wurdt de leden noch tastjoerd en hjir ek publisearre

25 novimber: Fremibû, 16.30 oere, Café Wouters

Facebooktwittermail

Boekemerk!

In Skriuwerswykein is fansels neat sûnder boeken.

Fan alle oanwêzige skriuwers is der it heule wykein wurk beskikber om yn te sjen en te (fer)keapjen. Op snein binne ek besikers ‘fan bûten’ tige wolkom. Lêzers kinne mei skriuwers yn petear. Fansels kin der sinjearre wurde! De boekemerk is oanslútend op de lêzing fan Doeke Sijens oer it libben en wurk fan Trinus Riemersma, dy’t om 10.30 oere úteinset (skatting: 12.00 oere).

Under oare sil Utjouwerij Elikser – de útjouwer fan it boek “De lêste oerstek” fan Brian McGilloway, ús gast op freedtejûn – oanwêzich wêze mei in tafel fol boeken. Ek skriuwers as Jetske Bilker, Janneke Spoelstra, Willem Verf, Sigrid Kingma en Hilda Talsma binne der (ûnder foarbehâld) mei nij en âlder wurk te finen!

Kom del mei wat jild yn de beurs of de tillefoan mei in aktivearre bank-app (want mei Tikkies kin in soad yn dizze tiid!)

Facebooktwittermail

Troelstrakuier

Bertus Mulder

Op 2 july 2022 organisearret It Skriuwerboun yn Ljouwert in “Troelstrakuier”. De kuier wurdt begelaat troch Bertus Mulder. Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra. Sadwaande kin hy jo alhiel meinimme yn it ferhaal fan hoe ’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe ’t syn fyzje op it Frysk feroare doe ’t er him op de arbeidssaak rjochte (boarne: Sirkwy).

Wy sammelje fan 10:45 oere ôf bûten by Tresoar en de kuier start om 11:00 oere. Nei de  literêre kuier slute wy ôf mei in lunsj.

Opjaan foar de kuier kin – graach foar 29 juny – fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl.

Oant dan!

Facebooktwittermail

Algemiene Ledegearkomste Skriuwersboun

Op 21 april kinne de leden har oppenearje oer ferskate ûnderwerpen en rinnende saken it Skriuwersboun. It begjint om 19.30 oere yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.

Viktor Schiferli, in meiwurker fan het Letterenfonds, festige yn Amsterdam, sil in ynlieding hâlde oer it wurk fan dit fûns en de grutte betsjutting dy’t it ek hawwe kin foar Fryske skriuwers. Dêrnei is der rom de tiid om him fragen te stellen en hin en wer te praten oer de mooglikheden om beurzen en oare jildlike en ynhâldlike stipe te krijen fan dit fûns. Wat dêr goed oan is en wat der miskien better regele wurde kin. It fûns wol Frysktalige en Nederlânsktalige skriuwers lykweardich behannelje, en hja komme graach nei Fryslân om mei ús fan gedachte te wikseljen. Gûchelje foar de aardichheid in kear op ‘Letterenfonds’, ta oriïntaasje.

De ynlieder brûkt it Nederlânsk, mar wa ’t yn de gearkomste Frysk prate wol, kin dat rêstich dwaan: der is in kwalifisearre tolk en in haadsetsje beskikber foar de persoan fan it Letterenfonds.

Facebooktwittermail

Presintaasje Wurkgroep Honoraria op 7 April

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

De presintaasje hjirfan fynt plak op

TONGERSDEITEJÛN 7 APRIL 2022, 19.30 OERE YN TRESOAR, BÛTERHOEKE 1, LJOUWERT.

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.

It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.

Oant 7 april! It bestjoer fan it Skriuwersboun.

Facebooktwittermail

Byienkomste Oersetterswurkgroep

Dit jier wolle wy graach mei de oersetterswurkgroep sjen nei it proses fan oersettings nei en út it Frysk wei. Hoe sit it mei de subsydzjes, hoe kinst in (bûtenlânske) útjouwer fine foar in oersetting, ensfh. Wat binne de tûkelteammen en hoe soene wy dy oplosse kinne?

Om dit goed yn kaart te krijen, wolle wy graach in ferkennend petear organisearje op 23 maart om 20.00 oere. Wa’t graach meiprate wol, kin har opjaan by it bestjoer.

Facebooktwittermail