Poëzy foar bewenners fersoargingstehuzen

Hjoed binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners.
 
It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT. RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Martsje de Jong, Marije Roorda en Tsjisse Hettema en dichteres Baukje Wytsma hawwe mei-inoar sân Frysktalige en twa Nederlânsktalige gedichten skreaun. Ernst Bruinsma, saaklik lieder Leeuwarden City of Literature: “Mei de aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foaral foar âlderen – drege tiid.”
 
Troch Douwkje Douma fan it projekt Frysk yn de Soarch (Afûk) is der ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân. Der wie belangstelling út alle organisaasjes wei: Kwadrantgroep, Hof en Hiem, Meriant, Patyna, Mienskipssintrum Leppehiem en Noorderbreedte. De kaarten binne foarmjûn troch BWH Ontwerpers út Ljouwert en printe troch Van der Eems út Easterein. De gedichten wurde ek publisearre op leeuwardencityofliterature.nl. Op de webside friesindezorg.frl stiet de nedige ynformaasje oer it belang fan taal foar it wolwêzen fan soarchfregers.

Mefrou Veninga, bewenster fan wensoarchsintrum Sint Jozef (Kwadrantgroep) yn Ljouwert, kriget in kaart fan meiwurkster Saakje Westerhof.
Facebooktwittermail

Tresoar Treast Telefyzje

In soad minsken komme hast de doar net mear út yn dizze ûngewoane tiden. Mei ‘Tresoar Treast Telefyzje’ jout Tresoar in stikje treast, troch Fryslân wer in bytsje tichter by de minsken te bringen.
 
Alle wiken op moandei- en freedtejûn om 20.00 oere pleatst Tresoar op harren webside, Facebook en Instagram in fideo. Yn dy fideo’s wurdt der û.o. ynformaasje oer ûnderwerpen as Fryske literatuer en keunst, bysûndere argyfstikken jûn en wurdsto firtueel rûnlaat troch Tresoar, Obe (it poadium foar literatuer, keunst en taal) en by de rinnende útstallingen lâns.

De earste ôflevering giet oer Gysbert Japicx. Skriuwer Gysbert Japix (1603-1666) stiet symboal foar de krêft en rykdom fan de Fryske taal en literatuer. Hy is in grutte ynspiraasjeboarne foar gâns skriuwers en dichters. Mar wa wie er eins? 
 
Lit it dy fertelle troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar, yn de earste ôflevering fan Tresoar Treast Televyzje. Klink hjir foar it filmke.

Facebooktwittermail

Ynstjoerings skriuwwedstriid Tresoar te beharkjen

Foto: Geart Tigchelaar

Dit jier steane wy stil by de befrijing, 75 jier lyn. Oer it tema ‘75 jier frijheid’ hat Tresoar in skriuwwedstriid organisearre. Earder binne de seis bekroande ynstjoerings al bekendmakke.
De feestlike priisútrikking, dy’t pland wie foar 17 april, kin fanwegen de koroanakrisis net trochgean. Om de winnende bydragen hearre litten, hat Tresoar de skriuwers frege om har eigen ferhaal of gedicht yn te sprekken.

Beharkje de bydragen op YouTube:
 
it ferhaal ‘Oare kant grins’ fan Koos Tiemersma (earste priis)
 
it ferhaal ‘Mei de boat nei Ljouwert’ fan Ludzer van der Schors (twadde priis)
 
it ferhaal ‘Wer werom’ fan Jan Minno Rozendal (tredde priis)
 
it fers ‘de put’ fan Syds Wiersma (earste priis)
 
it fers ‘Neat’ fan Neeltje Terpstra (twadde priis)
 
it fers ‘Yn alle talen lyk’ fan Nynke Terpstra (tredde priis)
 
De teksten steane ek yn it it blêd dan Tresoar: Letterhoeke (nûmer 1 fan 2020).

Facebooktwittermail

Oprop Tryater foar 1000&1 Nacht

Soesto it folhâlde om tûzen-en-ien nachten efter elkoar ferhalen te betinken en op te skriuwen?
 
De foarstelling 1000&1 Nacht, sa as Tryater dat foar eagen hie, sil der net komme. Tryater ûndersiket de mooglikheid om 1000&1 Nacht online te meitsjen. De repetysjes binne al yn folle gong, elk út syn eigen hûs wei.
 
Tryater hat der foar keazen om it aventoer oan te gean mei ynteressearre skriuwers yn de geast fan de fertellingen fan Tûzen-en-ien-nacht.
 
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer giest werom yn de tiid. Der sille ferhalen skreaun wurde mei pinne en papier. Do komst yn in ketting fan skriuwers dy’t nei elkoar koarte ferhalen stjoere om de nacht troch te kommen. Gewoan út dyn eigen hûs wei en de postboade bringt de ferhalen rûn. De ketting fan ferhalen sirkulearje yn de moannen april en maaie. Sadree’t der in slúf mei ferhalen by dy op ’e matte leit, hast trije dagen de tiid om in ferhaal te skriuwen foar de folgjende skriuwer. En dat mei fansels yn dyn eigen memmetaal.
 
Meidwaan? Jou dy dan op foar 17 april troch in mailtsje te stjoeren nei Sytse Jansma. Kosten: in slúf en in postsegel.
 
Klik hjir foar mear ynfo oer de foarstelling.

Facebooktwittermail

Oprop gedichten FeRstival

Cedin docht de jierlikse oprop om gedichten yn te stjoeren foar FeRstival.

Wa skriuwt in fers foar de jeugd dat geskikt is om foar te dragen?
Dan kinne wy op ‘e nij in moai boekje gearstalle mei safolle mooglik nije fersen.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze. Wy ha trije skiften:

 – Starters          1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
 – Trochsetters   2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
 – Toppers           4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.

De groep Starters is de grutste, dus ha wy dêr ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen.
De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.  

Hoe dan ek, it is in prachtige manier om jongeren yn kontakt te bringen mei hjoeddeiske poëzij.

De fergoeding is € 75 as de karkommisje in fers útkiest.

Graach bydrage(s) foar freed 15 maaie o.s. nei:
FeRstival / J. Bangma, Lavendelheide 21, 9202 PD Drachten óf j.bangma@cedin.nl

Facebooktwittermail

Amarins Geveke nije haadredakteur fan de Moanne

Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift de Moanne. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
 
Amarins Geveke folget nei 17 jier Ernst Bruinsma op en wol har graach ynsette om de Moanne in grutter en wichtiger plak yn de Fryske mienskip te jaan: ‘It is in eare om mei te wurkjen oan sa’n moai blêd as de Moanne en ik wol my graach ynsette om tegearre mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen foar de Moanne.’

Boarne: de Moanne

De Moanne is in tagonklik, eigentiids blêd foar en oer kultuer yn Fryslân en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. Sjoch ek www.demoanne.nl.

Facebooktwittermail

Schoorstra komt mei Poëtyske Edda by minsken thús

Mei’t de presintaasje fan sneon 4 april fanwegen de koroanamaatregels net trochgiet, komt skriuwer Willem Schoorstra nei syn lêzers ta. Elkenien dy’t in eksimplaar fan de Poëtyske Edda ha wol, kin dat by him oanjaan troch in berjochtsje mei namme en adres te stjoeren. It boek wurdt dan persoanlik troch Schoorstra by harren thúsbesoarge.

It boek wurdt mei moffen oan oerlange by it rút of by de doar, betelje kin mei in mei foly ôfdutsen pinapparaat. Kontant kin ek, mar dan mei past jild yn in slúf. Wa’t in sinjearre eksimplaar hawwe wol, moat dat yn it berjocht mei namme en adres der efkes by sette.

Sjoch ek op Willem Schoorstra syn Facebookside.

Facebooktwittermail

Frysk Deiblêd siket nei poëzy en keunst om treast, ferbining en hope te jaan

Foto: Geart Tigchelaar

Doe’t dichter Eppie Dam hearde dat yn Italië en Spanje de folkslieten fan ‘e balkons ôf songen waarden, ynspirearre him dat ta syn ‘minskeliet’ dat it Frysk Deiblêd juster publisearre. Yn neifolging dêrfan wol it Deiblêd de kommende tiid mear romte jaan oan gedichten, skilderijen en oare keunstuterings dêr’t yn ‘e taal fan keunsten wurden mei fûn wurde ta treast en ferbining of foar hope, eangst en oare gefoelens om de koronakrisis hinne.

Sa wol de krante in poadium biede oan keunstners yn kultureel stille tiden. Mar ek jo as lêzer binne wolkom om jo poëzy, of (foto’s fan) jo tekenings en oare kreäasjes yn te stjoeren fia cultuur@frieschdagblad.nl. Graach ûnder fermelding fan jo namme en telefoannûmer.

Facebooktwittermail