Oprop gedichten FeRstival

Cedin docht de jierlikse oprop om gedichten yn te stjoeren foar FeRstival.

Wa skriuwt in fers foar de jeugd dat geskikt is om foar te dragen?
Dan kinne wy op ‘e nij in moai boekje gearstalle mei safolle mooglik nije fersen.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze. Wy ha trije skiften:

 – Starters          1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
 – Trochsetters   2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
 – Toppers           4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.

De groep Starters is de grutste, dus ha wy dêr ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen.
De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.  

Hoe dan ek, it is in prachtige manier om jongeren yn kontakt te bringen mei hjoeddeiske poëzij.

De fergoeding is € 75 as de karkommisje in fers útkiest.

Graach bydrage(s) foar freed 15 maaie o.s. nei:
FeRstival / J. Bangma, Lavendelheide 21, 9202 PD Drachten óf j.bangma@cedin.nl

Facebooktwittermail

Amarins Geveke nije haadredakteur fan de Moanne

Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift de Moanne. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
 
Amarins Geveke folget nei 17 jier Ernst Bruinsma op en wol har graach ynsette om de Moanne in grutter en wichtiger plak yn de Fryske mienskip te jaan: ‘It is in eare om mei te wurkjen oan sa’n moai blêd as de Moanne en ik wol my graach ynsette om tegearre mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen foar de Moanne.’

Boarne: de Moanne

De Moanne is in tagonklik, eigentiids blêd foar en oer kultuer yn Fryslân en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. Sjoch ek www.demoanne.nl.

Facebooktwittermail

Schoorstra komt mei Poëtyske Edda by minsken thús

Mei’t de presintaasje fan sneon 4 april fanwegen de koroanamaatregels net trochgiet, komt skriuwer Willem Schoorstra nei syn lêzers ta. Elkenien dy’t in eksimplaar fan de Poëtyske Edda ha wol, kin dat by him oanjaan troch in berjochtsje mei namme en adres te stjoeren. It boek wurdt dan persoanlik troch Schoorstra by harren thúsbesoarge.

It boek wurdt mei moffen oan oerlange by it rút of by de doar, betelje kin mei in mei foly ôfdutsen pinapparaat. Kontant kin ek, mar dan mei past jild yn in slúf. Wa’t in sinjearre eksimplaar hawwe wol, moat dat yn it berjocht mei namme en adres der efkes by sette.

Sjoch ek op Willem Schoorstra syn Facebookside.

Facebooktwittermail

Frysk Deiblêd siket nei poëzy en keunst om treast, ferbining en hope te jaan

Foto: Geart Tigchelaar

Doe’t dichter Eppie Dam hearde dat yn Italië en Spanje de folkslieten fan ‘e balkons ôf songen waarden, ynspirearre him dat ta syn ‘minskeliet’ dat it Frysk Deiblêd juster publisearre. Yn neifolging dêrfan wol it Deiblêd de kommende tiid mear romte jaan oan gedichten, skilderijen en oare keunstuterings dêr’t yn ‘e taal fan keunsten wurden mei fûn wurde ta treast en ferbining of foar hope, eangst en oare gefoelens om de koronakrisis hinne.

Sa wol de krante in poadium biede oan keunstners yn kultureel stille tiden. Mar ek jo as lêzer binne wolkom om jo poëzy, of (foto’s fan) jo tekenings en oare kreäasjes yn te stjoeren fia cultuur@frieschdagblad.nl. Graach ûnder fermelding fan jo namme en telefoannûmer.

Facebooktwittermail

Aggie van der Meer ‘nûget net ien út’

Schrijfster Aggie van der Meer (92) zit de coronacrisis uit in haar kamer in het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Ze probeert er zinvolle dagen van te maken. ,,Ik bin goed sûn en net gau wurch. Sa lang as der kranten komme, rêd ik it wol. En it jout my ek tiid om nei te tinken, oer takomst en ferline.’’ De komende tijd bericht ze dagelijks over haar belevenissen. Vandaag: ,,Ik nûgje net ien út.’’

Lês hjir it fierdere artikel út de Leeuwarder Courant.

Van der Meer krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre | Foto: Geart Tigchelaar
Facebooktwittermail

‘Boek siket besoarger’ yn Noard-Fryslân

Foto: Geart Tigchelaar

De biblioteken yn Noard-Fryslân binne op syk nei besoargers. Jonge besoargers. It is de bedoeling dat jongerein, mei in pakket boeken, by âlderein delgean, dy’t sels net mear yn steat binne nei de biblioteek te kommen.

It giet om in sosjale bybaan, de jongeren krije dus gewoan betelle seit Sylvia Laarman. Sy is koördinator fan it projekt: “Wy wolle graach dat elk boeken lêze kin. Dus asto sels net mear komme kinst, soargje wy derfoar dat dat dochs noch kin. Dus dêr wolle wy graach skoalbern foar ynhiere.”

It giet dus perfoarst net om it sykjen fan frijwilligers, sa leit Laarman út. “Foar de skoalbern is it in bybaan. Wy hâlde ús gewoan oan it minimum jeugdlean, lykas yn de supermerk. Dan giet it neffens my om bedraggen, út de holle 2 euro 90 yn ‘e oere ast 15 bist. Mar it giet ús ek om it sosjale kontakt. Wy sizze ek, meitsje in praatsje, bliuw foar in bakje kofje, hast gjin haast. En de bern kinne dat gewoan deklarearre.”

Op dit stuit binne der sa’n 110 minsken dy’t de service fan de biblioteek brûke, mar der binne op dit stuit mar 7 jongerein dy’t de boeken by minsken thús bringe. Dêrom komt it no faak del op meiwurkers fan de biblioteek sels om de boeken te besoargjen. It soe neffens Laarman moai wêze wannear’t it tal besoargers ferdûbele. “Bern moatte minstens 15 jier wêze, en in bytsje selsstannich wêze. En in goeie fyts, want sa no en dan moast wol in stikje op ‘en paad. En dat kin gean om skoalbern út it noarden fan Fryslân fan Harns oant Surhústerfean ta, boppe Stiens del. En dêr hearre de eilannen ek by.”

Wannear’t minsken de service brûke wolle, krije se earst in petear. Dêryn wurdt dúdlik hokker boeken minsken lêze wolle. Op in gegeven momint kinne de skoalbern it sels ek útsykje, om’t se harren kliïnten ek kennen leare troch de tiid hinne.
Mei it each op de útbraak fan it coronafirus, en it feit dat de brûkers fan it projekt meastentiids kwetsbere minsken binne, wurdt besoargers op it hert drukt dat se de kommende tiid foarsichtich wêze moatte. “Wy sizze tsjin elkenien, ek de skoalbern dy’t foar ús wurkje, dat se it advys fan it RIVM yn ‘e gaten hâlde moatte. Net fûstkje, net tútsje, waskje wat faker de hannen. It binne dochs faak âlderen, dêr moatte wy wol rekken mei hâlde.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebooktwittermail

Ferhalewedstryd De nije

Foto: Geart Tigchelaar

It aprilnûmer fan de glimmer De nije hat as tema ‘Toerisme en rekreaasje. Foar de wenstige priisfraach wurde diskear by dat tema passende ferhalen socht: nijsgjirrich, spannend, grappich of sels learsum. Maksimaal 1000 wurden. Eventueel mei bypassende yllustraasjes.

Ynstjoere oant en mei 1 april 2020 nei redaksje.denije@gmail.com.

De moaiste ferhalen wurde publisearre yn De nije en/of op It nijs. Foar de winnende ferhalen binne moaie prizen beskikber.

It jannewarisnûmer dêr’t de priisfraach yn oankundige wurdt, leit op dit stuit yn de boekhannels, by de Bruna, de Primera en yn de supermerken fan Poiesz (as it net útferkocht is). Wa’t it tydskrift net mear besette kin, kin in mailtsje stjoere nei: redaksje.denije@gmail.nl en dan stjoere we it foar € 4,95 ta.

Om’t De nije altyd in temanûmer is en om’t it tema fan ein april ‘Toerisme en rekreaasje’ is, hat de redaksje betocht dat it aardich is en en freegje om ferhalen oer ‘rekreaasje’. Dat moat foar in protte skriuwers grif in noflike opdracht wêze.

Facebooktwittermail

Lêsber Fryslân on tour yn Drachten op 26 maart

Ald-Drachtster Jelle Krol fertelt op 26 maart yn ‘e biblioteek fan Drachten oer de relaasje fan ‘e Fryske literatuer ta Drachten. Fierders sil de yn novimber beneamde Dichter fan Fryslân Nyk de Vries in sfearfol optreden jaan.

By Tresoar is okkerdeis de literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân presintearre. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân te wêzen, mei stêden en marren, mar ast tichterby komst, sjochst dat de kleurrike kaart hielendal opboud is út sitaten. Dêr binne net inkeld sitaten by fan Fryske skriuwers, mar ek Nederlânske en sels ynternasjonale skriuwers. De weagen fan de Waadsee besteane bygelyks út kronkeljende sinnen en sels de fjoertuorren op de Waadeilannen binne sichtber. Op de kaart is in ynset fan it sintrum fan Ljouwert dêr’t yn tal fan boeken faak oer skreaun is.

De jûn begjint om 19:30 oere en kostet 2,50 euro.

Foto: Geart Tigchelaar
Facebooktwittermail

Advyskommisje Obe Postmapriis 2020 beneamd

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 3 maart 2020 de advyskommisje beneamd foar de dr. Obe Postmapriis 2020. De advyskommisje bestiet út Rein Smilde, Cilla Geurtsen en Cees van Mourik.

De dr. Obe Postmapriis is ornearre foar oersettingen yn en út it Frysk út it tiidrek 2016-2019. De priis is fan de Provinsje Fryslân en de organisaasje is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op 22 oktober 2020. De foarrige winner wie Geart Tigchelaar yn 2016 foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk.

Rein Smilde (1957) groeide op yn in húshâlding dêr’t in soad omtinken oan taal en muzyk jûn waard. Hy studearre Frysk oan de Noardlike Leargongen yn Ljouwert en Frysk en Ingelsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy wurket as learaar Ingelsk oan de media-opliedings fan ROC Friese Poort yn Drachten.

Cilla Geurtsen (1972) studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, mei Moderne Letterkunde as rjochting. Se jout Nederlânsk op de learare-oplieding oan de NHL Stenden en Piter Jelles Stedelijk Gymnasium. Dêrneist skriuwt se resinsjes foar de Ljouwerter Krante, Tzum.info en wie se de ôfrûne trije jier foarsitter fan de Gouden Gurbe-sjuery. Se wurket ek mei oan de Fryske en Nederlânske ôfdielings fan Lezen voor de Lijst.

Cees van Mourik (1947) hat nei syn skoaltiid en oplieding yn Dútslân oan de Ryksuniversiteit fan Grins Dútsk studearre, mei Frysk as byfak. Dêrnei wurke er as learaar Dútsk yn it middelber ûnderwiis en as manager fan it Ynstitút foar Nederlânsk-Dútske hannel oan de Hegeskoalle Drinte en Hochschule Osnabrück. Sûnt 1996 is er selsstannich ûndernimmer.

Facebooktwittermail