Dichter fan Fryslân yn Drachten

Foto: Geart Tigchelaar

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, presintearret op 23 jannewaris in jûn yn it Wâldfrysk, mei gedichten, ferhalen en muzyk. Der binne ek optredens troch Johan Veenstra, dy’t fertelle sil yn it Stellingwarfs, en Hein Jaap Hilarides, dy’t it Biltsk brûkt. Sy sille de ferskillen fan dy taalfarianten hearre litte en fertelle oer de komôf.

De jûn is yn De Lawei te Drachten en begjint om 19:30 oere. Kaarten binne te krijen by De Lawei.

De foarstelling wurdt mei mooglik makke troch Tresoar.

Facebooktwittermail

Harkspul De sulveren rinkelbel

De studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL/Stenden Hegeskoalle hawwe har de ôfrûne tiid ferdjippe yn Waling Dykstra en syn wurk. Sa hawwe sy de útstalling yn Obe besjoen en dêrnei te set west mei De sulveren rinkelbel. Dat boek fan Dykstra út 1856 hat as ynspiraasje tsjinne foar in harkspul, dêr’t Waling-om ta libben brocht wurdt. In part út De sulveren rinkelbel wurdt sadwaande op in nije wize ferteld. Yn it digitale dossier oer Waling Dykstra is it filmke te finen by ‘Harkspul De sulveren rinkelbel’.
 
As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy.nl in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel. Underwilens is de fysike útstalling ôfrûn en is it harkspul de lêste bydrage yn it digitale dossier.

Facebooktwittermail

Willem Schoorstra by Literêr Kafee yn Bûtenpost

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

De ferneamde skriuwer Willem Schoorstra is op 17 jannewaris te gast by Literêr Kafee yn Bûtenpost. Hy sil stikeljend befrege wurde troch presintatrise Fettsje Boorsma.

De jûn begjint om 20:00 oere en kostet € 10,00.
De lokaasje is De Muzykpleats, Egypte 16a, 9285 WX Bûtenpost.

Sjoch foar mear ynformaasje op Literair Café.

Facebooktwittermail

Oprop Skriuwersarke 2020

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2020 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2020 net slagje om plak te krijen, ek yn 2021 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Facebooktwittermail

Kursussen Tresoar 2020

Marga Claus fersoarget al jierren de suksesfolle kursus ‘Libbensferhalen skriuwe’

Yn 2020 biedt Tresoar wer in tal kursussen oan, lykas in kursus ‘Proaza skriuwen foar bern’ dy’t jûn wurdt troch Hanneke de Jong of de kursus ‘Libbensferhalen skriuwe’ troch Marga Claus. Fierders wurde de kursussen ‘Ferheljend skiednis skriuwen’ troch Janneke Donkerlo en troch Arjan Hut ‘Moat in gedicht rymje’, oftewol in kursus oer hoe’t gedichten lêzen wurde moat.

Binne jo nijsgjirrich wurden en wolle jo mear ynformaasje hawwe oer de boppeneamde kursussen, klik dan op dizze keppeling.

Facebooktwittermail

Skriuw in Frysk toanielstik

Wa skriuwt it bêste, moaiste, geweldichste Fryske toanielstik foar amateurs!?

De falbile foar it ynleverjen fan dyn toanielstik is ferskood nei begjin takom jier! Kinst noch meidwaan, dus!

Altyd al in toanielstik skriuwe wollen? Dan is it no tiid om yn de pinne te klimmen!
Blijspullen, kluchten, komeedzjes, trageedzjes, drama’s, skrillers, musicals, berne-
en jongereintoaniel, jûnfoljende stikken (gjin iepenloft) likegoed as ienakters.
Foar jeugd, bern of âlderen, alles kin en mei.

Neist dat de St.U.F.T. it winnende stik útjaan sil, is der ek in jildpriis oan ferbûn:
foar it bêste jûnfoljende stik € 1.250,- en foar de bêste ienakter € 750,-.
De rjochten fan de winnende stikken binne foar de Stuft.
It stik wurdt beoardield troch in trijekoppige sjuery: Bouke Oldenhof, Piter M. Renia en Anne Graswinkel.

Wolst meidwaan?
Leverje dan foar 1  jannewaris 2020 dyn stik digitaal yn by info@stuft.nl.
Yn in Word bestân, lettertype Times New Roman, tekengrutte 11,5,
pagina-yndieling A5.

Fragen / opmerkingen kinne nei:
Mail: info@stuft.nl of 06-304 93 981 (Jelle Terwal)

We sjogge mei grutte belangstelling jimme toanielstikken temjitte!

Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (StUFT) bestiet 50 jier en skriuwt dizze priisfraach út.
De StUFT is in frijwilligersorganisaasje dy’t alle jierren 22 Fryske toanielstikken útjaan
wol mei as doel it Fryske amateurtoaniel te stypjen en te stimulearjen.

Facebooktwittermail