It Skriuwersboun hat yn ‘e mande mei Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, in oersetwedstriid útskreaun om te kommen ta de bêste Nederlânske oersetting fan Hettinga syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.
DE REDENS FAN IT WURD
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.
Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –
it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist
as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om
har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.
Bekendmakking
De bekendmakking fan de bêste Nederlânsktalige oersetting is op sneon 30 maart op de literêre jûn mei de skriuwer fan it Boekewikegeskink, Jan Siebelink en de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja yn Ljouwert, yn it ramt fan de Boekewike.
De bêste oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en €250,00. De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Ynstjoere kin fia: info@dichterfanfryslan.nl o/m snein 24 maart. De ynstjoeringen wurde anonym trochstjoerd nei de sjuery.
Sjuery
Marleen Nagtegaal is skriuwster, redakteur en literatuerprogrammeur foar festival Explore the North yn Ljouwert. Sy studearre cum laude ôf oan de RuG as literatuerwittenskipper. Yn 2016 publisearre sy de ferhalebondel Onthoofde man op vuilnisbelt.
Joost Oomen (1990) is dichter en skriuwer. Hy stie û.o. op it poadium by Crossing Border, Lowlands en op it Gedichtenbal. Op it stuit wurket er oan syn debútroman en oan in tredde dichtbondel. Yn 2019 ferskynt syn chapbook yn oersetting by de Italiaanske útjouwerij Tunué.
Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt It Font dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum. Fan 2017 – 2019 is er Dichter fan Fryslân.
Sjoch ek op Dichter fan Fryslân.