D.A. Tammingapriis 2019

It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.

Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.

Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.

De priisútrikking sil wêze op freed 21 juny 2019.

Facebooktwittermail

Polityk moetet Literatuer

In moanne foardat de provinsjale ferkiezings plakfine grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei fiif listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbelied dat krektlyn ferskynde, is de literatuer behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle wy de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.
Ommers, wat is de Fryske taal sûnder in bloeiende literatuer?
 
 Op 14 febrewaris ferwolkomje wy jimme om 18:30 oere mei sop en bôle yn Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert) en om 19:30 oere set it program útein. Elkenien is wolkom en tagong is fergees. Mei it each op de ketering wol graach opjaan foar 7 febrewaris by bestjoer@skriuwersboun.nl

Programma

  • Listlûkers Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks)
  • Fragen en diskusje mei it publyk (petearlieder Willem Verf)
  • Foardrachten fan Elske Kampen en Lida Dykstra
  • Kollum fan Douwe Kootstra
  • Muzyk fan Rob Faltin en Truus de Vries
  • Neisit mei in hapke en in drankje
Facebooktwittermail

Sjueryleden Gysbert Japicxpriis beneamd

Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra en Atte Jongstra binne troch Deputearre Steaten beneamd as sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis 2019. De priis wurdt fan ’t hjerst yn de Martinitsjerke fan Boalsert útrikt.
 
De Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer wurdt troch de provinsje ienris yn de twa jier útrikt. It iene jier foar proaza en de oare kear foar poëzy. Yn 2019 beoardielet de sjuery Fryske proaza út it tiidrek 2015 – 2018. De sjueryleden binne frege as sjuerylid om harren kennis en kunde, elk mei in oar perspektyf. De sjuery bringt in advys út oan Deputearre Steaten oer de winner fan de Gysbert Japicxpriis.

Grytsje Schaaf
Grytsje Schaaf is arsjitekt, dichter en keunstner. Se studearre arsjitektuer yn Delft en wurket as dosint Boukunde by NHL Stenden. Se publisearret geregeld har gedichten en jout foardrachten, wêrby’t se har poëzy gauris kombinearret mei klanklânskippen en performance. De ôfrûne jierren wurke se mei ferskate keunstners, dichters en muzikanten yn it kollektyf Tsjinlûd.
 
Houkje Rijpstra
Houkje Rijpstra is algemien direkteur fan de Vereniging Circulair Friesland. Boppedat is se lid fan de Ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy en Sport Fryslân. Yn 2004 hat se op de Rijksuniversiteit Groningen de master Fryske taal- en Letterkunde helle. Houkje Rijpstra wie fan 2006 oant 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel.
 
Atte Jongstra
Atte Jongstra is in skriuwer en essayist en dêrneist resinsint foar NRC Handelsblad. Jongstra studearre Nederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam. Yn 1985 debutearre hy mei De Multatulianen. Foar syn ferhalebondel De psychologie van de zwavel krige hy in 1989 de Geertjan Lubberhuizenprijs. Yn 1998 waard him foar syn essaybundel Familieportret de J. Greshoffprijs takend. Yn 2016 waard him de Constantijn Huygensprijs takend.

Facebooktwittermail

Oersetwedstriid It Boun en Dichter fan Fryslân

It Skriuwersboun hat yn ‘e mande mei Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, in oersetwedstriid útskreaun om te kommen ta de bêste Nederlânske oersetting fan Hettinga syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

Bekendmakking
De bekendmakking fan de bêste Nederlânsktalige oersetting is op sneon 30 maart op de literêre jûn mei de skriuwer fan it Boekewikegeskink, Jan Siebelink en de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja yn Ljouwert, yn it ramt fan de Boekewike.
De bêste oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en €250,00. De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Ynstjoere kin fia: info@dichterfanfryslan.nl o/m snein 24 maart. De ynstjoeringen wurde anonym trochstjoerd nei de sjuery.

Sjuery
Marleen Nagtegaal is skriuwster, redakteur en literatuerprogrammeur foar festival Explore the North yn Ljouwert. Sy studearre cum laude ôf oan de RuG as literatuerwittenskipper. Yn 2016 publisearre sy de ferhalebondel Onthoofde man op vuilnisbelt.

Joost Oomen (1990) is dichter en skriuwer. Hy stie û.o. op it poadium by Crossing Border, Lowlands en op it Gedichtenbal. Op it stuit wurket er oan syn debútroman en oan in tredde dichtbondel. Yn 2019 ferskynt syn chapbook yn oersetting by de Italiaanske útjouwerij Tunué.

Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt It Font dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum. Fan 2017 – 2019 is er Dichter fan Fryslân.

Sjoch ek op Dichter fan Fryslân.

Facebooktwittermail

Oprop foar de Jan Ritskes Poëzynacht yn Twizel

Op freed 31 maaie 2019 organisearret Stichting Keunstkrite Twizel foar de fyfde kear in Jan Ritskes Poëzynacht yn Twizel.

Dit lytsskalige barren fynt om de twa jier plak yn ‘e tún fan it Simke Kloostermanhûs. It biedt in poadium foar benammen Frysktalige dichters út ‘e regio en jong talint.

Hoewol’t de list fan dielnimmende dichters wilens aardich groeid is, is de Stichting altiten op syk nei nije gesichten. Fandêr dizze oprop ta dielname.

Der stiet in (lytse) fergoeding tsjinoer. Ofhinklik fan it tal dielnimmers giet it om optredens fan op syn heechst 30 minuten (almeast 3 x 10 minuten).

Mail of belje mei Hetty Combs:
06-16480635
info@keunstkrite.nl

Facebooktwittermail

Poëzijmiddei yn Koudum op 17 febrewaris

De mienskiplike galeryen yn Koudum – Het Beeldhouwcentrum, Galery Kunst in Beweging, Galery Lytse Skientme, Galery 13 Manen – organisearje mei it Lunch Atelier Koudum lykas ferline jier in poëzijmiddei yn ‘e Haadstrjitte. Yn lytse groepen kuierje de dielnimmers fan galery nei galery. Yn alle galeryen sil poëzije te hearren wêze en/of muzyk makke wurde.

De fiertaal is sawol Frysk as Nederlânsk. Yn neifolging fan ‘e Nationale Poëzieweek is it sintrale tema ‘frijheid’. It programma start yn it Beeldhouwcentrum, dêr’t belangstellenden ûntfongen wurde mei kofje en tee. Oanslutend lêst Ytsje Hettinga dêr gedichten foar. Dêrnei geane de besikers nei de oare galeryen, elk mei har eigen program.

Yn Galery Lytse Skientme trede it trio Laaghangend Fruit en de dichter Paul van Dijk op. Van Dijk publisearre yn 2018 syn goed ûntfongen debútbondel Famke fan snie, dêr’t er sûnder mis út foarlêze sil. Der wurdt grute dat Paul van Dijk ek Thys Wadman op sello meinimme sil.

Yn Galery Kunst in Beweging beljochtet Connie Harkema de dichterlike frijheid en soarget Anneke Piersma foar it Frysktalige part. Yn Galerie 13 Manen draacht Gerda Veldman gedichten foar en sjongt Sjoukje van der Land Fryske lietsjes.

Ta beslút is der yn it Lunch-Atelier in ferrassende neisit.

Kosten: € 10 (ynklusyf kofje/tee by oanfang en hapke en drankje nei oanrin)
Tiidstip: Sneintemiddei 17 febrewaris fan 14:00 oant 17:00 oere
Oanmelde: Fóár 13 febrewaris fia galerielytseskientme@gmail.com

Foto: Ella van der Meer
Facebooktwittermail

Bernard Smildepriis 2019

De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân wer op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2019.

Mei de Bernard Smilde Priis wol Krúspunt stimulearje, dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettings fan lietteksten út in oare taal wei.
 Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘mienskip’. De uterste ynstjoerdatum is 16 maart 2019; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 13 april 2019.

In tekst moat foar 16 maart 2019  ynstjoerd wurde op it folgjende adres: bsp@kruspunt.nl
De sjuery bestiet dit jier út Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma.

De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.
 De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.
 It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.

Under de foto steane de regleminten.

Sjaak Verboom

Reglemint Bernard Smildepriis

  1. De priis is foar de tekst skriuwe fan in nij Frysktalich tsjerkeliet. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 250, publikaasje fan it liet op ’e webside fan Krúspunt, en de opdracht oan in komponist om by it liet in wize (as dy der noch net is) of in setting (by in besteande wize) te komponearjen.
  2. It liet hoecht net oarspronklik yn it Frysk skreaun te wêzen, mar mei ek nij oerset wêze. In liet yn ien fan de oare memmetalen yn Fryslân mei ek ynstjoerd wurde, as der mar al in Fryske oersetting by is.
  3. De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.
  4. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.
  5. Lieten dy’t op hokker wize ek al yn in Fryske oersetting publisearre binne of brûkt wurde, kinne net ynstjoerd wurde.
  6. By it brûken fan besteand materiaal (itsij wizen, itsij in tekst dy’t oerset is) moat de komponist of skriuwer neamd wurde, mei it plak dêr’t dit orizjineel publisearre is.
  7. e ynstjoerder jout troch yn te stjoeren tastimming;
    – dat syn of har liet publisearre wurdt op de webside fan Krúspunt, mei fermelding fan alle auteursgegevens.
    – dat syn of har liet publisearre wurdt troch Krúspunt, op pepier, digitaal of yn in bondel, mei fermelding fan alle auteursgegevens
  8. De ynstjoeringen sille hifke wurde troch in saakkundige sjuery, dy’t alle jierren beneamd wurdt troch it bestjoer fan Krúspunt, en dy’t bestiet út in musikus, in letterkundige en in téolooch. Yn prinsipe wurdt alle jierren ien sjuerylid nij beneamd, en kinne sjueryleden trije jier efterinoar meidwaan. Leden fan de sjuery en guon dy’t yn ’e organisaasje behelle binne binne útsletten as priiswinner.

Facebooktwittermail

Grutte Gedichtejûn op 8 febrewaris yn Marktzicht

Mear as tritich dichters fan alderhanne postuer, gender, tongfal en poëtika hawwe harren opjûn foar de Grutte Gedichtejûn dy’t Frysk literêr tydskrift Ensafh alle jierren hâldt.
De edysje fan dit jier sil plakfine yn kafee Marktzicht te Drachten. It kafee is de eardere jachtweide fan Rink van der Velde, dat de muorren binne al wend oan literatuer.
Ineke van der Heide sil foarlêze út it op ’e selde dei by útjouwerij Hispel ferskinend boek mei berneferskes Broek mei bûsen. Muzikale ôfwikseling wurdt fersoarge troch de Grunneger trûbadoer Bert Hadders.
Tagong ta de poëzymaraton is fergees. De jûn begjint om 19:30 oere, mar kom op ’e tiid, want it smûke kafee sit samar fol!

Facebooktwittermail