Gedichte-aven yn Sint-Anne op 31 jannewaris

Altyd op ’e lêste donderdeg fan jannewary fynt in de bibliotheek fan St.-Anna de gedichte-aven plak. D’r doen elk jaar ’n prot mînsen an met. Dut jaar is de gedichte-avend op donderdeg 31 jannewary 2019. ’t Begint om 19.30.

Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim opgeve fia info@bildtsaigene.nl, maar jim kinne ok even na de bibletheek belle (06-45657383) of even delkomme.

En ’t maakt niet út wer’t ’t gedicht over gaat. Ok niet at ’t Bildts, Frys of Nederlâns is. ’t Mâg ’n sels skreven gedicht weze, maar ok ’n al bestaand gedicht. Jim sien wel, wij doen niet soa moeilik. Hopelik doen jim dat ok niet en wort d’r niet stind en binne d’r weer ’n prot foordragers en foordraagsters fan de pertij.

Gedichte-aven yn 2018
Facebooktwittermail

Biltske Brunsj op 27 jannewaris yn Grou

Kommende snein organisearret útjouwer Eddy van der Noord (Utjouwerij Louise) yn it Grouster Sylsintrum in Bildtse Brunch. Hy fertelt dan wêrom’t er de Biltske bondel Ofskaid en útsicht (2018) sa’n bysûnder boek fynt en hoe’t de bondel ta stân kommen is. Auteur Hein Jaap Hilarides, by RIXT moannedichter fan jannewaris, sil in pear ferhalen, stikkys en gedichten foardrage. Byldzjend keunstner Hendrik Elings lit sjen mei hokker materiaal oft er de tekeningen makke hat. Syds Wiersma, âld-Grouster en dichter, sil inkelde gedichten oer ôfskied en útsicht foardrage. De muzyk wurdt fersoarge troch Hein Jaap en Hendrik. Sy spylje Biltske nûmers. Tuskentroch servearret Marleen Kelderman mei har meiwurkers waarme en kâlde brunsjhapkes. Lês fierder by De Grouster.

Klik hjir foar mear ynfo oer de bondel Ofskaid en útsicht.

Facebooktwittermail

Midwinterferhaletocht yn Warkum op 27 jannewaris

Op 27 jannewaris wurdt troch It Pottebakkershûs yn Warkum de Midwinterferhaletocht organisearre. Der wurdt mei de earste groep om 13:30 oere úteinsetten op de iuwenâlde skipswerf ‘De Hoop’. Dêrnei start om it healoere in nije groep oant 16:00 oere.

Nei de werf wurde jo nei ferskillende unike lokaasje brocht, lykas it rom fan in seilklipper, de stâl fan in pleats, de koken fan in histoarysk pân en de âlde smidderij.

Skriuwer en dichter Paul van Dijk sil optrede mei syn kompaan en skriuwer Thys Wadman.

Kosten binne € 20 euro de persoan. Der kin ek in Midwintermielsop servearre wurde foar in mearpriis fan € 7,50.

Jou jo op fia It Pottebakkershûs.

Facebooktwittermail

Libbensferhalen skriuwe mei Marga Claus

Ast mei dyn libbensferhaal oan de slach silst, of it libbensferhaal fan in oar fêstlizze wolst, learst dat it bêst en it gaust yn in groep. Ommers: by it útwurkjen fan de tema’s bringst elkoar op ideeën. Boppedat krigest net allinnich feedback op it eigen ferhaal te hearren, mar ek op dat fan de oare dielnimmers.

Yn de kursus aktivearje wy mei bepaalde oefeningen iere oantinkens. Thús wurkje de dielnimmers oan de opdracht, wêrnei’t de resultaten yn de les foarlêzen en besprutsen wurde. Dat liedt ta weardefolle petearen, mei in soad tips en trúks, en opbouwend kommentaar. Al nei in pear lessen silst fernimme dat de kwaliteit fan de teksten tanimt.
De kursus bestiet út acht byienkomsten, en is meastentiids in mjuks fan begjinners en trochsetters. Begjinners kinne nei acht wike eventueel meidwaan oan it folgjende blok.

Sjoch foar kursusdata en kosten op Sirkwy.

Facebooktwittermail

Temawykein ‘De see, de see’ op Skylge yn maaie

De see is in wichtige ynspiraasjeboarne foar de minske. Rêst, romte, wiidsheid, sinne, wyn, gouden strannen… Wy genietsje der fan en yn de literatuer en byldzjende keunst is de see in wichtich ûnderwerp. Yn it temawykein ‘De see, de see’ sille wy dy rol fan de see yn de keunst neier ferkenne.
Oan de hân fan in ‘wyntrochwaaid’ gebiet, Fryslân, leare wy hoe’t oanfanklik benammen de bedrigingen fan de see ûnderfûn waarden. Fan 1900 ôf oan ûntstie der in oare hâlding, wêryn’t de see in plak fan skientme, refleksje en in stapke tebek wurdt. Dy ûntjouwing yn ús hâlding wjerspegelet har prachtich yn de Fryske literatuer en keunst, tink oan Tsjêbbe Hettinga en Gerrit Benner. Yn inkelde lêzings, foardrachten en in kuier sille wy ús ferdjipje yn literatuer,  keunst en lânskip. Harkje en sjen, mar ek meidwaan oan it oersetten fan inkelde seegedichten fan Frysk nei Nederlânsk en oarom.

It wykein is fan 24 oant en mei 26 maaie en fynt plak op de Folkshegeskoalle op Skylge. Sjoch foar it programma op de webside fan Sirkwy of fan de Folkshegeskoalle sels.

Facebooktwittermail

Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands

Tsead Bruinja is justerjûn ynstallearre ta Dichter des Vaderlands. Hy folget dêrmei Ester Naomi Perquin op. De kommende twa jier sil er gedichten skriuwe by aktuele barrens en optrede as ambassadeur foar de poëzy. “As ik in middenposysje opsykje moat, dan fal ik yn ‘e sliep.”

It bestjoer lokwinsket Bruinja fan herten mei dizze funksje en winsket him in soad wille yn it ferfoljend dêrfan!

Hjir fine jo in wiidweidich fraachpetear mei Bruinja, dat juster op de webside fan de NRC publisearre is.

Facebooktwittermail

Fryske dichters op toernee troch Denemarken

De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t meidertiid by Utjouwerij Hispel útjûn wurdt.

Aarhus wie yn 2017 kulturele haadstêd, lykas Ljouwert ferline jier. Om dy reden hat de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ôfrûne simmer in lytse wike yn Ljouwert taholden. Dy gearwurking wurdt trochsetten, trochdat de fjouwer dichters útnûge binne troch Aarhus Litteraturcenter om nei Denemarken te kommen. Teffens is der in optreden regele by Poesiens Hus yn Kopenhagen. Fierders sille de fjouwer Fryske dichters yn ’e wike dat se yn Denemarken binne wurk oersette fan fjouwer Deenske dichters.

De útwikseling yn maart kriget yn 2020 in ferfolch, mei’t dan de tredde edysje holden wurdt fan it Aarhusiaanske ynternasjonale literatuerfestival: LiteratureXchange. Dy kear steane lytse talen en minderheidstalen sintraal en sil de dichtbondel, dêr’t yn maart in begjin mei makke wurdt, presintearre wurde.

Foto: Pieter Postma
Facebooktwittermail

Obe en de Keningin

Der binne filmbylden fan de Fryske dichter Obe Postma (1868-1963) opdûkt yn it Frysk Film Argyf, út 1952. Doe bestie de Friesche Maatschappij van Landbouw 100 jier. Obe Postma, kenner fan de Fryske lânbouskiednis, skreau mei oan it jubileumboek. Op it feest yn de Harmonie waard er oan keningin Juliana foarsteld. Dy moeting stiet op de film oer de feestdei.

Sjoch de film hjir.

Frysk Filmargyf.

Facebooktwittermail

Lêzing oer Jelle Brouwer op 25 jannewaris

Prof. dr. Jelle Hendriks Brouwer (1900-1981) wie ien fan ‘e sintrale figueren yn de 20ste-iuwske Fryske Beweging. Begûn as dichter en as meiwurker fan de Provinsjale Biblioteek, wurke er himsels troch selsstúdzje omheech en waard er mei-oprjochter fan de Fryske Akademy, de earste prefester Frysk yn Nederlân (yn Grins), ynfloedryk direkteur fan de Fryske Akademy en stimulearjend organisator.

De wrâld fan it Frysk en de Fryske kultuer soenen der oars útsjoen hawwe sûnder dizze bysûndere boeresoan út Beetstersweach.

Ien fan Brouwers twa soannen, Hendrik, hâldt op 25 jannewaris in lêzing net sa bot oer de rol fan Jelle Brouwer as wittenskipper en bewegingsman, mar as heit en famyljeman. Prof. dr. Goffe Jensma (RUG) hâldt in koarte ynlieding oer de betsjutting fan Jelle Brouwer foar de Fryske kultuer en wittenskip.

De lêzing begjint om 15:30 oere op 25 jannewaris en fynt plak yn de Gysbert Japixcseal yn Tresoar (Bûterhoeke 3 yn Ljouwert). Yntree is fergees.

Facebooktwittermail