Op sneon 3 febrewaris is it gebou fan Tresoar fan 15.00 oant 18.00 iepen foar alle belangstellenden en wurdt de feestlike ôftraap jûn foar in grut oantal aktiviteiten. Oanmelde is net nedich.
15.00 Iepening troch direkteur Bert Looper fan Tresoar en start fan de poëzymasjine troch Eeltsje Hettinga, Machteld van Buren, Sytse Jansma, Hans Wijnbergen, Grytsje Schaaf, Elmar Kuiper, Irem Kaneli en Stijn Smit
15.30 en 16.30 Minikolleezjes ‘Quatrebras als Europees tijdschrift’ troch Bert Looper en ‘Visuele poëzie in Europa’ troch Ernst Bruinsma
15.30-18.00 trochrinnend Poëzyfantasy foar kreative âlders en bern
16.00 Iepening Histoarysk Reisburo troch Grutte Pier
16.30 Foardracht gedicht ‘de greate wrakseling’ (1963) fan Hessel Miedema troch Jelle Krol
17.00-18.00 trochrinnend Literêre peepshow
17.00 en 17.30 Minikolleezje troch gastkurator Frank den Oudsten
Sjoch foar mear ynformaasje op: http://www.tresoar.nl/agenda/pages/open-huis-bij-tresoar.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx
It Skriuwersboun is behelle yn it inisjatyf Wat ús Bynt. WÚB is in ynisjatyf om alle Fryske organisaasjes, dy’t kleur jouwe oan it eigene fan Fryslân, mei elkoar te ferbinen. Elts fan al dy organisaasjes jout ommers in eigen sfear oan wat de Fryske identiteit neamd wurdt.
WÚB wol yn krusjale sitewaasjes sprekbuis wêze, ried jaan, bystjoere en bytiden sels gongmakker wurde foar alternativen of oare mooglikheden, wannear’t in ynstânsje yn de knipe driget te kommen. Om earst in sterk fûnemint te krijen sil tiid en enerzjy stutsen wurde moatte yn in op priemmen te setten netwurk. Dêrfoar is 6 maart de ôftraap.
Mochten jo belangstelling hawwe om derhinne, dan kinne jo dat oanjaan by it bestjoer troch in mail te stjoeren nei: bestjoer@skriuwersboun.nl
Hjirby graach jo omtinken foar in oprop fan ús lid Talea Jansma oer har yn it Biltsk skreaune streeknovelle t Blauhuus.
Beste vrienden, U kunt in het voor intekenen tot 1 februari 2018 voor het in het Bildts geschreven streeknovelle ’t Blauhuus dat 1 maart 2018 in de verkoop komt. Opgave via de mail taleajansma@kpnmail.nl Verkoopprijs 12 euro nu 10 euro, contant Zelf ophalen op 24 febr. 2018 om 16.00 uur bij Café De Oasthoek, Oudebildtdijk 678 Vriendelijk groet, Talea Jansma
Dames en hearen, wy fan de sjuery foar Fersier in fers wolle jim ek nochris hertlik wolkom hjitte. Wy, dat binne keunstner en direkteur fan de Frisian Design Factory Albert van der Kooij (sit hjir foaroan), keunstner, dichter en sjonger Elmar Kuiper (dy’t hjir hjoed spitigernôch net by wêze koe) en ik, yllustrator Nina Peckelsen.
Lykas elke sjuery altyd wer seit, sis ik it ek wer: wy krigen de drege kar om út in hiel soad prachtige wurken mar trije winners te kiezen. We krigen der noch krekt gjin spul om. Dochs hawwe wy in lytse seleksje makke, dy’t wy no, mei in koarte útlis, foarlêze sille.
Fersier in fers senior-edysje
1. Ut wille troch Jentsje Fokkes út Koudum Dit wurk kin omskreaun wurde mei foaral ien wurd: subtyl. Der is keazen foar in sêft stikje út in fers oer in sêft bistke, útfierd op in materiaal dat dêr goed by past: natoerlik en waarm hout. De makker skreau al dat dit hout fan in âlde doar kaam. De tekening is ek subtyl en hast net iens sichtber, krekt as dy lytse moskjes yn de hage. Hiel fyn is de fersregel deromhinne skreaun, wêrtroch dit hiele wurk in lyts keunstwurkje wurdt: mei it materiaal, de subtiliteit en lytse boartlike eleminten (lykas it gebrûk fan de natoerlike knobben yn it hout), is dit mei rjocht de winner.
2. Psalm 90 troch Janke Dykstra fan It Hearrenfean As earste kinne we foaral oer dit wurk sizze dat it tige orizjineel is, om’t it it platte flak, mar sels ek it romtlike elemint oerstiicht; it is in keunstwurk dat in belibbenis bringt. It gedicht giet oer it alles omfetsjende dat de skriuwer fielt by syn leauwe, en sa’n keunstwurk past dêr dan perfekt by. Mei sfearbylden en muzyk op de eftergrûn is dit hologramkeunstwurk in bysûnder idee, mar neffens de sjuery is der noch genôch romte om dit idee noch folle fierder út te bouwen. Dêrom wolle wy graach dit wurk de twadde priis jaan!
Fersier in fers junior-edysje
1. Paradysfûgel troch Yaling van der Werf, fan it Bogerman yn Wommels Oer dit wurk wie de sjuery it daalks iens: dit is de winner! Yn dizze yllustraasje is mar ien fersregel útskreaun, mar yn de tekening sitte eleminten út it hiele gedicht. De komposysje is prachtich, en der is goed neitocht oer it gebrûk fan kleur. De felle kleuren op de foargrûn, mei as kontrast de sombere kleuren op de eftergrûn. It hiele flak is brûkt, en ek de typografy is prima yn oarder.
2. Proefrit troch Sarina Huijser, fan it Nordwin yn Snits (net yn de seal) Dit wurk falt foaral op troch it enoarme en prachtige eksperimint mei lettertypes en typografy, wêrtroch it hiele flak fan it papier ek sûnder skrutenens brûkt is. Der is krekt noch in lyts bytsje romte litten foar in prachtige tekening fan in wol hiel hippe beppe, dy’t mei in soad jild en in flugge elektryske fyts samar nei Dútslân fytst.
3. Proefrit troch Marijke Kuperus & Janiek Kloostra fan it Dockinga College Dizze yllustraasje hat in hiel gedicht yn ien tekening witten te krijen, en der sa hast in lyts stripferhaaltsje fan makke. Der is goed gebrûk makke fan it platte flak, en mei in protte wille ferskillende materialen, lettertypes en stiften brûkt om sa in moai en grappich gehiel te krijen, dat oerienkomt mei de luchtige sfear fan it gedicht.
It Hearrenfean, 16 desimber 2017
Albert van der Kooij, Elmar Kuiper en Nina Peckelsen
Lykas ferline jier (wurdt it in tradysje?) sieten wy wer smûk yn de pittoreske Skierstins yn Feanwâlden. It tema wie ‘Reizgjen’, dat wy hienen skriuwer en muzikant Hein Jaap Hilarides útnûge om it ien en oar te fertellen oer syn ferbliuw yn Slovenië, dêr’t er ûnder de flagge fan Oare Wurden krektlyn twa moanne ferbleaun hat. Hy koe moai oer it lân sels fertelle en hoe’t er it ferbliuw sels ûnderfûn hie.
“’t Waar ’n psychologise roadtrip. Gaatst nadinken over dyn plak in de wereld. Je binne twee maanden alleen, dan komme der as fanself andere gedachten. Je realisere je om soa maar te sêgen je aigen bewustwezen. De rais waar ’n halve meditasy. Ik most skrivend út de gedachte komme.”
Hy lies noch in stikje foar út syn nijste boek Trekker fan Troje dat gie oer de studintetiid fan de haadpersoan, Friso, en syn broer Hero. In stik dat er eins earst net yn it boek hawwe woe, mar dat it wol helle hat. Wy koenen dêr bliid om wêze, want it wie smeudigernôch.
Nei it iten dat dik yn oarder fersoarge wie troch ’t Dûke-Lûk út Feanwâldsterwâl stieken de oare skriuwers fan wâl. De iene wie aardich langer fan stof as de oar, mar elkenien hie wat bestekliks te melden oer reizgjen yn syn wurk. Sa hat Lida Dykstra foar har boek Wenje yn in skilderij nei London west om te sjen hoe’t Alma Tadema by Regent’s Park wenne en hat se yngeand syn wurken bestudearre. Ien as Koos Tiemersma hat foar syn boek Under wetter Litouwen en in plak yn Dútslân brûkt om de ienfâldige reden dat er dêr earder west hie. Sietse de Vries relativearre it reizgjen trochdat elkenien tsjintwurdich mei it fleantúch oeral mar hinne giet en sa bydraget oan in fikse CO2-útstjit. Men kin it ek tichter by hûs sykje en yn ’e holle op reis gean. In elemint dat meardere skriuwers neamden. It wie nijsgjirrich om te hearren hoe’t oare skriuwers it tema ferwurken yn harren eigen wurk, mar benammen ek hoe’t hja it sels ûnderfûnen. In fraach dy’t noch hingjen bleau en dêr’t wy fierder op omkôgje kinne is oft in skriuwer ek iepener stiet foar oare plakken en ûntfankliker op reis giet as oare minsken?
Ljouwert – Sân nominaasjes meitsje kâns op in priis yn it ramt fan de wedstriid Fersier in fers, sa makke de sjuery juster bekend. Albert van der Kooij, direkteur fan Frisian Design Factory, Elmar Kuiper, byldzjend keunster en dichter, en Nina Peckelsen, yllustrator, hawwe har bûgd oer de ynstjoerings.
Yn it printeboek Stikel en it koartste paad nei Lange Prins kombinearret Janneke de Boer proaza en poëzij mei in eigen wize fan yllustrearjen. Boppedat hat it, fansels, in ferrassend fleurich ein.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.